Haadstêd Starum
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Haadstêd Starum

 

Oan Asiga Ascon, lytsbern fan Ubbo wurd taskreaun dat hy de, troch Frizo(?) stichte, stêd Starum foltôge hat. Oaren bin der dy't sizze dat dizze prins Ascon de stifter oft útwreider is fan dizze âlde Fryske haadstêd, likernôch rûn de berte fan Jezus. Dêrmei is Starum de âldste fan de Fryske stêden en wie faaks it hiemplak fan prinsen lykas Ascon, en is dêrom mei wat mear soarch en franje bout.

Dit wie ek it haadplak fan ôfgoaderij fan de heidenske Friezen mei ôfgod Stavo dy't dêr ek in timpel mei dy namme hie. De âlde stêd dy't meardere kearen nei har stifting fergrutte is en ieuwen lang de haadstêd bleaun is, wie dêr njonken it hiemplak fan prinsen, Hartochen en Keningen. It Starum fan doe lei lykwols in stik súdwestliker dan hjoed te dei, om't de see it alderearste stiftingsplak oerstreamde en blykber ferneatige hat. It plak, wêr as it no leit, is strategysk goed situeare en de omjouwing fan dat diel fan Fryslân wie yn'e begjin jierren in gaadlik gebiet om te wenjen. No ek noch binne de heuvels te sjen we as de earste bewenners doe wenne ha. Plakken as bygelyks Himmelum en Koudum lizze op in soarte fan natuerlike terpen. Op ferlykbere plakken sille de betide terpbewenners flechte wêze yn it hjerst en winterskoft, sa as omskreaun by it haadstik terpen.

 

Yn Starum sels is neat mear te finen fan it ferneamde ferline fan de stêd, bûten wat fergonklik spul yn'e grûn. Mei sa'n 1000 ynwenners is it hjoeddeisk in gemiddeld doarp, mar noch wol ien fan de alve stêden.

 

Fan wetter/hannels en haadstêd om it jier nul, nei fiskersdoarp nei no in pittoreske wettersport stêd.

Flakby Starum leit it Rea Klif en hoewol dêr allemachtichst faak fochten is, hat dêr ek de lêste oarloch fan de Friezen plakfûn. (De slach by Warns hat in swiere slach west foar de friezen hokker se net wer te boppe kommen binne. Greef Willem IV fan Hollân hat de Friezen dêr ferslein op 26 septimber 1345. Der binne in protte minsken omkommen en sa ek Greef Willem.

Doe wie it dus oer mei de Fryske frijheid, en wurdt dy slach alle jierren betocht troch de Friezen. Lâns de “ferkearde” wei rint men dan nei boppen oant op it Klif by de tinkstien mei de siswize fan “leaver dea dan slaaf”, sa hongen de Friezen doe oan harren frijheid.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis