Slach by de Boarne
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Slach by de Boarne

 

No wie Redbad swier oerrompele en koe sa gau gjin foldwaande maatregels nimme om him te war te stellen. Poppo wie as fjildhear, befelhawwer oer it yn'e gauwens byinoar fandele Fryske leger. Oan'e middelsee flak by Jirnsum troffen de legers inoarren en yn in fûleindich en bluodderich fjochtsjen sneuvele Popo en it grutste diel fan syn manskippen. Oer Popo oft Bubo oft Bobba is net iens sa folle bekend, bûten dat hy fjildhear wie fan Redbad, Kening fan Fryslân. Der binne minsken hokker tinke dat hy ek Kening fan Fryslân west hat, mar it wie yn eltsengefal in wichtich en fernaam man ûnder it regear fan Redbad. De úteinlike “Slach by de Boarne” is yn eltsengefal ferlern troch de friezen tsjin de Franken en dêrmei ha de Frije Friezen harren frijheid ek foargoed ferlern. De Franken plonderen dêrnei it gebiet en gongen fuort mei in soad bút.

 

Allinne it Eastlike gebiet is noch in skoftke frij west mar is letter troch de Frankyske Kening Karel de Grutte ynnommen. Karel Martel twong de beskamme Kening Redbad om de belofte om it Kristendom oan te nimmen, prekers ta te litten, de heidenske riten ôf te swarren en net as lêste, him sels dope te litten. Foldien en mei in dikke bút reizigen de Franken ôf.

De Franken oerrûnen no hiel Fryslân en fernielden bylden en alle timpels fan de heidenske ôfgoaden.

Karel koe oan Willebrordus kunde dwaan dat de wei iepen lei om it Evangeelje yn Fryslân te fersprieden. Karel Martel (Herstal 689-741 hofmeier) bedong dat njonken Willebrordus, de Biskop fan Sens, Wulfran neamd, ek yn Fryslân preekje soe.

 

Fryslân wie yn it ferline, noch mear as no, in wetter gebiet. Dat kaam benammen fan it Boarndjip wer troch plakken as Snits, Boalsert, Ljouwert en Berltsum bygelyks oan iepen wetter leine. It plak Utgong (no Berltsum) wie in libbendige “hannelsstêd” oft “havenstêd” en waard in soad oandien lykas Winsum. It Boarndjip wie de skieding tusken Eastergo en Westergo wêrfan Westergo yn ûntjouwing de wichtichste wie. En dat is fral, sa as wy no witte, te sjen wêr as de stêden mei stedsrjochten situeare binne, nammentlik njoggen min ofte mear yn Westlik Fryslân en twa yn it Eastlike diel. Yn it diel wat foarhinne Boarndjip wie lizze net sa folle doarpen. Troch it oanhâldende oanfier fan slyk waard it geandewei ûndjipper oant it op it lêst lân wie. De lêste stikken fan de mûning binne yn fases droech makke, it earste part wie it grutste diel tusken Berltsum en Alde Bildtsyl. In part begjin 1500 troch ynpoldering, it ûntstean fan de Alde Bildtdyk (Sint Jacobi Parochie, Sint Anna Parochie, Alde Bildtsyl en Vrouwen Parochie), in part yn begjin 1700, it ûntstean fan Nije Bildtdyk (Nije Bildtsyl) en it lêste diel yn rûn 1750 foarmjend nij lân en sa ûntstie it Bildt. Wat diels oerbleaun is fan de Middelsee, is de Swette, mar de kontoeren yn it lânskip fan it Boarndjip en de ynpoldering fan it Bildt binne noch altyd te sjen. It Bildt hat in eigen taal, it Biltsk en is in mjokstaal fan Frysk en Hollânsk.

 

Oarsaaklik is dat Hartoch George fan Saksen it bewâld hie oer Fryslân en hy út Hollân arbeiders helle foar de ynpoldering. Dy arbeiders binne dêr wenjen bleaun en is de, Frysk en Hollânsk, Biltske taal ûntstien.

 

 

 

Tebek nei Skiednis