Deenske Kening Godfrid
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Deenske Kening Godfrid

 

Der gie in ferhaal yn dy tiid oer Hidde, in reuseftiche Fries, dat hy as boskwachter fan de Hartoch fan Brunswyk tidens it trochwâldzjen fan syn bosk in liuw mei fjouwer jongen fûn. Hy deade de liuw en brocht de jongen nei de Hartoch. De Hartoch ferwûndere him sa oer Hidde syn krêft dat hy him in pleats mei landerijen skonk. Hidde liet dêr in delsetting mei kastiel bouwe en neamde it de “Hiddesikker”.

 

Dorestêd die it as sintrum fan de doetiidske ekonomy tige goed, want der waard hannele mei Utert, Tiel, Starum, Dokkum mar ek mei Keulen en Metz. Dorestêd joech sels in eigen sleine gouden munt út mei opskrift fan “trientes” en “Dorestat fit”, fan muntmaster Madelinus. (Yn 1996 is der in skat fûn yn Tsjummearum fan gouden munten hokker slein binne yn Dorestêd, der binne ek fan dizze munten fûn oant yn Ruslân)

 

Yn 863 is der noch in kear in geweldige slach ta brocht oan Dorestêd troch de Noarmannen en dat wie ek it ein fan de muntslaanderij yn dy stêd. Friezen wiene goed yn hânwurkjen en dan benammen yn it weevjen. Wollen stoffen makken se yn lekken weverijen en fansels de bekende Duffel (stoffen jas oft keep), moai, kleurich en fraai bewurke stof wat faak as in kostber geskink jûn waard.

 

Yn 810 kaam de Deenske Kening Godfrid mei in hiel grut leger fan wol twahûndert skippen nei de Fryske kust ta om te plonderjen en om Fryslân te feroverjen. Neffens Kening Godfrid hie hy rjochten op Fryslân as bernsbern fan Radbodus II. De eilannen hiene se gau oermastere en rôven, fernielden en moarden dêr op in ôfgryslike wize. Sa diene se ek op it fêste lân en stutsen alles yn'e brân.

Fral de Kristenen hiene te lijen en de tsjerke yn Grins waard ôfbaarnd en in soad minsken fermoarde. Se hawwe yn hiel Fryslân ferneatigjend taslein en dat alles om Keizer Karel te fergjen. Uteinlik kaam it sa dat Godfrid oer hiel grut Fryslân regearde. Godfrid wie tige optein mei syn bemastere gebiet dat hy al op Aken ôf woe om Karel te befjochtsjen sadat hiel Germanië ta syn Ryk heare soe.

 

Doe't Karel te hearen krige hokker ferwoastingen de Noarmannen yn Fryslân makke hiene betocht hy in plan. Hy liet út alle hoeken fan syn Ryk soldaten komme nei de Wezer om Godfrid op syn kop te jaan. Yn dy tiid wie it net ienfâldich om it ferfier fan it swiere ark te regeljen, want der wiene hast gjin oksen te besjitten. Sûnt 809 hearske al de fee pest yn Fryslân en hast alle oksen wiene der oan dea gongen. Net allinne foar it wurk wat dy bisten diene mar ek it fleis foar al dy soldaten wie no net te krijen. Fan in grut leger koe dus gjin sprake wêze en dat twong Karel om in ferbûn te sluten mei Hemming, de opfolger fan Godfrid. Troch it protte wetter wat der fallen wie, wiene de diken fan in sadanich nivo dy hjerst dat it ûndertekenjen útsteld is nei it maitiid fan 811. De 24 gesanten, fan eltse kant tolve, kamen doe byinoar by de grinsrivier de Eider. Doe wie Fryslân befrije fan de Noarmannen. Spitigernôch stoar Hemming yn 813 en ûntstie der yn Denemarken in striid om it liederskip.

 

It wie in hurde striid werby bûten de haadlingen wol tsientûzen mannen de dea fûnen. Yn eltsengefal wie it allegearre reboelje mei as gefolch foar de Friezen dat de soannen fan Godfrid harren rjochten wer tochten helje te kinnen. Sa diene se Fryslân wer oan en rjochten in soad skea oan, en boppedat namen se in bulte Friezen yn finzen namen harren mei nei Denemarken.

 

Karel wie deadsbenaud dat as hy dea gong, dat dan de Noarmannen alles yn pikke soene en om dat foar te kommen hie der al yn 807 in gebiets ferdieling makke. Syn trije soannen Karel, Loadewyk en Pepijn soene elts in part krije. Pepijn soe dan de Friezen en de Saxen krije, mar Pepijn stoar yn 811 en liet syn erfskip nei oan syn 12 jierrige soan Bernard. Karel stoar yn 814 sûnder bern wêrtroch de ferdieling yn'e hobbelus rûn. Uteinlik hat de lêste oerbleaune soan fan de 70 jierrige Karel de Grutte, Loadewyk, (mei bynamme “De Vrome”) alles krigen.

Op 28 jannewaris 814 is Karel de Grutte, Keizer fan it Westen stoarn, wierskynlik oan longûnstekking en is yn fol ornaat op syn setel ynmitsele yn in Kripte ûnder de Dom fan Aken.

 

Yn it testamint fan Karel woe hy dat trijekwart fan alle skattingen joen waarden oan û.o. earmen, abdijen, tsjerken esfh. Under it regear fan Karel krige Fryslân stadichoan in bettere en doelmjittige regearing en kaam der wat struktuer yn.

Loadewyk wie net geskikt om sa'n grut Ryk te bestjoeren en hy hie al rille gau rûzje mei syn adviseurs en geastliken. De Friezen koe hy wol omkeapje, want de Ealen krige de besittingen hokker se ûnder Karel noch lienen no ta eigendom. Om dy reden wiene de Friezen wol loyaal oan Loadewyk. Flak neidat Loadewyk begûn te regearen wie it mei de Denen ek wer hommelus en Loadewyk woe syn stipe wol oan Harald jaan mar dan wol mei de betinkst dat hy him dope liet.

 

Begelied troch in hûndert tal skippen foer hy letter de Ryn op om him en syn frou Thora, mar ek syn twa bruorren Erik en Hemming, twa soannen en fjouwerhûndert fan syn mannen dope te litten yn Metz.

It jier 820 wie in min jier foar de Friezen, troch de oanhâldende rein de hiele simmer lang wiene de gewaaksen dy hjerst alhiel bedoarn. Dêrtroch wie der grutte hongersneed en der njonken wiene der noch tal fan tige besmetlike sykten. It wie in jammerdearlik jier en al dat reinwetter soarge ek foer in protte wetter oerlêst omdat de rivieren ek oerstreamden troch wetter fan de bopperivieren.

Yn 826 waard Fokko Ludigman as twadde Potestaat ferkeazen om te hearskjen oer Fryslân.

 

Erik in soan fan Harald waard steedhâlder fan Wijk by Duurstede mei in protte lân yn brûklien, en Hemming in oare soan fan Harald krige it gesach oer Walcheren. Harald sels hie it bestjoer oer it diel fanôf de Wezer oant it Vlie. Sadwaande sleaten alle gebieten oan inoarren lâns de hiele kust. Doel wie om de kusten better te warjen tsjin de Noarmannen. Mar Loadewyk krige hjiroer in soad ôfkarring te hearen, en werom at hy it Fryske lân besette litten hie troch de Denen.

 

As tredde Potestaat wie Adebrik fan Adelen, nei it ferstjerren fan Fokko Ludigman. Fuort nei syn oanstelling sammele hy in leger Friezen om de wapens op te nimmen tsjin Gustaaf Lappon, hokker mei 800 hierlingen fan Sweden en Gothen de Lauwers op fart wie om harren dêr te festigjen. By Kollum binne se ferjage en ferslein.

Ek de Denen lieten wer fan harren heare en dis kear mei grutte gefolgen. Hja foeren de Ryn op en plonderen Wijk by Duurstede wêrnei se alles yn'e brân stutsen. Rûnom wie it ellinde mei de rôvjende bindes fan de Denen yn 835 en lâns de hiele kust fan Antwerpen oant Fryslân gongen se te kear mei harren plonderingen, ferkrêftingen, moarderijen en brânstiftingen.

Oan Loadewyk hiene de kustfolken neat, om't dy syn eigen soargen hie, en neat tsjin de Noarwegen ûndernaam. Yn it foarjier fan 836 wiene der wol in pear soldaten oansteld om tasjoch te hâlden, mar dat hat gjin fertuten dien, want de misdiedigers kamen hyltyd werom.

 

Ek om dizze tiid: Denen ferneatigje fort Walcheren en fermoardzje de wachters, op 26 desimber grutte dielen fan it lân stean ûnder wetter, in Deenske ynfal yn Fryslân blieuwt út troch in stoarm, Marseille wurdt plondere troch moslim piraten, tsjinstanners fan it geloof fermoardsje de Biskop Frederik fan Utert op Walcheren.

 

It gebiet fan Erik waard wol goed beskerme, mar Walcheren en omkriten net en by fjochterijen dêr tsjin de Denen binne de beide soannen fan Harald omkommen.

Noch altyd wie it in hiele toer om de Friezen ta it Kristendom te krijen, en dêrom waard Odulfus yn 838 nei Fryslân stjoerd. Dizze man krige it boadskip mei om de Friezen trije kear op in dei in preek heare te litten yn alle tsjerken en parochiën fan Fryslân.

 

Bûten Starum stifte hy it St. Odolfuskleaster, letter is it ferpleatst nei Himelum om't it oan'e Vliestream lei en dy kaam stadichoan tichterby.

Starum kende sa rûn dizze tiid in geweldige rike ekonomy troch de skipfeart. De skippen fearen oeral hinne, ek nei de Eastsee, mar se moasten dêrfoar wol tol betelje oan de Denen. Ien Leidsk lekken per jier wie genôch sa wurdt optekene.

Op 26 desimber yn 838 wie der wer in grutte oerstreaming west yn it noarden fan it Fryske Ryk wat wer foar de nedige ellinde soarge en deaden fansels it tal fan wol 2.400 minsken wurd neamd. En yn rang hat dit nochal in swieren ien west.

 

Allinne de toppen fan'e dunen wiene noch te sjen, it legere lân stie allegearre fier ûnder wetter.

De grutte skea en en in protte bisten wat omkommen is wie net te oersjen en ûntinkber. Der wiene wol sa'n fyftsjinhûndert huzen troch de weagen ferneatige.

In brek oan goede wetterkearing wie de wichtichste oarsaak fan dizze ramp mar ek oare West Jeropeeske lannen hiene der mei te krijen hâwn. Oant yn Frankryk ta sa skriuwt de Franske Biskop Prudentius en ek yn Dútslân ha se der oer ferhale yn de Annales Xantenses (Karolingische skiednis).

 

Ek om dizze tiid: Plotharius jout Dorestêd oan Harald en syn broer Rorik.

 

 

 

Tebek nei Skiednis