Noarmannen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Noarmannen

 

It is gjin geheim dat de Friezen tige ûntefreden wiene mei Loadewyk want hy die neat tsjin de plonderingen fan de Noarmannen. Dy plonderen en tramtearren alle folken lâns de kust, ek fan de Dútske en de Frânske, en sa gong it no al jierren.

 

It soarge foar grutte earmoed en ellinde fan dy folken dy't om it hoartsje besocht waarden en ek de Kleasters wiene net feilich foar de kriminelen. Sa gong dit noch jierren oanien troch , wiene it net de Noarmannen, dan wiene it wol de Vikingen.

 

Noarmannen is de namme fan byinoar sammele ferskate noardlike folken, hokker allinne mar op rôftochten gongen. Vikingen dêrfoaroer wiene meast minsken fan ien stam hokker mear op ûndersyk gongen op harren boattochten en wiene dêrbûten skipbouwers en hannelers. Fansels sa as it yn dy tiid gong wiene hja ek wol op streuptocht, de namme Viking betsjut net foar neat “rôver”oft “piraat”.

Mei de komst ien foar ien fan Harald, Rorik en Godfried yn Fryslân, wêrfan Gofried selfs troch Karel de Dikke ta Hartoch fan de Friezen neamd is, wie de macht yn hannen fan de Denen.

Yn 846 wie der in bulte wjerstân west tsjin de Denen en wiene der swiere ferliezen ûnder de Friezen. Dat koe lykwols net behinderje dat Eastergo en Westergo tige te lijen hâwn hat en der binne hege brânskattingen oplein troch de Noarmannen. De Denen wiene hjir doe oppermachtich en hiene it Noarden opdielt yn lytse Keningrykjes.

 

Ek om dizze tiid: De moslims plonderje Rome de St. Pieter wurdt ferwoast, de gouden doarren stellen en grêven skeint.

 

De Noarmannen hearden dat harren thúslân oerfallen wie troch de Saksen en neidat se in soad minsken fermoarde en tsjerken yn'e brân stutsen hiene, binne se ôfset nei it Noarden. Sa ha se ek de Franken bestriiden, troch de rivieren op te farren en fan dêr út it lân te oerstreamen en te plonderjen.

 

Nei de dea fan Liudger (848-854), Biskop fan de stêd Utert, yn 854 is Hungerus (854-866) keazen. Sadat de iene Fries de oare opfolge. (De op ien folgjende Fryske Biskoppen yn Utert, Theodard (784-790), Hamacar (790-806), Hildegrim en Liudger (848-854) wie as beleanning oan de Friezen om't se sa fûleindich besochten om it hillige wurd te bringen en foar de trou wêrmei't se hyltyd oan de side fan Karel fochten hawwe.) Dizze foarkar behanneling wie net alhiel nei de sin fan de West-Fryske Greven. By de kroniken skriuwers fan dy tiid wiene de Friezen dêrom net al te populêr. Blykber ek fuort kommende út oergeunstichheid op de Frije Friezen.

Sawat alle jierren diene de Noarmannen ynfallen, en faaks noch faker, yn de Noardwestlike kust gebieten. Karel de Keale hat besocht om de rôvers ôf te keapjen mei goud en sulver.

 

Mar de westerske hearskers lieten har tsjin inoarren útspylje en om inoar te befjochtsjen, fregen se sels de Noarmannen om te helpen harren fijân te ferslaan.

Erik de Noarman dy't hjir nochalwat grûn en oare besittingen hie waard yn 867 troch de Friezen ferjage. Hy flechte nei Denemarken, sammele dêr in leger en kaam mei syn binde syn besittingen wer opeaskjen.

 

It wie in perioade fan striid om de macht tusken Karel de Keale, Loadewyk de Dútsker en de Noarmannen wêrfan de lêste it measte misbrûk/gebrûk makke fan brek oan lieding. En wer wiene der plonderingen, ferkrêftingen en brânstiftingen troch de Noarmannen. Hessel Hermana wie as Potestaat de keazen lieder en begûn fuort de Friezen te wapenjen en befochten sadwaande de rôvers. Tidens dy fjochterijen is Hessel swier ferwûne rekke, mar it slagge wol om de kriminelen te deadzjen of te ferjeien.

 

Trochdat Karel de Keale gear spande mei de rôvers en har hyltyd besocht om te keapjen wie Fryslân trochgeand it gebiet wat fertrape waard troch de Noarmannen. Rudolf, in neef fan Erik, mei in lyts Greefskip koe syn stelderijen net betwinge en plondere wat hy koe. En wylst de Deenske Kening Sigefrid besocht om frede te sluten mei Loadewyk kaam Rudolf mei in grutte float ûnder lieding fan Abdagus (as fertsjintwurdiger fan de Dútsker Loadewyk) om dat foar te kommen.

Rudolf easke in grutte skatting fan de Friezen, mar dy wegeren om't se ek al skatplichtich wiene oan Loadewyk. Rudolf wie poermâl en drige om alles en eltsenien te ferneatigjen en froulju en bern as slaven te meitsjen.

 

No wie der foar de Friezen gjin kar mear en moasten hja wol fjochtsje foar alles oft neat. It wie wer in ôfgryslike striid west, mar Rudolf wie dea. Neidat de Friezen noch sa'n achthûndert dea makke hiene flechten de oerbleaune rôvers. Se binne ynhelle troch de Friezen en nei ûnderhannelingen binne se sûnder bút en de tasizzing dat se nea werom komme soene ôfstutsen.

De rampen yn Fryslân namen somtiden bibelske foarmen oan, want yn 873 wie der in tige grutte pleach fan sprinkhoannen. Se frieten alles op, yn minder as tiid alle griente, gers mar ek alle beammen wiene keal. Nei in skoftke kaam der in útlanniche wyn opsetten en sa belânen alle sprinkhoannen yn see. Net lang dêrnei spielden al dy bisten oan op'e kusten fan Fryslân, wat in hast ûndraachlike stank meibrocht.

Dit hat in protte sykte ûnder de minsken brocht wêrtroch der ûnder de minsken ek in protte deaden wiene.

 

Ek om dizze tiid: Droechte by de Maya's en kinne it folk net mear itende hâlde, Michael I fan Bulgarije freget oan Paus Nicolaas I oft hy foar heidenske foarâlden heart te bidden en de Paus sei dat dat gjin inkele sin hie, yn Sina is drukwurk makke, ynwenners fan Eastergo deadzje Rodul en in tal Vikingen.

 

De ynfallen fan de Noarmannen gongen noch altyd troch, en op'e werom reis fan in plondering fan de Noarmannen yn Ingelân wiene se troch de wyn yn Fryslân bedarre.

De Friezen ha wol besocht om it ôf te slaan, mar dat is net slagge. De rôvers gongen mar troch, en ek Reinier I (Raginer Langhals) Hartoch fan Henegouwen hat harren befochten, is yn finzenis nommen mar hat him sels frijkoft. Oant Frankryk ta ha se jierren oarloch fiert, en Karel de Ienfâldige wie it sa sêd dat hy har mar in eigen lân joech, nammentlik Normandië.

 

Ek om dizze tiid: Oleg fan Kiev makket Kiev ta haadstêd.

 

Yn 885 is de Deenske Godfrid fermoarde troch Gerolf, Greef yn Fresonum (stamhâlder fan it earste “Hollânske hûs”), ien fan syn eigen hofhâlding. As tank krige hy lân tabedield yn fol eigendom.

Dit wie in omkearing yn'e ôfhinklikheid en dêrom krige Gerolf fan Arnulf (Kening fan Carinthia, East Francia 850-8 desimber 899) fan bliidskip dat Godfrid dea wie, selfs lân bûten syn eigen Greefskip wêrûnder hiele doarpen en landerijen mei Tiel as haadstêd.

 

Ek om dizze tiid: troch slimme pine yn'e holle ûndergiet Karel de Dikke Skedeltrepanatie oft Skedelboring waard yn âlde kulturen tapast by kranksinnigen men tocht dat troch in gat te boarjen de kwea geast út de holle wei gean soe.

 

Tsjin 900 oan wie Igo Galama II Potestaat oer Fryslân hy stelde wachten oan lâns it kustgebiet om te warskôgjen foar ynfallen fan rôvers, mar sy moasten de diken ek kontrolearje en sa nedich fersterkingen oanbringe (De alderearste “Dijkgraaf”?). De wachters by Ezonstêd krigen de swierste taak wat dat oangiet en hja krigen de folgjende rie mei:

"Haedet goede wacht tyan da Nordera oordt, want vuyt da grimma herna comt ws all quaed voort".

 

Yn 898 stoar de Fryske Biskop Adelbold I (Odilbaldus) en wurde opfolge troch de Fries Egibert, mar dy stoar al nei in heal jier en dêr foar yn it plak is al wer in Fries Radbodus keazen ta fjirtjinde Biskop fan Utert.

De Kening fan Dútslân, Arnold, wist mei muoite syn bûtenechtlike soan Loadewyk IV (bynamme “Het Kind”) as Kening fan Lotharingen erkend te krijen.

 

De Friezen Westlik fan it Vlie hearden dan by syn gebiet wylst de Friezen oan de Eastlike kant noch ûnder Arnold foelen. De Friezen holpen de Dútske Kening wol gauris om te fjochtsjen tsjin de Noarmannen en op syn tochten nei Itaalje.

Yn 899 stoar Arnold en is opfolge troch Koenraad I doe noch Hartoch fan Frankenlân.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis