Maloriks en Ferritus
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Maloriks en Ferritus

 

De Ryn wurd as natuerlike grins fêststeld tusken it Romeinske en it Fryske gebiet, mar de Friezen binne noch wol skatplichtich en bliuwe ûnder Romeinsk bestjoer.

 

Ek om dizze tiid: Caligula is ta godheid ferheven en makket syn hynder Incitatus ta senator.

 

Frisiavones neamden de Romeinen de minsken besuden de Ryn. De minsken dy’t fierder oer de Ryn wennen, en dus net ta it Romeinske Ryk hearden, waarden Frisii (Friezen) neamd. Yn 47 waard besluten om de Ryn ta ryksgrins fan It Romeinske ryk te meitsjen. De Frisiavones dy’t besuden de Ryn wennen, waarden dêrmei al yn it ryk opnaam, mar de Frisii net. Yn hjoeddeisk Fryslân binne dan ek gjin forten fûn.

 

Nei dat se yn it jier 47 n.K. wer ûnderwurpen wiene (wurdt Fryslân in fasalsteat) oan de Romeinen, namen de Friezen wer diel oan in opstân sa rûn 65 n.K. mei de Batavieren, mar die mislearre spitich genôch. Dernei is it lân yn fjouweren dield, it suden waard Romaansker en de taal Latyn. In stik lân dêr wer boppe sa rûn de rivieren, en in stik dêr wer boppe waard ûnbewenne holden. It fjirde gebiet wie Noardelik fan it ûntfolkte gebiet en dêr wennen de frije stammen, wêrûnder de Friezen. De taalynfloed wie yn it Súden it meast (Latyn), en boppe (Fryslân; de Germaanske talen) it minst.

 

Nei de dea fan Senator Sanquinius, waard Gnaius Domitius Corbulo Steedhâlder oft bestjoerder fan dizze lannen en yn it algemien oer Neder-Germanië. Syn earste wurk wie om de seegeande en rôvjende Chauken en faaks ek wat Friezen ûnder syn twang te krijen. Al hoewol hy net iepenlik mei de Friezen yn oarloch wie, kaam dit moai út om ek de Friezen wer efkes wat ynbine te litten. It waard stranger dan hja oant no ta went wiene.

 

Maloriks en Ferritus wienen yn de 1e ieu twa Fryske hearskers (ek wol Keningen neamd). Dêroer binne wy dokumintearre troch Tacitus yn syn Annales. Yn 58 woenen de Friezen harren festigje súdlik fan de Ryn. Dat wie Romeinsk gebiet en neffens de makke ôfspraken mei befelhawwer Corbulo nei ôfrin fan de Fryske opstân yn 28, wie it net bedoeld foar bewenning en seker net troch de Friezen. De Friezen koene kieze: it lân ferlitte of nei de haadstêd Rome ta gean om tastimming te freegjen by de keizer. De Fryske hearskers gongen doe nei Rome ta om keizer Nero Claudius Caesar Augustus Germanicus (neamd Nero, mar syn berte namme wie Lucius Domitius Ahenobarbus) te freegjen oft sy it lân brûke mochten foar bewenning. De keizer wie net yn Rome doe't de twa Fryske hearskers dêr oankamen. Yn Rome brochten sy in besite oan it teater fan Pompejus. Wat sy der te sjen krigen koene sy net echt wurdearje, mar sy hienen wol troch dat der yn it publyk wichtige minsken sieten.

De ienfâldige Friezen begriepen neat fan it frjemde skouspul dat dêr plak fûn. Op harren fraach wa't al dy minsken wienen yn net-Romeinske klaaiïng tusken de senatoaren, krigen sy as antwurd te hearren dat it gesanten wiene fan moedige folken en dat hja dêrom dizze ear krigen.

Dat it fertsjinwurdigers wienen fan folken dy't trou oan Rome wienen en har ûnderskieden hienen troch in heldhaftich optreden. “Gjin folk ûnder de sinne oertreft de Friezen yn moedigens en trou” anderen Verritus en Maloriks en se fûnen dat sy dêr ek ta hearden en gongen tusken de senatoaren yn sitten. Se joegen dêrmei oan grutsk te wêzen op harren ôfkomst. Keizer Nero koe soks wol wurdearje. It hie foar itselde jild oars rinne kinnen, mar de Romeinen koenen dy died fan ûnôfhinklikens wol wurdearje; Verritus en Maloriks krigen it Romeinske steatsboargerskip. Lykwols bleau it by dizze beneaming want de Friezen moasten it besette lân súdlik fan de Ryn ferlitte. In aksje fan it Romeinske leger makke in ein oan de besetting.

In pear stikken lân en fjilden wiene troch in pear Friezen, sûnder tastimming te freegjen oan de Romeinen, yn gebrûk nommen yn Neder-Germanië. Corbulo naam it dyjinge wer ôf en besliste wa it wol ha mocht en stelde de grinzen fêst, wêr as hja net oerhinne komme mochten. Mar hy krige ek it befel fan Keizer Claudius om him werom te lûken efter de Ryksgrins (Ryn).

 

 

 

Tebek nei Skiednis