Wat ieten wy sa al?
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Wat ieten wy sa al?

 

It beskriuwen oer sa'n lang tiidrek fan de earste bewenners nei no is it beskriuwen fan rau iten nei sean iten. Fan de iere jagers en swalkers yn'e oertiid dy't ieten wat mar foarhannen wie. Letter ieten se alles wat it fee te bieden hie, sa as molke, bûter , tsiis, en fleis mar ek fisk. Fierder wat de jacht opsmiet, dat waard rau op iten oft, stadichoan mear, ta makke op it fjoer. De lettere lânbou opbringsten koene se wol efkes bewarje, mar farsk iten net. Om it iten al langer bewarje te kinnen waard it rikke oft droege yn'e sinne. Lytse bisten fongen se om letter op te iten, wat libbet wurdt net ferkeard. Iten sykje en klearmeitsje wie in dei lang wurk. Lânbou waard noch net in soad tapast. Inkeld op in stikje goeie grûn hjir en dêr foar wat griente, en fierders wie it iten wylde fruchten, planten, núten, poddestuollen, ferskate woartels, raap, koal, graansoarten sa as rogge, weet, wylde hjouwer, ek brûkt foar bier en brij.

 

Letter is der echte kweke weet út Ingelân en Itaalje ynfierd. De lânbou wie it terrein foar en fan âldere mannen en froulju hokker ek it húshâlden diene.

De jongere mannen wiene drok dwaande mei de wapenhannel de jacht en de fiskerij oft sieten neat te dwaan yn harren tinte oft wenning, klear om oarloch te fieren.

 

Op in fjurke yn it midden fan'e stee waard it iten klearmakke, in gat yn it dak soarge foar de reek ôffier. By rau kost kriget in minske genôch sâlt binnen, en it neidiel fan it gearjen fan iten is dat it oanfolle wurde moast mei sâlt en dat wie tagelyk it middel om iten langer goed te hâlden. (Sâlt hat, letter, sels in middel west om mei te beteljen.)

Alle fûgels kamen yn oanmerking om op de itenstafel te belânjen. Mar ek de bisten dy't se as húsbisten holden, sa as de gâns en de baarch waarden brûkt as miel. De feefokkerij bestie meast út hynders, kij, bargen, geiten, hinnen en skiep.

Njonken it gewoane slachtsjen wie der ek it rituele slachtsjen. Benammen tsjin de winter as it fee allegearre ûnderdak brocht wurde moast waard der nochal wat slachte. Sa hjit de novimber moanne noch altyd slachtmoanne en is Sint Maarten der in Kristlike fariant op.

 

Lyts wyld sa as fûgels waarden wol omwikkele en ynwreaun mei klei en yn it fjoer lein, as de klei hurd wie dan wie it fleis klear en dan waard dy stikken slein en bleaunen de fearen yn'e klei efter. As ienichst swiete stof hiene se húning en mei gêstewetter makken se de Goadedrank “Mede”.

De see brocht ek iten sa as moksels, kokkels,oesters en yn'e omjouwing wie bygelyks seekoal, “biestarwegras” en “lamsoor” te finen. Fierder ieten se wylde grienten, wylde beien, húning, en aaien.

 

 

Tebek nei Skiednis