Redbad en Willebrordus
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

 

Redbad en Willebrordus

 

Nei ferrin fan sa'n tolve jier kaam lykwols Pepijn fan Herstal mei in machtich Frankysk leger om it ferlies werom te heljen. It slagge him om de lannen Súdlik fan de fan de Ryn wer te feroverjen. Yn in gigantyske fjildslach by Dorestêd en nei in fûleindige striid yn 689, fersloech Pepijn de wylde Fryske Kening Redbad. Pepijn krige sadwaande alle gebiet Súdlik fan de Ryn wer yn syn besit. Mar Redbad krige in djoere tsjinslach by Dorestêd, Fryslâns grutste hannels delsetting op dat momint, te ferwurkjen.

 

Redbad hie hjirnei noch in tsjinslach te ferwurkjen want ek Wiltenburg (Utert) rekke hy kwyt. Pepijn ferovere de stêd en alle omlizzende plakken, mar ek it Fryslân Westlik fan it Vlie. Sa moast Redbad ek syn wenplak Medemblik ferlitte en ruile it foar Starum. As gefolch fan dit ferlies waard Redbad twongen om him te skikken nei de easken fan Pepijn. De eardere ferjage prekers fan it evangeelje, koene no wer oan it wurk om it geloof te ferkundigjen yn it eardere lân fan Redbad en de Friezen.

Ingelân stjoerde ek sa'n tolve prekers fan Angel-Saxische komôf nei Fryslân. Ien fan harren, de apostel Willebrordus gong earst nei Pepijn om syn stipe te krijen. Pepijn joech dizze misjonaris in âld fort, no de stêd Utert, as stipepunt foar syn missy. Willebrordus waard letter Biskop fan Utert en Ierdbiskop oer de Friezen.

 

Dêrtroch koe Willebrord yn Utert op'e nij begjinne de tsjerke te bouwen, om dêr letter in Bisdom fan te meitsjen. Tsjerken waarden no oeral boud, fan Vlaardingen oant Heilo ta en ek it ûnderwiis krige no foarm. De Noardlike streken wiene sa ûntagonklik dat it benammen muoilik wie om Fryslân te berikken. Willebrord wurdt de Ierdbiskop fan de friezen en syn haadsit is Utert.

 

Redbad waard twongen om him der ûnder del te lizzen dat it wurd frij ferkundige wurd en hy moast Willebrord beskermje by syn wurk. Dat wie de oerienkomst tusken Redbad en Pepijn ûnder twang. Dat hold yn dat Willibrord syn gong gean koe en der gjin heidenske rituelen holden wurde soene.

 

Fierder slúte Redbad en Pepijn in bestân en trout syn dochter Thiadsvind mei de soan fan Pepijn, Grimoald, yn 695.

Dat de yn Ingelân berne mar oprjochte Fries, Willebrord, de taal fan de Friezen sprekt is moai meinommen. Yn dy tiid hie de stam en taal grutte oerienkomsten mei Ingelân om't der kloften Friezen nei ta gien wiene. Hy, Willibrord likene de meast geskikte man om de Friezen “om” te krijen en is al yn't foar yn Rome (696), beneamd ta Ierdbiskop.

 

De tawijing fan de apostelen wie om de ôfgoaden út Fryslân te ferbannen. Redbad hold him net oan'e ôfspraak mei Pepijn. De preker Wigbertus liet op Amelân ferskate ôfgod timpels ferneatigje en waard dêrom op befel fan Redbad om sjippe brocht.

Redbad bleau ôfkearich fan it Kristendom mar koe net keare dat syn eigen dochter Thiadsvind dat geloof oannaam, har dêrom dope liet. Redbad die net allinne alles om it Kristendom te kearen, mar hy besocht ek hyltiid wer om ûnder it gesach fan de Franken wei te kommen. Sa waard fjildoerste Gerlacius út Warns mei in leger nei Utert stjoert om dy stêd wer yn te nimmen. Mar it pakte efkes oars út want Gerlacius waard dea makke, en it Fryske leger yn'e panne hakke. Opjage, flechte Redbad oant djip Fryslân yn en Pepijn gong beladen mei bút nei hûs.

Der wurde wer terpen ophege yn Fryslân want it wetter stiicht en dêrtroch bliuwt it op'e terpen net mear droech. Dit is al sawat de tredde kear dat dat moast.

 

Ek om dizze tiid: de kapel St. Aubert op de Mont Saint Michel is ôf der kinne sa'n hûndert gelovigen bidde.

 

It ferdrach tusken de Kening fan de Franken en Kening fan de Friezen wie wif, mar omdat Pepijn de hannen fol hie yn eigen lân, ûndernaam hy neat om Redbad de broek oan te mjitten. Nei it houlik fan Redbad syn dochter mei de soan, Grimoald, fan Pepijn van Herstal en Plectrudis is Pepijn grutmaster wurden oan it hof fan Neustrië wêrt letter syn soan de alve jierrige Childebert ta Kening kroane is.

Yntusken waard Biskop Lambertus fan Lûk op fersyk fan Pepijn fermoarde omdat dy beswier hie op syn libbenswize. By it grêf fan Lambertus bidde Grimoald om betterskip foar syn sike heit (Pepijn), mar is op dat plak in 714 in de buert fan Maastricht fermoarde troch de Fries Rantgarius.

 

Pepijn bekaam efkes en liet doe alle dieders oan de moard op syn soan ombringe.

Hiel wierskynlik is Thiadsvind, de dochter fan Redbad, hjir ek by omkaam. Hjirtroch is de haat tusken Redbad en it geslacht Pepijn noch grutter wurden. Pepijn stoar yn it jier 714 neidat hy Theodebald, de 2e soan fan Grimoald, oansteld hie as Grut Hofmaster fan it West Frankische ryk.

En syn neilittenskip gong nei syn eigen soan Karel Martel (Grimoald l 615-657, opfolger, Pepijn ll van Herstal 635-741 hofmeier fan Austerasië, opfolger Karel Martel 689-741).

Redbad bleau de Godstsjinst tsjin wurkjen en dêrom wie in algemiene ynfiering noch net oan'e oarder. Yn 714 stoar Pepijn fan Herstal en is opfolge troch Pepijn III de Koarte, Kening fan de franken, en hy wie noch net kâld oft Redbad naam de striid wer op. Redbad naam de âlde gebieten fan Fryslân earst wer yn, troch op slimme wize gebrûk te meitsjen fan reboelje by de Franken yn 715 oant 718.

It earste wat hy die wie op nei Utert en ferjage Willibrord en syn geastliken hokker nei Trier ta flechte binne. Ek Dorestêd falt sa wer yn syn hannen en wie hy wer master oer de Ryn. Lang hat hy dêr net fan genietsje kinnen want yn it jier 719 stoar Redbad nei in earnstige sykte.

 

Fanôf 720 wie it Fryske gebiet Westlik fan it Vlie (sis mar Seelân, Utert en Hollân) yn Frankyske hannen. De minsken dêr stipen de Fryske Kening net mear en ha harren oerjûn oan de Franken.

Safolle droege grûn wie dat net om't it measte troch ferheging fan de seespegel ûnder wetter lei. In stêd as Dordrecht wie doedestiids in eilân (Hollandse waard) en kaam krekt boppe it wetter út. It wie wol in wichtich hannels plak en dêr wennen ek de earste Greven. De Earste Greef fan West Fryslân (Seelân, Utert en Hollân) wie Theodore (Dirk) III fan 993 oant 1039.

 

Redbad waard oerhelle om ta in komplot te kommen mei it doel om wraak te nimmen tsjin Karel Martel (Herstal 689-741 hofmeier) fan it geslacht Pepijn. Hy die in leger oan boat gean en foer de Ryn op nei Keulen dêr wie ek de widdo fan Pepijn, Plectrude.

 

Ek om dizze tiid: 732 op 18 oant 25 oktober slach by Poitiers Karel Martel ferslacht Abdel Rahmân syn islamytysk leger en stoppet dêrmei de islam fanút Spanje.

 

De Friezen ha it lytse leger fan Karel praktysk hielendal ferslein en tôgen mei in grutte bút nei hûs. Oermoedich wurden fan dat sukses sammele Redbad in noch grutter legermacht en foege him by syn bûnsgenoat Raganfrid. Die gearfoege legers streupten no hiel East-Frankryk ôf. Ek Keulen waard oanfallen en ynnommen wêrnei't se nei hûs ta gongen.

 

Op dy weromreis (717) waard Raganfrid oerfallen en ferslein troch in leger fan Karel Martel, wat hy ferburgen hold en noch efter de hân hie.

Karel Martel stie der op, no't hy wat rêst brocht hie yn Frankryk, om ek syn fijân Redbad, Kening fan Fryslân op'e knibbels te krijen. Sa mooglik noch opnaait troch Willebrordus en oft oare geastliken, en brocht in grut leger nei Fryslân.

Nei in rêstich skoftke foel Karel Martel de Friezen wer oan yn 733 en kaam hy de boel wer rjocht te setten, mei in float oer de Aelmere en kaam by Jirnsum oan lân.

 

 

 

Tebek nei Skiednis