It ferrin fan de Friezen en Romeinen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

It ferrin fan de Friezen en de Romeinen.

 

Yn likernôch sa'n 50 jier foar ús jiertelling hie Julius Caesar in protte folken lâns de Ryn mei oarloggen bemastere oft fuort jage en nei syn dea die syn opfolger Augustus dêr net foar ûnder. Dy woe alles oerwinne op syn tochten en by tsjinstân fan de folken wie it faaks in bloediche striid.

Sa'n 15 jier foar ús jiertelling wie Augustus mei syn leger yn Gallië (yn Frankryk) om opstannige folken oan de Ryn, sa as de Sicambren mar ek oaren, de kop yn te drukken wêrnei hy grut ynhelle is yn Rome.

Dêrnei liet hy it oer oan Nero Claudius Drusus (Drusus, Drusus I, Nero Drusus, oft Drusus de âldere, generaal ûnder Keizer Gaius Julius Caesar Augustus 38 f.Kr. 9 f.Kr.) in foarsoan fan syn húsfrou Livia Drusilla. Drusus, fjildhear wurden, kaam al gau de Ryn del oant de Batavieren ta, hokker al sa'n tritich jier freon wiene mei de Romeinen.

Drusus liet in grêft oft kanaal grave tusken de Ryn en de Yssel om sadwaande makkeliker yn Fryslân te kommen. Dit kanaal dat fan Arnhim nei Doesburg rint, (Drusus liet eartiids wol mear kanalen grave en guon binne no faaks noch bekend as Drusus-grêft), is ûngefear achttûzen trêden lang. No koenen de Romeinske flotten dy't op de Ryn fearen troch dit nije kanaal yn de Yssel komme. Om sa troch nei it Flevomar, lâns de “Vliestroom” nei de Noardsee te komme.

 

Sadwaande koene se fanút de Middelsee, oeral, en dus ek yn it hert fan Fryslân komme om de Friezen oan de Romeinen te ûnderwerpen.

It wie fjildhear Drusus hokker 11 jier foar ús jiertelling mei dat doel de Ryn ôfsakke en de Friezen kennen leard hat. De Romeinen en de Friezen praten ôf dat de Friezen jierliks in tal ossehûden en mannen leverje soe foar it leger fan de Romeinen yn ruil foar in goede ferhâlding. De Friezen hiene dêrom neat fan de Romeinen te duchtsjen en waarden yn de tiid fan prins Segon, njonken de gewoane skatting, fierder net lestich fallen.

 

De Romeinen, mei Friezen en slaven út oare gebieten, ha yn Noard Jeropa ferskate kanalen groeven om rivieren te ferbinen sadat de float fan de Romeinen better en koarter troch de wetters yn û.o. Fryslân komme koe.

Hja wiene ek fan doel om sa lâns de Noardsee nei de Eems te farren om dêr de Cherusken, hokker tusken de Eems en de Elve wennen, ta ûnderwerping te twingen.

Yn it jier 12 f.K. kamen de Romeinen foar it earst yn Fryslân. Nero Claudius Drusus en de Frisii soene in oerienkomst slúten hawwe. De lytse friezen, hokker yn in grut part fan Noard- en Súd Hollân wennen, wiene al earder mei de Romeinen yn'e slach west.

De earste kear dat de Romeinen oer de Friezen hearsken wie dus op frijwillige en op ferdrachswize ta stân kommen sûnder oarloch. Dit barde sa'n tsien oft acht jier foar ús jiertelling. De Friezen wiene wol skatplichtich, mar Fryslân hat nea folslein by it Romeinske Ryk heard.

Op 8 jier f.Kr. gong Drusus fierder op syn tocht nei de Eems, holpen troch de Friezen, om't dy wisten fan de ûndjippe wetters en de loop fan heech en leech wetter. It wie wichtich om dat te witten want dêrmei holpen de Friezen de Romeinen tige. Op'e werom reis liet Drusus net fier fan “de mûning fan it Vlie” ôf , yn it noardwesten fan Fryslân in kastiel bouwe Flevo oft Castellum Flevum neamd (It hjoeddeiske Velsen) wert de soldaten legere waarden om de Friezen ûnder twang te hâlden en om in frije trochtocht te hawwen nei it Vlie. Hy wie in súksesfol Romeinsk militêr dy't in protte gearwurke mei syn broer Tiberius.

Hy stoar op 29-jierrige leeftyd yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) yn 9 f.K. op 14 Septimber, nei in ûngelokkige fal fan syn hynder.

 

Nei dat Drusus dea wie, krekt foar it jier nul, is syn broer Tiberius (letter opfolge troch Augustus) nei Germanië en Gallië stjoerd om de reboelje tusken dy folken en de Romeinen de kop yn te drukken.

In pear jier letter kamen de Chauken en de Bructeren (fan de Eems) wer yn opstân tsjin de Romeinen en dus moast Tiberius wer mei in float troch de Fryske wetters, wat Drusus 15 jier earder ek al die. Tiberius slagge der wer yn om de folken der ûnder te krijen en beneamde Saturnius as steedhâlder oer de noardelike grinzen fan it Romeinske Ryk, wêrnei as Tiberius sels oer Switserlân werom gie nei Itaalje. Quinctilius Varus is net lang dernei, troch Augustus ta opfolger fan Saturnius nei dizze kontreien stjoerd.

Yn dizze tiid waard der oarloch fierd tusken de Friezen en de Batavieren. Under oanfiering fan prins Asinga Ascon binne by in ynfal yn Batavië wol fiifhûndert Batavieren ferslein. Ascon is troch in pylk swier ferwûne rekke, dochs is hy op syn kastiel yn Starum stadichoan wer opknappe.

De Friezen hiene in soad bút, mar hiene wol sa'n trijehûndert man oan deaden.

 

Ek om dizze tiid: Hiele ierdske befolking (rûzing) fan 252 miljoen, yn Rome 1 miljoen, yn Sina 57 miljoen. Yn Rome: earste gebrûk fan rúten fan matglês.

 

 

 

Tebek nei Skiednis