Wenje oan en op it Waad
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Wenje oan en op it waad

 

De wenningen oft tinten wiene makke fan hûden, lof, sjêden, see-gers/wier en blêden oft strie gearstald, rêstjende op peallen. Yn it begjin libben minsken en fee yn de selde romtes, letter is dat feroare en wiene de ûnderkommens yn twaen ferdield. Yn de winter wie it wol lekker om by it fee te wêzen, want de bisten joegen waarmte ôf. Yn'e fee/wen buorkerij waard ek it iten klear makke en hiene se it fjoer dei en nacht oan. De reek koe fuortkomme troch in gat yn it dak. Fierder diene se alderhande wurkjes binnendoar en spile it libben fan it gesin dêr foar in grut part ôf. Om de hygiëne wosken se harren yn'e rivieren oft namen in bad en diene dat it hiele jier troch, kâld oft net.

 

Se libben behoarlik ferspraat dochs meastal groepsgewiis byinoarren op lytse oft gruttere hichten, de terpen. Faaks binne sokke kloften op in terp útgroeit ta doarpen.

Alhoewol in protte doarpen en fral de stêden fan lettere tiid binne.

 

In skriuwer letter oer Fryslân:

 

"Doch aenmerckt beminde Lanslieden, Godts wonderlijcke handt, 't gheen zee was oft ten minsten geen landt boven half, heeft God de Heere soo verandert. Uwe Voorouders waaren de armste lieden, van de wereldt, ghij soo weeldrigh en rijck.

Ghij bewoont nu een Paradijs, maer dat is in voortijden een arm ellendigh Wadt gheweest.

Gaet te rugh op die tijden, op eenen van soodanige Heuvelen, die als Eijlanden in 't water laghen: beschout een Hutteke van Leem, Biesen en Vischbeenen: de vloer binnen en buijten even goet, vuijl, slijckerigh oft sandigh: een eenig Ruim, gheene bedden, wat hoij oft stro, daer menschen en beesten bij malkander laghen, de kledinghe van Huijden een weijnigh genaijt, om eenighsins 't Lichaem te decken, de rest naeckt bij Winter en Somer: de spijse rauwe Visch, de dranck Water, de brandinge Aerde.

Dat was 't ellendigh leven van uwe Vooroudren, en soodanigh was dit van vruchtbaerheidt soo vermaert landt. Indien onse Voorouderen wederom mochten verrijsen, en sien haere kinderen, en 't landt gelijck 't nu is, sij souden 't niet ghelooven dat dit de selvighe Bodem waere, oft wij haere kinderen. Mochten wij eens in eene vertreckinghe der sinnen, de oude ghestaltenis aenschouwen, hoe souden wij verwondert zijn en Godt eere gheven, die van de Zee en de dorre sitlighe grondt ghemaekt heeft een coornrijck landt met machtighe Steden en volckrijcke Dorpen versien. Hij kan wederom het vruchtbaer landt veranderen in een dorre Bodem."

 

De Friezen hiene lang libbe yn ôfsûndering fan oare folken, wiene talryk en machtich wurden, doe't in wichtich barren plakfûn. Se kamen foar it earst yn kunde mei in frjemd en beskaafd folk. Want it wie de Romeinen noch net genôch, al mannich folk bemastere yn it Easten en Gallië (Frankryk), België en oare ek Germaanske folken oan harren ûnderwurpen, mar se hiene in ûnbegrinze honger nei útwreiding fan har gebiet. Se woene de Ryn stream as fersterkingsliny mei legerplakken beset ha en dêr woene se ek de rêstige Noardelike Germaanske folken by ûnderbringe! Hja slúten in freonskiplik ferdrach mei elkoar.

 

 

 

Tebek nei Skiednis