Fryske Keningen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

 

Fryske Keningen

 

Richold Uffo (373), om't Fryslân no sa grut wie neamde hy himsels Kening (de earste fan fryslân). Hat altyd moedich fochten en hat rûnom lusthúzen bout. (Fan Hûs Offo)

Finn Folcwalda (416), der wurdt sein dat hy nea Kening west hat.

Odilbaldus II (442), wurd neamd as in goede Kening, fertsoenlik tsjin syn folk en freze troch syn fijannen. Hy is trout mei in dochter fan de Kening fan Denemarken.

Richoldus II (477), ferdreau de Franken út Westfalen en de Denen út de Eems en wie in noflik man foar it folk.

Beroald (540), wreide út, mar liet syn libben tsjin de Franken.

Audulf (577), hat in grutte slach wûn en ta eare dêroan in munt fan slaan litten.

Aldgillis I (623), wie in frede leafjende Kening hokker it preekjen fan it Evangeelje tastie en foar it folk opkaam, mei troch it ferheegjen fan de Terpen.

Radboud (Redbad) (679), hat it Krislik geloof lang tsjin halde kinnen mar wie net opwoeksen tsjin de Franken. Hy ferwoeste de Sint Thomastsjerke yn Utert, mar hat in grutte slach ferlern fan Pepijn by Dorestêd.

Popo (719), Poppo de soan fan in Fryske Ealman en trout mei in nicht fan Redbad wie befelhawwer fan it yn'e gauwens byinoar fandele Fryske leger. Is deade by de “Slach oan de Boarn” yn 734. Fan Popo binne fierder gjin grutte dieden bekend.

Aldgillis II (734), regearde yn rêst en frede en liet preking ta wernei hy sels doopt is.

Aldgillis III (741)(Gondebald), soan fan II naam syn heit as foarbyld, wêrtroch it geloof fierder útwreide.

Radboud II (760), is yn it heidenske Denemarken opgroeit, liet Bonifatius ombringe en mishannele de Kristenen, yn gearspanning mei de Saksers, en dêrom gong de sympaty fan de Friezen út nei Karel de Grutte.

 

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis