Wêr komme wy wei?
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Wêr komme wy wei, wa binne wy?

 

Der binne meardere Mytologyske ferhalen en dy soene as parody op'e bibel skreaun wêze kinne. Om net te folle yn fantasy te ferfallen ferhaal ik der net oer, mar ik wol de nammen hokker neamd wurde wol neame. It binne nammen fan eardere lieders (?) fan de Friezen, hjir neamd as Folksmemmen, sa at se neamd wurde yn it Oera Linda Boek, in manuskript út ± 1860.

 

Frya 2194 jier foar Kristus (f.Kr.), nei't Frya ferdronken is by in grute oerstreaming is se opfolge troch Fasta 2194-2145 (f.Kr.), Medea, Thiania, Hellenia, Minna 2013 (f.Kr.) hie te krijen mei ynfallen fan de Finnen, Rosamond 1631 (f.Kr.) wie ferbûn mei de Kelten, Hellicht 1621 (f.Kr.), Frana 590 (f.Kr.) fermoarde troch de Finnen, Adela 590-559 (f.Kr.), Gosa 306-264 (f.Kr.),

Friso (?) (Adel I) 131-245 (f.Kr.), Adel 245-151 (f.Kr.) (Adel II Atharik 264) (f.Kr.), Ubbo 151-71 (f.Kr.) (Adel III Ubbo), Prontlik 60 (f.Kr.) oanwezen troch Kening Asinga Ascon.

 

De oarsprong fan de Friezen is nei al dy ieuwen net sekuer mear nei te gean en is op basis fan ferûnderstellingen en oannames net absolút. It ûntbrekt dêr tsjinoer net oan fertinkingen, giswurk en folksferhalen al oft net fan oerlevering.

 

Foar earste binne der minsken dy't oannimme dat de Friezen ôfstamme fan folken út it Noarden en Easten fan Jeropa, de saneamde Celten oft Kelten en Germanen, hokker harren fermongen ha soene en hjir dernei woartele binne. Op it droege diel fan Fryslân en op'e hegere gebieten (no Gaasterlân en Drinte). Dit soe dan de ferklearring wêze kinne dat de Hunebêden (Hunebêd oft Dolmen, yn't Gryksk foar: grut, stien) dêr benammen op'e “Hondsrug” yn dy tiid pleatst binne. Hunebêden binne grêven fan foarhinne, mar der lizze gjin minsken yn. Men tinkt dat de minsken yn dy tiid ferbaarnd waarden en dat de jiske wol yn (oft ûnder) it Hunebêd pleatst is. Fierder wiene it plakken om gearkomsten te hâlden.

 

Twads binne der minsken hokker oanhinger binne fan de oanname dat, neffens it folksferhaal, in Keningssoan út Yndië nei de dea fan Alexander de Grutte yn Fryslân delstrutsen is. De Keningssoan, Friso neamd, is út Yndië ferdreaun nei de dea fan Alexander. Hy is doe mei syn bruorren Saxo en Bruno, neffens it ferhaal, per skip yn it jier 313 foar Kristus yn Fryslân oan lân kommen en hat dêr Starum (de haadstêd) stifte.

 

Fryslân soe ek syn namme ûntliene oan Friso en de Saxers oan Saxo en de Brunswijkers oan Bruno.

En as tredde bin der ferhalen fan âlde skiednis skriuwers oer eartiids en dêrneffens soe Frizo mei syn gefolch ien fan de earste Fryske bewenners west wêze, sa'n 300 jier foar Kristus. Oft, nei oare ferhalen soe hy de bewenners fan doe fuortjage ha. Derby wurdt neamd wêr as hy weikaam. Frizo hie neffens dy ferhalen sân soannen hâwn ha en ien dochter. Syn frou Hil, is stoarn yn it kreambêd by de berte fan de dochter.

 

Dêrom hat Frizo syn dochter de namme Weemoed jûn. In soan, Hajo neamd, waard opperpryster en hie tasjoch op alle saken oangeande de Godstsjinst. In oare soan Aesgo neamd, wie rjochter boargerlike saken, oan syn broer Scholte wiene de hegere rjochtsaken tabetroud. Geale soe tasjoch hâlde oer de seediken en gewoane diken hâwn ha en Hetto waard troch syn heit Frizo nei Dútslân stjoerd om de Katten (in Dútsk folk) te bestjoeren. Dat folk hat de namme fan Hetto oernommen en neame harren no de Hessen.

 

Koart nei de komst fan Frizo soe syn soan Vito oft Jutte trouwe mei in dochter fan de kening fan Jutlân wêrnei dat lân no, neamd nei Jutte, Jutlân hjit.

Frizo is, nei in regear perioade fan achtensechtich jier stoarn en te Starum, as grûnlizzer fan dy stêd, begroeven. Sa as mei alle ferhalen út dy tiid is ek dit muoilik te achterheljen en op wierheid te kontrolearjen, mar it soe kinne, en it makket foar it ferfolch ferhaal gjin ferskil.

 

Seker is dat der ferskate folken ûnstien binne yn it gebiet wat wy no kinne as Dútslân en Nederlân en Denemarken en dat dat gebiet nea oars hjitten hat dan Fryslân (sa as wy it no neame).

Hiele stammen hiene hjir doe al in swalkers bestean oft hja begûnen harren te festigjen doe't de Romeinen hjir âlve jier foar de jiertelling foar de earste kear kamen. Fanôf dy tiid is der in hiel soad ynformaasje, om't de Romeinen histoarje skriuwers oft skiedskriuwers hiene, wêrfan Publius Cornelius Tacitus sûnder mear de bekendste is (56-117).

 

Fiif Germaanske folken yn'e 1e ieu nei Kr. wurde as groep Ingvaeones neamd ek wol Ingweonen, Ingaevones oft Noardsee Germanen. It binne Germaanske stammen hokker lâns de Noardsee kusten libben. Sa wiene der ek noch de Istvaeones en de Irminones, mei-inoar de West Germanen. De Friezen, de Angelen, Juten en Saksen hearden by de groep fan Ingvaeones. Der wiene wol ûnderlinge útwikselingen, oer fan alles en noch wat. Hja wiene etnysk en kultureel ferbûn mei-inoar en ek de talen fan dizze (Ing) folken hiene grutte oerienkomsten. Pas nei de grutte folksferhúzing binne de folken útinoar gien.

De rivier Eems oan de Eastside en de Reker oft Kinhem (by Alkmaar) oan de Súdwestside wiene doe de grinzen fan Fryslân. It hiele Noarden (fan wat no Fryslân, Greens, Drinte, dielen fan Dútslân, Oldenburg en dielen fan Oerisel Noard-Hollân en Sudersee) wie yn it begjin fan'e jiertelling it lân fan de Friezen.

It waard ferdield yn twa stammen, wêrfan de Grutte Friezen Eastlik en de Lytse Friezen Westlik fan it Vlie (wêr't no de Ofslútdyk leit) wennen. De Grutte Friezen hiene de Cauchen Eastlik as buorren en de Lytse Friezen hiene de Frisiabonen, Cananafaten, Batavieren de Marsaten en oare stammen as buorren.

 

Germania Inferior, wie in provinsje fan it Romeinske Ryk, sitearre oan de Súdlike en westlike kant fan de Ryn. Dan moat der tocht wurde oan Luxemburg, súd

Nederlân (Saksen en Bataven), in diel fan Belgje en Noard Ryn Westfalen. (tiidstip 90-481) Wichtige plakken dêryn binne Noviomagus=Nimwegen en Trajectum ad Rhenum=Utert, Castra Vetera, Xanten (Dl).

 

Germania Superior, wie it gebiet boppe de Ryn en it rivieren gebiet. De Romeinen kamen dêr wol, mar dan om belestingen te barren en om, sa as sij dat neamden, te foerangeren (lês iten te plonderjen).

 

 

 

Tebek nei Skiednis