Idsert Jetze
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Idsert Jetze

 

De soan fan Prins Diocarus Segon, Dibbaldus Segon, folge him op as Prins fan Fryslân. Dy waard as moedich mar tige oarlochsuchtich neamd. Hy beselskippe yn it jier 44 Keizer Claudius, op dy syn tochten troch Brittanje mei syn leger.

Ek Claudius Civilis, oerste fan de Bataven wêr as wy noch wol mear fan heare sille, en syn leger fan Batavieren, hat de Keizer wol bystien yn syn oarloggen.

 

Rûn dizze tiid, teminsten yn de earste jierren fan it regear fan Claudius, mar ek al yn it lêst fan it foargeande regear Caligua, skynt yn grutte dielen fan it Romeinske Ryk brek oan alles west te hawwen wat û.o. liede ta hongersneed. Yn Fryslân wie ek grut brek oan iten wêrtroch Dibbaldus Segon alle muoite die om mei skippen earne oars mar foaral út de Eastsee weet te heljen om yn harren need te foarsjen.

 

Hjirút blykt dat de âlde Friezen al tige lange tochten oer see mei harren skippen begongen te meitsjen. Om dy snuorje hinne libbe der in man yn Fryslân dy't bûtengewoan grut en as gefolch dêrfan tige sterk. Syn namme wie Jodsert en der gean ferhalen oer him

dat hy sa'n 2,40 meter lang wie en dat hy sa sterk wie dat hy twa folwoeksen mannen op syn earmen hâlde koe, ja wol in heale Romeinske mile lang (sk.750 mtr.).

 

Hy koe ek twa tonnen bier mear dan twahûndert meter sjouwe, wêrby at hy ûnder eltse earm in tsiis hie om genôch romte tusken tonne en lichem te hawwen.

Hy wie in kear ûntefreden oer syn hynder wêrnei hy dat bist, mei ien klap mei syn fûst op syn foarholle, dea sloech. Guon minsken fertelle dat Jodsert, ek wol “sterke man” neamt, in Ealman oft Ridder wie en neamden him Idsert Jetze. It sprekwurd “hy is in sterke Jodsert” dat wol ris sein wurdt oer in sterke jongkeardel is in ferwizing nei dizze sterke Fryske man, neamd Jodsert. Boppedat is it in oanwizing dat it ferhaal wol ris wier wêze kin.

 

 

 

Tebek nei Skiednis