Fjildoerste Tabbo
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fjildoerste Tabbo

 

It jier 70 wie foar Fryslân in hiel lokkich jier, no dat de oarloch ûnder Civilis tsjin de Romeinen ta in ein kommen wie, en dat tagelyk de frede mei de Denen en/oft de Noarmannen wer yn oarder wie oangeande it seisjierrich bestân. Al dy oarloggen en al dat bloedfergriemen, oan beide kanten, hie oant no ta nutteleas west.

 

Ek om dizze tiid: 24 augustus 79 útbarsting fan Vesuvius wêrtroch Pompeii ûnder 4 meter jiske en pún en mear as 2000 minsken dea, yn Rome brekt in pestepidemy út, wetsfoarstel om it kastrearjen oft misbrûken fan harren lichum te ferbieden.

 

De friezen, hoewol fan rêst en frede genietsjend, koene de oarloch net lang bûten de doar hâlde. Tabbo, fjildoerste fan de Friezen ûnder Prins Dibbald Segon, en in rûzyeftich type, rekkommendeare sterk oan om in krústocht te begjinnen tsjin in moedich en sterk folk, de Sicambren. Dizze Sicambren wennen eastelik fan de Ryn, Westfalen, Berg en Kleefsland. Om har grutte mannichte hie Tiberus al in diel fan dat folk oer de Ryn set en sa wennen hja oan beide kanten fan de Ryn.

En je soene dochs tinke dat as de Friezen dy't Sicambren oanfalle wolle, se dy Sicambren útkieze soene hokker oan de rjochter oere fan de Ryn libje. Hoe't it ek betearde, dizze ûndernimming foel net goed want se binne ferslein mei in ferlies fan wol 500 man. En boppedat bin se werom jage nei Fryslân.

Dit ferlies luts Prins Dibbald him sa oan, dat hij akút syk waard. Dat hat him yn it jier 85 syn libben koste nei dat hy njoggenentritich jier Prins fan Fryslân west hat. Hy is plechtich begroeven yn Starum en omdat hy gjin soan hie hokker him opfolgje koe hat syn fjildoerste, Prins Tabbo, him opfolge.

 

Die liet al gau sjen hoe oarlochsuchtich hy wie. Nei it ferbûn mei de Romeinen tusken Cerialis en Civilis sleaten de Friezen en de hulpbindes harren oan by de Romeinske legers. Dêrby toanden se in soad moed, se fochten minstens sa goed as de Romeinen en stiene dêrom as goeie striders bekend.

Noch altyd wiene de Romeinen yn oarloch mei Brittanë om de Britten der ûnder te krijen. En ek op dizze tochten wiene de Friezen mei de Romeinen. It wie wol troch de útsûnderlike hulp fan de Friezen, û.o. omdat dy goed swimme koene, dat it eilân Angelessij, troch de Romeinen Mona neamd, yn it jier 79 oerwûn waard.

 

In stikmannich jierren letter diene de Friezen, Batavieren en Dútsers mei oan in ferneamde slach tsjin Brittanië. Yn it jier 86 hellen de Romeinen en Germanen sa'n grutte oerwinning op de Britten dat dêr wol tsien tûzen deaden op it slachfjild leine, mar dat de deaden oan Romeinsk/Germaanske kant ûnder Agricola mar op hûndert begrutte waard. Oft Prins Tabbo fan de Friezen ek mei dien hat oan dy slach is net seker, mar neffens historiën is hy fuort nei dat hy Prins wurden is yn it Italiaanske leger gien. It regear oer de Friezen thús liet hy oer oan in plakferfanger.

Tabbo hat 7 jier lang foar Keizer Domitianus tsjinst dien yn oarloggen en krige in protte lof dêrfoar. De skiednis skriuwers neame Tabbo wreed en in tiran en just dêrmei krige hy de gunst fan de Keizer. Dy't op syn beurt handich gebrûk fan him makke, ek al hie it steatkundich gjin foardiel, troch syn grouwelik en wrede jacht op de Kristenen.

 

Dêryn wie Domitianus neat oars as Nero. Doe't Tabbo yn it jier 90 oft 94 noch altyd meidie mei it Romeinske leger, wie Fryslân net beskerme en lei klear om oanfallen te wurden.

En dat wie ek de reden der in protte rôvjende en streupende bindes yn Fryslân om swalken. En sadwaande kamen de Gotthen, Denen en Noarmannen ek yn grutte oantallen om yn Fryslân te moardzjen, te plonderjen om der dêrnei mei de bút fan troch te gean. Tabbo wie thús tige winske en krige fan de Keizer frij om nei Fryslân te gean. De kweadoggers wiene allang fuort fansels en as hy dus wat woe dan moast hy nei harren op syk.

 

Tabbo sammele syn leger en gong oan boat, mar doe't de tocht troch fûle stoarmen en ûnwaar mislearre, soe hy fia lân de Denen wol efkes mores leare. Hoewol hy net ûnbekend wie mei kriichkunde, en drystmoedich en wreed wie, koe hy neat útrjochtsje

tsjin de Denen en is hy sûnder wat berikt te hawwen wer op hûs oangien.

Tabbo libbe dernei noch 30 jier en wie de lêste Fryske Prins om't de folgjende lieders in oare titel oannamen. De Friezen wiene, nei tweintich jier ûnder it regear fan Rome west te hawwen, no wer frij fan bûtenlânske twang. Nei de dea fan Tabbo, yn it jier 130 hat syn soan Ascon as Hartoch fan Fryslân him opfolge.

 

Hy stie bekend as in sêfte persoanlikheid en hie neat fan it oarlochssuchtige aard fan syn heit wat dat oangiet.

Ascon socht it oarlogjen net op, en woe him leaver ynsette om it libben fan de minsken om him hinne te ferbetterjen.

 

Ek om dizze tiid: Kristlike jier telling 115, Etiopyske telling 107-108, Hebreeuwske telling 3875, Hindoe telling 170-171.

 

Guon ferhalen gean der, dat om dizze tiid hinne (100-140) de Kristlike lear yn Fryslân wer wat begûn oan te lûken. Mar dat waard troch de opperpryster fan de Druïden, Sinne hjitten, keard en koe dêrom dus gjin trochgong fine.

Ut brieven út dy tiid, fan Keizer Trajanus, docht bliken dat it Kristen wêzen, bestraft wurde koe mei de dea. Ferskate Kristenen binne dêrom dea makke sa as ek Ignatius (Biskop fan Antiochië, Syrië, stoar yn 110 as gefolch fan tramtaasje) en Simeon fan Jerusalem. It wie net sa dat der warber efter de Kristenen oan jage waard, mar feilich wiene se ek net.

 

 

 

Tebek nei Skiednis