Wy wennen op terpen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Wy wennen op terpen, mar hoe wie dat?

 

Terpen, neam it wykplakken oft vlechtbergen foar hoeder en fee, wiene needsakelik as it folk dochs op in plak wenje woe wêr as it eigentlik net koe. Wat de iere bewenners no krekt as motyf hiene sil wol in riedsel bliuwe. Benammen om't der romte sêd wie yn dy tiid om in gaadliker stee te finen. It lânskip is no gâns feroare en it is no oeral like fruchtber en terpen bin der noch amper te sjen.

 

Troch de mannige oerstreamingen waard net allinne de grûn fruchtber, mar ek stiloan heger en sa krige it Noardliker lân mear en mear de foarkar fan de Friezen. It wie wol gefaarliker yn it begjin, en it waard noch regelmjittich oerstreamd, mar troch it opsmiten fan terpen lâns de hiele kust waard minsk en fee dochs in bytsje beskerme. De terp bewenners ha altyd te krijen hâwn mei in stiigjende seespegel en dêrom moasten de terpen ek regelmjittich ferhege wurde. Der moast net fergetten wurde dat de seespegel tusken 400 foar Kristus oant syn berte sa'n twa oant twa en in heale meter leger wie as yn it jier 2000.

 

Sa is it foar te stellen dat der ploechjes mannen wiene dy't op ûndersyk gongen om oare gebieten te ûntdekken en guod oft beammen sochten, foar it op'e nij bouwen fan in wenning bygelyks.

Mei in boatsje oft flot gean se de rivieren del en sa komme se fansels koloanjes tsjin en as it net fjochtsjen waard dan wie der miskien wol hannel mooglik. De nedige beammen smiten se yn it wetter en namen se sadwaande mei. De mannen wiene dan tiden ûnderweis fansels en it wie altyd mar wer ôfwachtsjen wêr as se mei thúskamen. Sa wie it ek mei de jacht, dat wiene ek ûndernimmingen fan dagen oft wiken. Oer lân wie it wierskynlik ek wol mooglik op it hynder, rinnende wie it net te dwaan. Sa sille se troch de tiid hinne stilwei fierder kommen wêze en gebieten dêrfan as eigen gebiet beskôge ha. It sa ûntstiene gebiet krige de namme mei fan de ôfkomst fan de ûntdekker en sa waard de ynfloed fan dy stam ek grutter.

 

De gebieten rûnom de terpen wiene tige keal en sa fier as it each sjen koe wie it plat, útsein de terpen fansels. Troch de geulen yn it lân gie it op en ôfgeande wetter alle dagen twa kear.

 

De bosken, dy't der folop wiene, leine op in hiele grutte ôfstân fan de earste terpen.

It waard beboud mei wenningen en hutten, earst fan takken, riiswurk en liem, letter krigen de hutten mear de eigenskippen fan in gebou, en waarden se ek grutter. Se wennen yn lytse groepkes, yn famylje ferbân, mar der wie wol hannel, mienskiplike gearkomsten, feesten en help foar elkoar. It wiene lytse mienskippen hokker ticht by de natuer stiene.

 

Trochgeans wennen de Friezen oan'e wettergrins fan it Waad, mar ek fierder it wetter yn op'e terpen. Der wurd tocht dat de earmsten it fierst yn it wetter stiene en de rikelju op de hegere en mear ynlânske dielen wennen. It wie krekt as moasten de minsken hjir beslist wenje. In terp waard letter it Fryske wurd foar doarp. Doarp is nei alle gedachten in Nederlânsk lienwurd, en troch de opkomst dêrfan is Terp it wurd wurden foar de hegere wenplakken. Mar terpen (oft mienskippen, buorskippen) waarden ek wol wierden neamd, en sa bin der in protte doarpen hokker eindigje op wier, werd, wert, ward oft warden. In goed foarbyld dêrfan is bygelyks Ljouwert, Leeuwarden. It hjoeddeistige Ljouwert is lykwols fundearre op trije ticht byinoar lizzende terpen. Leowerd, Leoverdia, Liiewardensis oft sa as yn'e Romeinske tiid Lintarwde wie fan oarsprong in seestêdsje en lei oan de Middelsee. Yn dy tiid skine der rike en foaroansteande minsken wenne te hawwen. Troch ien oft oare oarsaak ha de trije terpen Aldehou, Nijehou en Hoek ferlitten west, mar troch opdolt ierdewurk út de fyfte ieu is it bewiis fûn dat minsken wer weromgien binne nei ien fan de trije terpen, yn dit gefal Aldehou. Oare gadingmakkers binne Heech-terp en Aldlân. Ut ûndersyk docht bliken dat dêr om't 500 wer huzen boud binne. In wein tsjil dat fûn waard is wierskynlik út dy tiid.

 

De fynsten dy't dien binne ferwize nei simpele bouwurken. Omdat der te min hout wie om mei te bouwen waarden de huzen foar de helte yn de grûn útgroeven. Dêrnjonken waard fan alles brûkt foar de bouwurken sa as reid en strie. It liket der net op dat der wer rike minsken wennen sa't dat yn de Romeinske tiid wie. Oare terpfynsten, lykas de saneamde keningsterp fan Winaam wienen folle riker oan fynsten. Ljouwert wreide him pas yn de njoggende ieu út as hannelsstêd.

 

Terpen waarden opsmiten troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir noch mear dong en de oerbliuwsels fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden.

Der binne ferskate soarten terpen: lege terpen sûnder bebouwing bedoeld as flechtplak foar fee, terpen foar in inkelde wenstee (hústerpen), en terpen foar meardere huzen (doarpsterpen). Op hús- en doarpsterpen stienen de huzen om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke, en stiet dy dêrom sintraal.

De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de dong fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten brûkt foar lânbou: hja wienen net sa wiet as it legere gerslân en troch de dong tige fruchtber.

Tusken Fly (it wetter tusken Den Oever en Surch) en Lauwers hawwe der wol mear as tûzen terpen west. Dit hawwe foar in part hústerpen west, dêr't mar ien pleats op stie, mar in oar part wie doarpsterpen. Guon terpen hienen plak foar in grut doarp mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan Ezinge dy't 24 ha. grut west hat.

 

De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan Hegebeintum dy't 600 f.Kr. al bewenne wie. No hawwe de measte terpen fan de earste generaasje oant de 1e ieu f.Kr. net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe oant de 8e ieu, it tiidrek dat Fryslân diel útmakke fan it Frankyske ryk, wie dat lykwols al sa.

 

Der binne sa nei alle gedachten fjouwer generaasjes fan terpen: fan 600/700 f.Kr., fan 200 n.Kr., fan 700 n.Kr. en fan nei it jier 1000. It oanlizzen fan de seediken makke dat der by de seestiging fan de fjirde generaasje al minder ferlet fan terpen wie, en nije terpengeneraasjes binne der net mear kaam.

Sa die de see stikken weinimmen en op oare plakken grûn waaksen. Dy legere plakken waarden bedutsen mei slib, wêrtroch de klaaigrûn ûntstien is.

 

Sa fier as it each sjen koe bestie it lânskip út wetterige dielen ôfwiksele mei skoarre oft kwelders, marren en puollen wat deistich troch it tij ûnder rûn oft droech lei.

It wie in woeste en ferwoestende natuer en in ûnfruchtbere oarde. Fryslân is foarme ûnder ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul hân op it Fryske lân. Swiere stoarmen en springfloeden ha betiden tige húshâlden oant djip it lân yn.

Permanente bewenning wie dan ek hast net mooglik. Hiel lang bleau it Noardelike diel sompich en bleatsteld oan waar en wyn en fandêr dat de earste Friezen yn'e simmer wennen op'e droechste plakken.

 

Hjerstmis en winterdei wiene se wol needsake om de hegere plakken op te sykjen lykas Gaasterlân, Opsterlân de Stellingwerven en Drinte. Dêr koene se feiliger oerwinterje, mar troch de sân-grûn wie it dêr folle minder fruchtber.

 

Fryslân wie ryk oan marren en fearten dy't by heech wetter fan 'e see, oerrûnen en dêrtroch wie it nedich om; oft nei hegere oarden te gean oft om terpen te bouwen om sadwaande net oerrompele te wurden troch heech wetter. It leit foar de hân dat it lân gauris oerstreamd waard troch it sâlte wetter. Hja ha wol besocht om diken op te smiten tsjin it seewetter, mar dy wiene net sterk en boppedat net heech genôch. Let sechstjinde ieu bin de diken ferhege en sterker makke om't de see jaan, mar foaral nimme kin.

 

De Friezen wennen yn West Fryslân en sa fierder Eastlik en dêrtusken wie it grutte mear Flevo en ferskate rivieren hokker yn de Noardsee útkamen. Sa as de Yssel, de Vecht, it Vlie, de Middelsee oft it Boorndiep, de Lauwers, de Hanse, de Aa de Fivel en alle rivieren streamden rjochting it Noarden, dêrmei paad sykjend troch de dunen.

 

 

http://commons.wikimedia.org/wiki/File:Hallig_Hooge_2005.jpg

Hallig Hoge

Bron: wikimedia.org/wiki/File:Hallig_Hooge_2005.jpg

 

De dunen rige, troch de woeste see opsmiten, waard no op plakken trochbrutsen en dêrtroch wie der no ek fanôf de Noardsee wer ôfbraak mooglik fanôf de seewarring. De see sloech no hiele stikken dún wei, dêrtroch ûntstiene der grutte gatten, hokker breder en breder waarden, en sa binne de eilannen foarme.

 

Doarpen binne foarme op sânbêden, klaairêgen oft slikrêgen dy't it earst droech leinen en sadwaande geskikt wiene foar bewenning en boppedat wie de grûn fruchtber wurden troch slib fan jierren oanfier. It is hjoed te dei ûnfoarstelber dat doarpkes oft stêden foarhinne oan de see leinen, lykas Berltsum, Ljouwert ensfh. en no in hiel ein it lân yn, oft fierder fan de see ôf lizze.

 

 

Tebek nei Skiednis