Kening Radbodusll en Karel de Grutte
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Kening Radbodus ll en Karel de Grutte

 

Ek de Fryske Kening Radbodus II toande syn ôfkear fan de Franken en Kristenen. De druk fan Radbodus wie sa grut (hy besocht meardere kearen om Utert yn te nimmen) dat Gregorius begûn te klaaien by Pepijn.

De Aquitanische (in gebiet yn Súdwestlik Frankryk) oarloch behindere Pepijn om krêftich te hanneljen tsjin de Friezen. Pepijn oerwûn hiel Aquitanië, mar fûn de dea dêrby yn septimber 768, en stoar Pepijn III. Dat makke in ein oan syn twang om dy Friezen mores te learen. Pepijn hie trije soannen, Karloman, Karel en Gillis. Karel (Karel de Grutte) wie doe 26 jier âld.

Syn soan Karel krige letter dat diel fan it Saksische Ryk, wêr't salang op past wie troch syn omke Karloman, de broer fan Pepijn. En Fryslân hearde ek ta dat diel.

Yn fergelyk mei oaren wie dizze Karel útsûnderlik lang, sa'n ien meter en fiifensantich, en dêrom neamden se him Karel de Grutte. Dit wie wol in neidiel foar de Friezen dat hy regearde oer Fryslân.

Om't hy sa fêsthâldend gelovich wie en pas troch in oanhâldende stipe fan Karel krige it Kristendom yn Fryslân syn bewoarteling.

De populêre Ubbo, in Fryske Hartoch ûntdien fan al syn foarrjochten troch Radbodus om't hy gelovich wurden wie, hie stil en from libbe. En út freze foar grime fan syn oanhingers, doarst Radbodus him net te deadzje oft te ferbannen.

 

Ek om dizze tiid: stifting fan Bagdad.

 

Yn Fryslân waakst de haadstêd Starum yntusken tige, en de timpel fan ferearing en de god Stavo wiene hjir behâlden bleaun. Troch harren geunstige lizzing oan it wetter wiene ek de stêden Ezonstêd oan'e Lauwers, Dokkenburg (Dokkum) de Ee en de stêd Uitgong (Berltsum) gâns útwreide en wiene feilich as lisplak foar de boaten.

It stedsje Wartens (Wartena) joech oan de Súdeastlike en hegere streken in frije trochgong nei de Middelsee en dêrmei nei de Noardsee.

 

Op in Ryksdei yn Worms (Dútslân) is besletten dat Karel mei in grut leger tsjin de Saxers oplûke soe om harren te bemasterjen. Flakby de stêd Osnaburg (Osnabrück, Dútslân) waarden de Saxers ferslein. Letter doe't de Friezen en Saxers tochten dat Karel yn in oarloch tsjin de Saracenen dea makke wie, ûntstie der noch ris in kear reboelje.

Yn 775 waard Fryslân alhiel oerwûn en ôfhinklik makke en kaam der in ein oan'e Keninklike regearingen troch de Friezen. Radboud II hie Widukind noch frege om help, mar dy hie de Friezen just hyltiid tramtearre en dat wie de Friezen min nei't sin en keazen de kant fan de Franken. Radboud flechte dêrop nei Denemarken yn 775. De Friezen waarden no twongen troch de Franken om mei te fjochtsjen tsjin de Saxers. Yn dy oarloch kamen mear as tachtigtûzen Saxers om it libben en moasten ek sy har ûnderwerpe oan Karel de Grutte. Pas yn 804 soe Karel de Grutte de Saxen en de East Friezen der folslein ûnder ha.

 

Mogelik, dat troch tadwaan fan de út Fryslân flechte Radboud II en Widukind, de Friezen foar de safolste kear pleage binne troch de Noarmannen.

Dy gongen oan lân yn West Fryslân en rôven, stiften brân en moarden op in ferskriklike wize, noch foar dat de bewenners harren op de oerfal ynstelle, oft ta ferwar komme koene.

 

Mar doe't se fan de skrik bekommen wiene ha de ferbiten Friezen de Noarmannen mei alle macht ferjage. Hja flechten en troch de haast moasten hja de bút wol efter litte. De Noarmannen kapten har ankertou en joegen harren ûnder seil. Sawat fjouwerhûndert Noarmannen waarden dea makke, mar ek de Fryske Ealman Jan Hermana út Minnertsgea.

Al de folgjende dei kearden de rôvers werom en farden lâns it Vlie en gongen oan wâl yn Westlik Fryslân en doe bigûnnen se dêr de doarpen te plonderjen en te ferbaarnen.

 

Hylpen en Koarnwert krige de measte ellinde oer harren hinne. Gelokkich wiene de ynwenners fan Starum sa moedich en talryk dat se de Noarmannen al ferjage hiene foardat de haadmacht fan de Friezen der oan te pas kaam. De Noarmannen flechten no wer, wer sûnder in protte bút, en fiif skippen moasten hja efter litte.

Karel de Grutte hie syn hannen fol oan de striid tsjin de Saracenen. Op de fjildtocht nei Spanje waard hy bystien troch Gondebald, in soan fan Aldgillis II, en sân tûzen fan syn bêste striders. Op de werom reis lykwols waard yn de Pyreneeën it Frankische leger troch Gasconjers (ynwenners fan Gascogne, stêd flakby Bordeaux, Frankryk) oerfallen en ferslein (slachfjild Roncesvalles, Spanje) werby ek Gondebald dea stutsen is.

 

Ek om dizze tiid: Olympyske spullen wurde foar it earst holden, yn ± 777.

 

Tidens de ôfwêzigens fan Karel, wiene de Saxers wer ris opstannich west, en rjochten yn in soad gewesten grutte ferwoastingen oan. Se moarden en stiften brân, ja oan Mets en Keulen ta! Deventer waard ek oermastere en de Kristlike tsjerke yn'e brân stutsen. Ek Súdlik Fryslân ûntkaam net oan de lulkens fan de Saxers tsjin it Kristendom en de Frankische Kening Karel de Saxen-slachter.

 

It gong poer bêst mei it Adelik geslacht Ludinga oft Ludingman. Yn 779 kaam Hajo Ludingman efkes nei Fryslân út Itaalje wêr't hy de Hartoch fan Venetië tsjinne hie. It foarjier dêrop reizge hy ôf mei Obbo Hermana (soan fan de troch Noarmannen fermoarde Jan Hermana) en syn eigen neven Tako en Feiko Forteman nei Skotlân.

Tsjinjend yn de oarloch fan Kening Achajus ûnderskieden sy har troch de moedigens en deugd. Op fersyk fan de Kening bleaunen Feiko en Obbo yn Skotlân, mar Tako en Hajo reizgen troch nei Venetië. Ek Botte Forteman ferbleau dêr wêr't hy him betûfte yn ferskate wittenskippen. De honger nei kennisse wie sa grut, ek nei Godsgeleardheid, dat fanút Venetië ferskate letter ferneamde geastliken nei Noard West Jeropa stjoerd waarden. Sa waard de Fries Wibo (oft Witho) yn 772 de earste Biskop fan Osnabrück.

 

En Hildegrim brocht it ta biskop fan Salingstêd yn East Saxen. De Fries Dethmar is Abt wurden yn in Italjaansk Kleaster, en Lugerus (oft Liudger 742-809) waard biskop fan Münster.

Gondebald, de njoggende Kening fan de Friezen, soan fan Aldgillis II, kaam nei de dea fan syn heit yn om-ende-by it jier 739 oan'e macht. Under syn bestjoer, nei it ferstjerren fan Biskop Willebrordus, is it Bisdom fan Utert tige groeit yn macht en oansjen. En dat benammen troch de jeften fan Gondebald. Guon lju skriuwe dat hy, mei achttûzen Friezen dy't Karel de Grutte holpen, by dy striid tsjin de Saracenen omkommen is.

 

Mar dat wurdt betwifele omdat, oantoanber, mei dizze Gondebald in ferwikseling makke is mei in Galidboder. Gondebald nammentlik liet twa soannen nei: Gondebald II en Johannes.

Omdat beide by it ferstjerren fan har heit noch net prate koene kaam Gondebalds broer, Rothad II út Denemarken om harren plichten sa lang wier te nimmen. Njonken dy twa soannen hie hy ien dochter, Tecla neamd, dy't de frou wurden is fan de Fryske Ealman Hajo Camminga.

Karel de Grutte ferdielde Fryslân tusken it Vlie en Lauwers yn de Greefskippen Eastergo, Westergo en Starum. Oannimlik is dat Karel de Grutte de Friezen net alhiel fertroude, fanwege harren stipe oan de opstannen fan de Saxers.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis