Friezen fersus Germanen
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De Friezen fersus de Germanen

 

It Germaanske folk is in tsjutting oangeande ferskate stammen dy't de selde Germaanske taal min oft mear sprutsen (op etnolinguïstische grûn) en wie rûchwei situeare fan de Provinsje Seelân oant Ruslân en fan Denemarken oant de Alpen ta, dêrûnder wie it Romeinske Ympearium. De Germaanske folken (ferskate stammen wer as de Friezen it measte mei fan dwaan hiene) wiene û.o:

 

----(Frisii) Fryslân, (fan t Zwin (yn Belgje) oant'e mei de Wezer yn Dútslân),---- de (Batavieren, Bataven) Ryndelta en stik fan Seelân,---- Chauci (Noard West Dútslân, it lân tusken de Eems en Elbe),---- de Cananefaten in ôfsplitsing fan de Chatten (Noardseekust Zandvoort),---- de Chatten en Marsen (midden Dútslân), ----de Gauten (Súd Sweden),---- Cherusken en Chauken oft Chauci (Noard Dútslân tusken Eems en Elbe, Hamburch),-----De Frankyske stammen (midden Dútslân) Tencteren , Bructeren letter Chamaven, Sugambriërs, Ampsivaren dielstam fan de Chauken , Chamaven, Chattuarii, Usipeten leine allegearre yn'e buert fan in rivier.

 

De oeren lâns de rivieren sa as de Ryn, Maas, Waal ensfh. wiene sompich en wiene mar hjir en der bewenne. Alhoewol minsken yn dy tiid rivieren opsochten om in doarp oft buorskip te begjinnen kin der dus fanút gongen wurde dat it lân tige tin befolke wie. Yn dy tiid wie it reizgjen oer wetter (de haaddyken fan eartiids) it bêste ferfier, want oer lân wie it faaks minder te gean. Boppedat ferjitte je it paad fan in rivier net sa gau en foaral mei de stream mei wie it folslein te reizgjen.

De Romeinen ha letter, op strategyske plakken, delsettingen oprjochte om tasjoch te hâlden op de besette gebieten. Ek dy brûkten rivieren as ferbining tusken dielen fan harren Ryk. As se it needsakelik fûnen dan leinen se ek, ferhurde, diken oan tusken harren Forten en oft stêden.

 

Foar de folledichheid hjirûnder alle bekende Germaanske folken:

 

Alemannen –Ambronen-- Ampsivaren-- Angelen-- Angrivariërs—Asdingen—Bataven—Bajuwaren—Bojers--Bructeren--Bourgondoërs--Cananavaten--Chamaven--Chasuarii--Chauken--Cherusken--Chatten--Cimbren--Dulgubnii--Fosi--Franken--Friezen--Gepiden--Goten--Harii--Helisiërs--Herulen--Hermunduren--Juten--Lakringen--Langebarden--Lemoviërs--Lugiërs--Manimiërs--Marcomannen--Marobudui--Matiakken--Nanarvalen--Nemeten--Nerviërs--Ostrogoten--Quaden--Rugiërs--Saksen--Semnonen--Siligen--Sitones--Skiren--Sueben--Suinones--

Sugambren--Tencteren--Tuetonen--Toxandriërs--Treveri--Triboken--Tubanten--Tudri--Ubiërs--Usipeten--Vandalen--Vangionen--Visgoten--Voicae--Warnen.

 

Germani cisrhenani, Súdwestlik fan de Ryn: Cearosi—Condrusi—Eburonen--Paemani--Segni.

Stammen oan Súdlike kant fan de Ryn: Marsi-- Gambrivii-- Suebi en Vandilii.

 

By de Fryske folken wienen de stamhaadlingen yn it begjin de lieders. Yn tiden fan oarloch wie it regel dat in stamhaad de kriichshear waard. Dy kriichshear, waard keazen en wie lieder salang as de oarloch duorre. Hy waard ek wol Hartoch oft Kening neamd. ( Hartoch is de beneaming en fan oarsprong in âld Germaansk wurdt en betsjut legeroanfierder, fan heir, harja = leger+tugan= trekke oft oplûke)

De macht fan dizze kening waard bepaald troch it oantal minsken wat efter him stie. De grinzen fan syn Keninkryk wiene dêrtroch fleksibel en joegen it berik oan fan it netwurk fan persoanlike relaasjes dy't de kening opboud hie. Fierder hie de kening in wichtige rol by de religy. De Angelsaksyske wrâld bestie út meardere gebieten, mei lytse mienskippen mei in Kening as lieder.

 

Fansels waard der letter ek in soad leart fan de Romeinen sawol yn rangoarder as yn de kriichskeunst. It docht my foarkommen dat de Friezen mear mei rêst litten binne dan de oare folken. En dêr binne meardere ferklearringen foar te jaan. Ik jou der in pear: Se wiene tige machtich (foar harren dwaan) en ûnferfeard/drystmoedich, mear as ferlykbere stammen, it gebiet fan de Friezen lei foar de Romeinen min oft mear perifearysk en muoilik te kontrolearjen (it lei bûten harren ynfloedsmacht, bûten de natuerlike grinzen sa as de Ryn). En de Friezen waarden it leafst mei rêst litten en joegen sels wol oan hoenear as se op oarlochs paad gongen. De folken stipen inoar faak om oarloch te fieren mei in grutter leger.

 

“Ende ist zaecke dat u belieft hier meer af te weeten, zoe bidde ik u, dat ghy neerstelicken wilt overleesen die oude historien van Vrieslant, inden welcken ghy alle dinck breeder ende claerder vertelt zult vinden”.

 

Cornelis van Grebber, van Egmond. (1198)

 

 

 

Tebek nei Skiednis