De slach yn it Tueutoburgerwoud jier 9
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De slach yn it Teutoburgerwoud yn jier 9

 

Arminius en Segemerus, twa keningen, namen meastal it foartou en dêrfan wie it wichtichste oandiel fan de Cherucen, in Germaansk folk dat oan it útstrekte lân oan de Elve wenne. De measte folken fan de Dútske gewesten ha meidien oan in oanslach op Publius Quinctilius Varus. Ek de Friezen en Batavieren woene wol dat der fochten waard foar harren frijheid, mar hja diene der sels net oan mei.

 

Hja stjoerden hierlingen (hulpbindes) om foar harren te fjochtsjen en mei te helpen tsjin de Romeinen, sûnder sels yn opstân te kommen. Arminius betocht in list, hy liet in lytse stam it Romeinske winterketier oanfalle. Fuort dêrnei holden se alwer op en smeekten hja om frede. Se seine dat der in opstân wie ûnder de Germaanske folken en dat se dêrom mei diene. Varus leaude dit ferhaal omdat hy tocht dat sa'n lytse stam net allinne in opstân begjinne soe.

 

En dat de troepen ûnder druk stiene. Dêrop woe Varus útgean om har te helpen, syn manskippen hiene de list troch, mar Varus leaude de Germaan en naam die fatale beslissing.

It plan wie om Varus, nei it Teutoburgerwoud te lokjen, in oarde tusken Kalkriese by Osnabrück en it fean sadat Arminius de swier bepakte kolonne yn de flank oanfalle koe en de Romeinen de kar hiene; de sompe yn oft tsjin de hichte op fjochtsje.

 

De Romeinen lutsen fier it Teutoburgerwoud yn en ferdwaalden. Sa koene de legioenen fan de Romeinen oerrompele wurde. Trije legioenen en in soad hierlingen, keaplju, slaven en belestinggarders fûnen dêr de dea. Guon ferhalen berjochtsje fan in

fiiftichtûzen deaden foar de Romeinen. Finzen nommen ridders waarden as slaven oan boeren ferkoft. De flechtsjende soldaten rûnen fêst yn 'e sompe wêr't se oant de lêste man ta ôfslachte binne.

 

De finzen nommen soldaten waarden sûnder oansjen dea makke, nimmen kaam dêr ûnderút. De deaden lieten se op it lân lizze sadat it ôfskrikke soe. De fjildslach duorre fan 9 oant 11 Septimber yn it jier 9 n.K. Hjiroan wie te sjen hoe grut de haat wie tsjin de Romeinen en dat der gjin rem siet op harren barbaarskens. Volumnius, hokker mei in pear ruters ûntkaam is, flechte nei ien fan de wol fjirtich oft fiiftich boude Romeinske kampen lâns de Ryn. Publius Quinctilius Varus makke sels in ein oan syn libben, hy koe it ferlies tadien oan it Romeinske leger net ferneare, en der njonken wie hy benaud foar de straf fan Augustus.

Sa gean it XVIIe, XVIIIe en XIXe legioen ferlern, it grutste ferlies fan de Romeinen ea en hja lutsen har werom op de Ryn, Keizer Augustus lykwols wie troch it mâle hinne.

 

 

 

Tebek nei Skiednis