Lânshearen en Potestaten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Lânshearen en Potestaten (keazen lieders)

 

Magnus Forteman,

Fjildoerste fan de Friezen op de tocht nei Rome, it wie ien fan de foarrjochten fan de Friezen om ien út harren eigen fermidden te kiezen as de lieder.

Faaks waarden se keazen foar bepaalde tiid foar in pear jier oft sa, en se hiene in rie fan 18 mannen ta harren beskikking. Magnus is yn in striid tsjin de Saracenen deade en bysetten yn Rome en net lang dêrnei hillich ferklearre.

Focko-Taco Ludigman (819), hat it lân trou tsjin de Noarmannen beskerme.

Adelbrik Adelen (830), fan Seisbjirrum hokker in slach tsjin de Sweden by Kollum oerwûn hat.

Hessel Hermana (869-876), fan Minnertsgea, wurd as in drystmoedich man beskreaun, en dy't syn libben ferlear yn de striid tsjin de Noarmannen.

Igo Galema (876-910), besocht om de kusten te fersterkjen tsjin de oanfallen fanôf de kust.

Gosse Ludigman (986-1000), wenne destiids yn Starum en wreide de skipmakkerij út.

 

 

 

Tebek nei Skiednis