Rome yn'e brân
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Rome yn'e brân

 

Dibbaldus Segon, (de jierren 62 oant 68 n.K.) in Prins mei twang ta bemastering, hat nei it hjit yn it Easten, it lân fan de Chauken, en fierder ynlânsk syn lok besocht mei wapens. Dêrmei hat hy grutte ferwoestingen oanrjochte en rôve hy wat hy koe, ek op see en hat hy de folken dêr grut neidiel brocht.

Dy folken dêr sochten op harren beurt help by de kening fan Denemarken. Dit wie de oanlieding dat de Denen oft “Noarmannen” Fryslân oanfallen ha en it lân plonderden en leech rôven. De ferhalen gean dat hja dat wol seis jier efterinoar dien ha en eltse kear op de selde wize, wêrnei hja mei de bút ôfstutsen.

 

Op 19 july 64 n. Kr. stie Rome foar de helte yn'e brân en Keizer Nero liet dêrom in stikmannich Kristenen oppakke op fertinking fan brânstifting. Troch de oanstjitlike ôfkear fan Kristenen hat hy dêr in hiele kloft fan foar de liuwen smiten oft libben ferbrâne litten as fakkels yn syn tún.

Mar de brân wie wierskynlik ûntstien yn de winkels hokker ûnder de houten tribunes boud wiene fan Circus Maximus. Der wurd ek sein dat Nero it fjûr sels oanstutsen hat omdat hy graach in nij stikje Rome bouwe woe, wat dan syn namme krij soe . Rome bestie út 14 wyken en fjouwer dêrfan wiene net skeind, fan trije wie neat mear oer en fan de oare sân wyken stie net folle mear oerein.

 

De heale stêd wie fan hout boud dus dat woe wol baarne. It fjoer sloech oer nei njonken lizzende wenningen en sa ûntstie der in keatling reaksje, wer as 20.000 minsken by om kamen. Mar net allinne wenningen, ek paleizen wiene net feilich foar it fjoer.

It baarnde seis dagen lang en doe hat it fjoer efkes út west mar it begûn letter wer.

 

 

Tebek nei Skiednis