Wandasêge
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Wandasêge

 

De Wandasêge is in sêge, dêr't de skieding fan de eilânen Flylân en Tessel yn ferklearre wurdt. Yn de iere midsieuwen makke Flylân nei alle gedachten diel út fan it fêstelân fan Fryslân en siet oan de súdkant fêst oan Aailân, (Aailân is ek de namme fan in fjoertoer op Aailân/Tessel) dat tsjintwurdich in diel fan Tessel foarmet.

Letter ûntstie der in soal tusken Aailân en Flylân en yn de 13e ieu nei swiere stoarmen skiede it wetter de eilannen fan inoar en fan it fêstelân.

 

Yn it ferhaal is Wanda Foarstinne fan in Keninkryk dêr't Aailân en Flylân noch ien gehiel yn foarmje. Sy krige spul mei de muontsen dy't tsjin har sin yn in kanaal grave woenen. De striid rûn sa bot op dat har soan in muonts deade dy't tasicht hâlde by it kanaal. Dan docht bliken dat de muonts har ferlerne soan wie, dy't op trijejierrige leeftyd op in iisskosse yn de Waadsee fuortdreaun. En dat mei syn dea in âld ferflokken troch in tsjoender útkomt is.

 

De flok hâlde yn dat de see it keninkryk ferswolgje soe as ien fan de bruorren fan it keninkryk de oare deadzje soe. Fan ellinde stoarte de keninginne har yn see en ferdronk. Al gau krige de foarseine ramp syn beslach, grutte weagen sloegen de dunen wei bylâns it kanaal en de see streamde it efterlân yn. It keninkryk fan Wanda gong ferlern lykas yn de flok foarsein wie.

 

 

 

Tebek nei Skiednis