Sân Frije Fryske Seelannen en de Noarmannen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Sân Frije Fryske Seelannen en de Noarmannen

 

Ek nei de woarteling fan it Kristendom yn Fryslân blieken de Friezen noch altyd in woast en rôfsuchtich aard te hawwen. De legers fan Fryslân koene, nei de oerwinning op de Hunnen en it oerwûne gebiet oant de rivier de Raab, wer mei rike bút op hûs oan, wachtsjend op de folgende oarloch.

Sa ferienige de Fryske Hartoch Ubbo, wenjende oan de Eems, him mei in ploech Noarmannen oft Denen foar in streuptocht yn Ingelân.

 

Nei oankomst yn Ingelân waard mei in diel de stêd York oermastere en twa oare bindes rôfden it lân fan de East- Saxers (Essex) mei in alles ferwoastende en neat earbiedigjende krêft. It Keningsgeslacht fan de East-Saxers is, op ien persoan nei, folslein ferneatige.

De Saxers, hoe faak ek troch Karel betwongen, wiene krekt as de Friezen noch lang hechte oan âlde goaden en harren gesteldheid yn frijheid en ûnôfhinkelikheid. Se kamen yn opstân fernielden Kristentsjerken en ferdreaunen oft deaden de prekers. Allinne Widukind en syn folk yn it Saxische gebiet bleaunen noch trou oan Karel.

 

De Steedhâlder yn it Elve gebiet, oansteld troch Karel, waard fermoarde en de Saxers stjoerden gesanten nei de Hunnen om harren te warskôgjen tsjin Karel. Mar Karel hie in brêge oer de Donau bouwe litten om dêr mei syn leger oer te gean en it gebiet fan de Hunnen leech te rôven.

De Friezen sochten krêft by inoar om sterker te wêzen en sa ûntstiene de San Frije Fryske Seelannen. It wiene sân aparte gebieten lizzend oan see, it earste Seelân lei tusken de Reker en it Flie (is letter West Fryslân wurden), it twadde Seelân wie tusken it Flie en de Middelsee oft it Boarndjip en befette Westergoa, Starum, Gaasterlân en Doniawerstal oft ûngefear de Westlike helte fan it tsjintwurdige Fryslân. It tredde Seelân lei tusken de Middelsee en Lauwers, it eastlik diel fan Fryslân, befetsjend Eastergo en Opsterlân, Utingeradiel, Haskerlân en Ӕngwirden. De Súdeastlike gebieten as Skoatterlânsk, Lemsterlân en de Stellingwerven foarmen mei it Noardelik diel fan Oerisel en Drinte it Greefskip Islegoa, it Fjirde Seelân. It Eastliker fiifde Seelân bestie út Gooregt, Hunsego, Fivelgo, Het Oldampt, Westerwolde, it Westerkertier en Reiderlân tusken de Lauwers en de Eems.

It sechste en sânde Seelân East-Fryslân, wie it gebiet tusken de Eems en de Wezer wylst de Jade de grins tusken beide wie.

7 frije seelannen Fryslân

Bron : Encyclopedie van Friesland, t.a.p., p. 712

 

It wie mear in ferienings ferbûn fan de Seelannen, tsjin frjemde oerhearskers en Leenheren. Jierliks wie der in gearkomst, eltse earste Tiisdei nei it Pinksterfeest, mei de sân Fryske Seelannen om kwestjes te bepraten en iendracht te befoarderjen.

 

It plak wer as de gearkomste plak fûn neamde men de Opstalbeam. Yn Aurich East Fryslân (Dl) stiet hjoed te dei noch ien. Yn it midden sieten de oanstelde rjochters en dêr omhinne de ôffeardigen fan de Seelannen. As in foarstel goed kard waard dan kledderden se mei de wapens en as it net oan stie oft besprutsen wurde moast, dan grommelen se wat. Alles oerienkomstich de gebrûken fan de âlde Germanen.

 

Ek om dizze tiid: it papier meitsjen komt oer fan Sina wêr se dat al 700 jier koene.

 

Yn 793 hie Fryslân wer te leien fan in oerstreaming werby ek wer in protte minsken en fee ferdronken binne. It wetter wie dernei wer gau fuort en it reinde fûleindich sadat it sâlt ek sa wer fuort spield wie fan it lân. Dit joech mar wer oan dat de wetterkearing net folle die dus nedich ferhege wurde moasten. Sa wie it ek mei de terpen wêrfan guon ek ferhege wurde moasten.

Yn 794 ha de Noarmannen wer húshâlden yn de Fryske kontreien, mar se binne ôfgongen en tige fernedere binne se wer nei harren lân ôfset.

Karel de Grutte hat nochris besocht om de mei in hiel grut leger de Saxers der ûnder te krijen. Dizze kear wie it de muoite net wurdich want se joegen harren fuort oer en smeken Karel om ferjouwing. Karel struts syn hân oer syn hert, mar liet foar de wissichheid wol de jongelingen fan de Saxers ôffiere nei it Flaanderlân. Mar de Saxers wiene hurdlears en begûnen it jier dêrop wer in opstân tsjin de Franken, no waard Karel tige lilk en liet sa'n tritichtûzen mannen delsabelje. Hy liet harren lichem oan beammen lâns de dyk ophingje en guon hollen op staken stekke. Alles wat útnaaie woe waard dea slein.

 

De Friezen holpen Karel by dizze moardnerij om't de Saxers de Friezen in kear stikke litten hat by in opstân tsjin Karel de Grutte. De Denen kamen sa no en dan om by de kust lâns te streupen en de bewenners te tramtearjen mei rôvjen, brânstifting, moard en ferkrêfting. Withoefaak binne de Noarmannen oft Denen ferjage troch de oarlochs boaten fan de Friezen hokker útfarden út Starum, Dokkum oft Ezonstêd dy't dan wer húsholden yn Denemarken en faaks mei sukses. En sa bleau it lang ûnrêstich lâns de Fryske kust.

 

Ek om dizze tiid: vikingen gean oan lân yn Ierlân.

 

 

Tebek nei Skiednis