Slach by Flevum en Baduhennawoud
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De slach by Flevum (Velsen) - Slach by it Baduhennawoud

(Heilo 28 n.K).

 

Heilo ( Hillich Loo = Hillich bosk). Yn it (Baduhennawoud) bosk fan Heilo bin de Romeinen, yn de dêrnei ferneamde slach, ôfslachte en bin der wol 1300 fan harren deade.

 

Mar yn it jier 28 n.K. kamen de Friezen yn opstân tsjin de Romeinen. Want troch in sekere Olenniuss, guon neamden him Holle, waarden de rigels by it opheljen fan de skatting tige strang. Hy wie ek haadman fan in spesjale ôfdieling fan it Romeinske leger en Lânfâd oer de Noardelike gewesten.

 

Yn pleats fan de hûden fan harren eigen gewoane oksen, hokker se sa foarhannen hiene en wat altyd genôch west hie foar de Romeinen, easke Olenniuss de hûden fan wylde bollen, ek wol oerossen neamd. Dizze oksen kamen foar yn'e wâlden fan Fryslân en yn it útstrekte Hireinische bosk (Dútslân). Dy wylde oksen wiene folle grutter as harren eigen en ek wylder, wreder en tige gemien foar minsk en bist, sadat it fangen fan dy bisten ûnmooglik wie foar de Friezen. Alline de Dútsers hokker fan jongs ôf oan harren oefenen yn it fangen fan dy wylde bisten, koenen master oer harren wurden.

 

Olenniuss stie der op dat de Friezen in tal hûden fan dy oksen oerlangje soenen as skatting, weroan de Friezen net foldwaan koene. De Friezen moasten yn ste dêrfan harren oksen, pleatsen en lân oan dizze tiran ôfstean, ja sels harren froulju en bern waarden as slaven meinommen om oan de skatting te foldwaan. De Friezen klaaiden by de Romeinske Keizer mar dat smiet neat op. Dit wie it momint dat it hert fan de ûnderdrukte mar frijheid leavjende Friezen omsloech nei wraak.

 

Hja hongen de skattinginners op en brochten doe al dy Romeinen om it libben. De befelhawwer flechte nei de sterkte (fort) Flevum. Om'e nocht waard dit Kastiel troch de moedige, mar ûnbelearde Friezen yn'e kriichskeunst oanfallen en ynnommen. De Friezen ha net folle oan harren ferovering hâwn want foar't de Romeinen Flevum ferlieten ha se it wetter rûnom earst bedoarn mei û.o. deade hynders.

 

Doe't kriichshear, de pro-praetor fan “ ûnder-Germanië “, dit hearde gong hy mei fersterkingen fan syn eigen leger en in legioen fan “Boppe-Provinsje”, helptroepen fan ynfantery en cavelery nei de Friezen op syk. Hy farde fia de Ryn nei Flevum. De Friezen wiene al fuort lutsen op wei nei hûs. Lucius Apronius joech fuort opdracht oan de ruterij fan de Caninafaten en oare hierlingen om de Friezen yn'e rêch oan te fallen. Mar de Friezen gongen ek dy te liif. Gelokkich foelen de legers net tagelyk oan, oars hie it wol ris in ferlies foar de Friezen wêze kind. Nettsjinsteande de geweldige tsjinstân en tige grutte ferliezen bin de Romeinen en harren hierlingen gruts ferslein. Der wiene net iens mear genôch Romeinen om harren deaden te bedobjen. Apronius mei syn keurbinde holp Olenniuss tsjin de Friezen út Westergoa mar ferlear de Slach by it Baduhennawoud. Hja hiene wol 900 deaden en hokker noch yn libben wiene ha harren sels dea stutsen om't se benaud wiene foar de wraak fan de Friezen.

 

Keizer Tiberius wie bot misledige, mar doarde it net mei wapens te ferjilden en hold it ferlies geheim.

De Romeinske skiednis skriuwers foege by harren oantekens: “Sûnt dy tiid wie de Friezen harren namme swiid en ferneamd ûnder de Germaanske folken”. Dêrnei ha de Romeinen de Friezen mei rêst litten. Gnaius Domitius Corbulo hat it fort by Velsen letter hielendal wer op'e nij opbouwe moaten.

 

Ek om dizze tiid: Friezen krije harren ûnôfhinkelikheid werom, jier 30 goede freed Jezus wurdt krúzige, honger yn Rome.

Yn Rome hearsket in finansjele krisis en senatoaren en de hiele aristokratyske famylje binne ruïneerd.

 

 

 

Tebek nei Skiednis