Oertiid
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

Oertiid, Prehistoarje, oft Stientiid

 

Yn 12 á 11.000 jier f.Kr. hat hjir in folk fan jagers en samlers omswalke, nomaden. Se libben yn lytse groepkes, want by de Tsjonger binne oerbliuwsels fûn fan prehistoaryske bewenners, mar de earste minske resten, fan sa'n 9000 jier ferline, binne fûn yn'e omjouwing fan Rotterdam. Dizze minsken hawwe, nei't oannommen wurdt, yn dizze omkriten jage op'e râne fan de iistiid nei in waarmer tiidrek. It is foar te stellen dat ús iere foarâlden fan út it Suden oft Súdeasten yn groepkes oft stammen dis kant út kommen binne, nei ferrin fan tûzenen jierren. (Sjoch ek by: Kelten) Fersille oer sa'n grutte romte hat eltse stam him op syn eigen wize ûntjoun. Dêrtroch is der in grut ferskaat ûntstien fan folken en dy ha derby harren eigen taal ûntwikkele. Sa koe it dus ek wêze dat, alhoewol se neffens hjoeddeisk ynsjoch ticht byinoarren libben, it iene folk praktysk noch yn'e stientiid libbe, wylst it oare folk, lykas de Romeinen al de post moderne tiid yn rûn wiene. It earste “makke” ark wie fan brûns rûn 2.000 f.Kr., it earste izerwurk kaam pas om de by 800 f.Kr.

 

Fan eardere jagers en swalkers nei minsken dy't bleaunen op ien plak omdat iten sjidde waard en bisten fokt. Troch ruiljen kaam de hannel op gong en sa ûntstie, folle letter, de ekonomy. No krigen se mear tiid en koene se ek oare dingen dwaan sa as potten bakke fan klei, de man gong jeien en de frou koe iten sammelje, foar klean soargje (hûden skjin meitsje) en it fjoer oan'e gong hâlde. It pottebakken waard troch jûn fan mem op dochter en troch de jierren hinne waard de kwaliteit fan dy potten better. Fan wat de froulju bakten waard in soad ferhannele, en sa fine se ierdewurk, by it opdollen, lâns de hiele kust. It giet dan faak om Frysk ierdewurk wat op grutte skeal fûn wurd.

 

Der wurdt oannommen dat it klimaat doe droeger wie as no en waarmer. Troch it ûndjippe waad kamen der lykwols grutte temperatuer ferskillen foar en koe yn kâlde winters it seewetter selfs befrieze.

De bisten wêr't de minsken doedestiids mei te krijen hiene wiene bygelyks de eland, ferskate soarten herten oft reeën, buffels, oeroksen, guozzen, skiep, kobisten, hinnen esfh.

700 oft 600 f.Kr. wurden de earste terpen opsmiten. De earste bewenners binne nei alle gedachten Germanen en oft Friezen west en ha harren hjir delsetten.

De earste plakken wêr't minsken harren fêstigen wiene iepen plakken en it leafst by in rivier of beek en op it doedeistiche waad. Dizze plakken binne letter útgroeit ta doarpen oft stêden. It lân waard doe noch faak oerstreamd en dêr kamen somtiden in soad minsken en fee by om.

 

De earste beskreaune oerstreaming fan de wadden en de Noardsee kusten is dy fan 838. It is faaks in gearrin fan hurde wyn en springfloed wat de oerstreaming sa earnstich makke. Yn'e oertiid wie de kust in soarte fan sompe mei hjir en der in droech stikje.

 

De Fryske lânbou hie in wikseljende opbringst troch it ûntbrekken fan diken om it seewetter te kearen.

Withoefaak gong de bougrûn foar jierren ferlern troch ien inkelde oerstreaming. Ek de earmoed en brek oan goed ark spile in grutte rol. Pas letter yn rêstiger tiden koene de Friezen harren dwaande hâlde mei it ferbetterjen fan de lânbou yn stee fan oarloch te fieren. Doe ha de bewenners diken makke, hiele dielen ynpoldere en om de safolle jier de diken ferhege.

De kust is yn it ferline oan feroaringen bleatsteld, ûnder ynfloed fan'e natuer. Pas yn'e lêste ieuwen bin der minskehannen oan te pas kommen en sjocht de kust der no min oft mear keunstmjittich út. Mar dêrom kinne wy hjir noch wol wenje, efter de hege feilige seediken.

 

 

Tebek nei Skiednis