Liudger
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Liudger

 

Liudger waard troch Karel (en net troch de Biskop) nei it Eastelik diel fan Fryslân stjoerd. Liudger, de earste misjonaris fan de Friezen, wurdt ûnterjochte ek wol de “folbringer fan de kerstening fan de Friezen” nei Willibrord en Bonifatius. Foar seker kin oannommen wurde dat hy foaral syn eigen belang tsjinne. Hy, Willehad en oare reisgenoaten wiene troch Karel de Grutte stjoerd om de Fryske ôfgodtimpels del te houwen en de bosken te ûntwijen. It wiene wiere rôftochten en se gongen fuort mei grutte bút. Doe't Liudger letter yn 805 Biskop fan Münster waard, mocht hy fiif Fryske gebieten hâlde. Dêrmei wie de “tsjerklike ienheid” fan Fryslân ferbrutsen. It wie no ferdielt oer de Bisdommen Utert, Bremen, Osnabrück en Münster. Liudger lei nea de Kleastergelofte ôf om't hy foaral hechte wie oan eigen besittingen.

 

Liudger wie eigentlik de apostel fan de Grinslanners en wie rûn 800 misjonaris yn Fryslân en fan de Saksen. Yn dy tiid wie Grinslân, Fryslân, en der wurd sein dat Liudger it wurk fan Willibrord en Bonifatius yn dat gebiet ôf makke hat, mar dat wurd ek wer bestriden. Liudger folge syn oplieding yn Utert en letter noch yn York (Ingelân), yn dy tiid de wichtichste geastlike skoalle fan Jeropa.

 

Yn, om en de by it jier 777 yn âldens fan 35 jier begûn hy syn apostel wurk en it wie fan grut belang dat hy de taal spruts fan de Friezen. Liudger is 67 jier âld wurden.

 

 

 

Tebek nei Skiednis