Godstsjinst
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

 

De Godstsjinst fan de Germanen

 

Foar lânbou- oft natuer folken hie it waar en de tiden fan it jier grutte ynfloed. Dêrtroch wiene in protte hyltyd werom kommende dingen al gau “rituelen”. Sa waarden der wol tsjinsten holden foar it seker stellen fan bygelyks de sinne, it wetter en de opbringst fan de rispinge. Ek foar it fee wiene fergelykbere tsjinsten net ûngewoan.

Kennis fan it geloof hiene de Friezen net, sy wisten yn eltsengefal net dat der ien wiere God wêze soe. Lykas oare folken yn Jeropa waard der wol oan ôfgoaderij dien. Yn hoefier de Friezen de selde ôfgoaden ferearen as de Dútsers is net bekend.

 

Ofgoaden hiene de Friezen wol, bygelyks Frija oft ek wol Frea, Freya en Freyja en sy wie in Noarske goadinne fan fruchtberens, de leafde en gleonens. Se wie foar de Friezen en oare Germaanske folken in wichtige god. Se waard ek wol ris Frigg neamd en dat is de goadinne fan it houlik.

De nammen fan alle dagen hokker wy no brûke stamje ôf fan it earjen fan de goaden: Snein fan de sinne; Moandei fan de moanne; Tiisdei (oft neffens âld Saxsich Tijwesdeag oft tiwas-daga) wie ien fan de wichtichste Germaanske goaden; Woansdei is neamd Frija nei Wodan; Tongersdei (âld Frysk, Thunresdei of Thunersdei) is ferneamd nei Tonger (Nederlânsk= Donar, Noarsk= Thor) in ôfgod hokker it bestjoer hie oer ûnwaar en de fruchtberens op it lân; Freed is neamd nei Friga goadin fan 'e leafde; en as lêste Sneon is neamd nei Sealer. It kin wêze dat dy nammen lyk as no gewoan troch jûn waarden, sûnder dat it fêst stiet as de goaden ek yndie fereard waarden.

 

Yn it algemien hiene de Germaanske folken net folle bylden fan harren goaden en dat sil mei de Friezen net oars west ha. Lykwols hiene se it ferneamde bosk Baduhenna, wat nei alle gedachten lei by Heilo (hillich bosk). De namme Heilo is sa mooglik ôflaad fan it foar de Friezen Hillige bosk. Dêr binne oerbliuwsels fan, wierskynlik, rituele ferearingen fûn. Ek fan Fosta op it Amelân en de ôfgod Stavo yn Starum wurdt der sprutsen oer harren ferearing en harren timpels. Fierders hiene se ynwijde bosken wêrmei as hja de goaden earden, sûnder bylden oft foarstellings. Sa koene foaral by dizze natuer folken alledeiske dingen yn'e natuer hillich wêze, bygelyks de hillige boarnen, hillige beammen oft bosk en oare plakken.

Letter kamen dêr de (spesjalisten) Druïden oft ek wol Barden, de prysters en gelearden hokker ek de godstsjinsten lieden en de geheimen dêrfan wisten. Hja gongen ienris om'e safolle jier nei Ingelân om les yn'e riten te krijen. Se hiene folle mear kennis, hoe beheind ek, en foarmen in aparte kaste.

De Druïden mei harren Bardensangen wiene tagelyk dichters dy't lietsjes makken en songen ta eare fan harren goaden en om se te paaien. Faaks wiene der alters dy't troch de Druïden betsjinne waarden en wêr't hja plechtige jeften foar de goaden offeren. Hja leauwden dat de siel net ôfstjert mei it lichem, mar dat it oergiet fan it iene nei it oare lichem. Yn it algemien hiene de minsken grutte achting foar harren en dêrtroch hiene de Druïden in soad ynfloed. Yn in protte gefallen wiene se ek rjochter of saneamde “skiedsmannen” en op harren útspraken koe neat ynbrocht wurde.

 

De skiednis waard besongen yn harren lieten, de saneamde “Bardensangen” oft “Barrites”, mei dêryn de tsjinslagen en heldhaftigens fan de foarâlden.

Op dy wize waard de skiednis oerdroegen op'e bern. Mar der waard ek songen oer de moedigens fan harren foarâlders. Dit om de leafde foar it Heitelân oan te wakkerjen. De Druïden wiene frijsteld fan oare ferplichtings, sa as fjochtsjen oft belesting.

Gelyk oan ôfgoaderij, stiet it byleauwen en dat wie by de âlde Friezen net oars. Der wiene in soarte fan wiersizzers dy't foarseine oft gelok oft ûngelok fan de legers te ferwachtsjen wie.

Dat barde mei tûkjes op in wyt kleed troch de pryster oft wiersizzer, want allinne hy wist it geheim en hoe't it moast. Hja koene foarsizze oan'e hân fan it gelûd fan fleanende fûgels oft it brinzgjen fan de ynwijde wite hynders. Hokker hynders dy't yn de ynwijde bosken ûnderholden waarden. Harren antwurden wiene faaks sa riedseleftich en dûbelsinnich dat it foarseine altyd wol útkomme moast.

 

Fan alle ôfgoaderij en it byleauwen fan ús foarâlden wie neat sa barbaarsk as it offerjen fan minsken, wat noch oant yn de achtste ieu troch gien is.

It skynt sa te wêzen dat de fêstnommen fijannen net allinne bút makke wiene as finzenen oft slaven, mar dat se sa no en dan ek as offer op it alter oanbean waarden.

By rampen oft ûnheil offeren se ek minsken út harren eigen mienskip dy't troch it lot fêststeld waard. (dit yn tsjinstelling ta it feit dat it famylje minsken west ha moatte!)

 

Yn it earste gefal liket it der op dat de bút makke minsken foar it tankoffer brûkt waarden, om de goaden te tankjen foar de oerwinning. De minsken út harren fermidden dy 't offere waarden foar de plechtichheid wiene bedoeld om de goaden te flijen om sadwaande takomstich ûnheil te kearen.

De misdiedigers, dieven, geloofsskeiners ensfh. hokker de dea-straf krigen hiene, waarden ta eare fan de goaden, ek wol brûkt as offer foar godstsjinsten oft offertsjinsten. Dat kinne wy ús no net mear foarstelle.

Letter, eigentlik ieuwen nei de berte fan Jezus, is hjir it geloof op Kristlike grûnslach ek kommen. De Friezen ha it lang keare kinnen en it hat oan Bonifatius it libben koste, mar it is úteinlik wol slagge om it geloof mei it swurd oan in hiel folk op te lizzen. Meast yn'e foarm fan it Katolike geloof, brocht troch Biskoppen en prekers en behoarlik stimulearre troch de Franken.

 

 

 

Tebek nei Skiednis