Wêr wenne hokker folk
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Wêr wenne hokker folk ?

 

Hjir is in oersjoch fan de ferdieling fan de stammen dy't doe yn dy gebieten hearsken.

 

A: Friezen,

Friezen, Frisia oft Frisii, Germaanske Keltyske stam. De krekte grinzen binne net alhiel bekend, mar sa as boppe soe it west kinnen ha. Net alle gebieten wiene bewenne en de grinzen stiene net foar ieuwich fêst en feroaren nochal ris.

 

B: Cananafaten,

Ek wol Kaninefaten neamd, in West-Germaansk folk. Haadstêd Forum Hadriani (offisjeel Municipium Aelium Cananefatium) en op dy fundaminten is it tsjintwurdige Voorburg yn Hollân boud.

 

C: Bataven,

Batavii, Bataven oft Batavieren, West-Germaanske stam, wierskynlik ôfstamming fan de Chatten. Ofgod Hercules Magusanus.

 

D: Belgen, Romeinen oft Franken,

 

 

Sjoch ôfkomst printsje by: boarnen

 

E: Menapii,

Wennen yn it gebiet Schelde, de mûning fan de rivieren en de Belgyske polders. Wiene betûfte ymkers (menapii betsjut sokssawat as “minsken dy't bijen holden”).

 

F: Toxandriërs,

Dizze lytse stam, West-Germaansk, wenne yn it gebiet fan Brabân. Men tinkt dat der ek in soad Foederati's wenjen gien binne en dat de ynhiemske bewenners dêr yn opgien binne. Foederati's hiene net it Romeinske boargerrjocht mar wiene wol ferbûn mei de Romeinen en as der fochten wurde moast dan moasten hja ferplicht mei fjochtsje, oan de Romeinske kant fansels. (Foederati's en yn in fuort setting dêrfan Socii en Auxilia.)

 

G: Usipeten,

De Usipeten (of Usipeti) ferdrongen troch de Suebi's, wiene wol Germaansk, mar binne al gau yn de Franken opgien. Ha noch wol sa sadanich mei de Romeinen mei fochten yn Britanica (Ingelân).

 

H: Tencteren,

In Germaanske stam, situeare oan de rjochter oer fan de Ryn. Binne wol yn opstân kommen tsjin de Romeinen en dat wie meastal in geweldige krinking foar de Tencteren. Letter ha se it noch wol ris besocht nei't se harren feriene hiene mei omlizzende folken mei de selde útkomst. It wiene neffens berjochten bysûnder goede hynsteriders en sa danich holpen se de Romeinen ek wol gauris.

 

I: Sugambriërs,

De Sugambriërs wiene it meast wraaksuchtigste en striidlustigste ûnder de Germaanske folken.

 

J: Bructeren,

Wiene dielgenoat yn'e oarloch tsjin Varus yn it jier 9, yn it Teutoburgerwoud. Yn 307 binne Ascaricus en Merogaisus yn opstân kommen tsjin de Romeinen, mar dat is harren min bekommen want se binne foar de wylde bisten smiten yn de arena fan Trier. It stedsje Brochterbeck, Tecklenboarch, yn Dústlân is der noch in oantinken oan. It lân is letter oan de Chamaven ferfallen.

 

K: Chamavi,

Lykas de Bructeren wiene ek de Chamaven Germaansk, se libben yn it gebiet Eastlik fan de Friezen. De namme fan de streek Hamalân stamt noch út dy tiid.

 

L: Tubanten,

De Tubanti (oft Tubanten), wennen wierskynlik dêr wat no Twente hjit. It wie in Germaansk folk en se ha mei û.o. de Marsi, de Bructeren en de Usipeti's in ûnfoarstelber ferlies kind. Fiif jier nei it Varus fiasko fan de Romeinen kamen dy yn 14 efkes revâns heljen en dat hat in soad deaden koste. It folk as namme libbet noch wol yn Twente en omkriten mei de namme Tubantia.

 

M: Ampsivaren,

(oft Ampsivarii) In Germaanske stam yn it Noardlik streamgebiet by de Eems yn Dútslân en de namme betsjut wierskynlik “Bewenners by de Eems”. Earder binne se ferdreaun út it gebiet fan de Chauken.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis