Fryske Prinsen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fryske Prinsen

 

Friso (313 jier f.Kr.)

Der fan út geande dat Friso syn ferhaal wier is, dan is hy de earste Prins fan Fryslân west. Yn de tiid fan Alexander de Grutte soe dizze Yndyske Prins út dat lân ferdreaun wêze en mei oaren op flotten úteinlik yn Fryslân bedarre wêze. Dêr oan it Flie hat hy in stêd stifte en Starum neamd, nei de god Stavo. Hy wurdt holden foar de stamheit fan de Friezen, de earste bewenners fan dit gebiet.

Syn soan Adel (245 jier f.Kr.) folge him op en hat by in lange regear perioade faak de Noarmannen befjochtsje matten. Hjir komt ek it wurd Adel wei. Hy hie in soan, Ubbo (151 jier f.Kr.) syn opfolger en hy soe Keulen stifte ha, en Batenburg en Vroonen, ek hij waard opfolge troch syn soan, Asinga Ascon (71 jier f.Kr.)

en stiet bekend om syn fergrutting en ommuorring fan Starum, en hat mannich oarlog fiert mei folken om Fryslân hinne.

Diocarus Segon (11 jier n.Kr.) neef en fjildhear ûnder Ascon en striider yn 28 tsjin de Romeinske opstân, Syn soan Dibbaldus Segon (46 jier n.Kr.) folge him op en wie hiel ferneamd sawol op lân as op see.

Tabbo (85) wie fjildhear en moedich, hat mei de Romeinen tsjin de Britten fochten en letter ek noch tsjin de Denen.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis