Foaropwurd
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Foaropwurd

 

Ferskate redenen ha my der ta brocht om sammele ynformaasje te ferwurkjen ta in oersjoch fan de skiednis fan myn Heitelân, yn it Frysk. De wichtigens dêrfan sprekt foar himsels.

Ek de winsk om in bydrage te leverjen oer it bewust meitsjen fan'e minsken oer de skiednis en dan yn it bysûnder dy fan de Friezen. Wat de wearde west hat, en erkenning te krijen foar ús stamâlden, foar de ûntjouwing fan it betide Nederlân.

 

Bekend is dat de measte histoaryske skôgingen oer de provinsje Hollân gean, wylst dy namme pas yn ûngefear 1000 foar it earst brûkt wurd. It foargeande tiidrek omfettet twa kear safolle wêrfan de helte sawat oer Fryslân giet, en de Batavieren, mar dy binne ferdwûn út de skiednis.

It is dus ferwûnderlik dat de Fryske skiednis ferwaarloaze wurd en oft ferminke foarsteld, wylst Fryske grûn de grûn is wêrop de skiednis makke is fan Hollân oftewol fan heal Nederlân.

 

Mar de minsk is trochgeans happich nei kennisse oer de komôf fan har/syn taal wat faaks de boarne is fan ûndersyk. Hoe't yn'e iere skiednis it lân foarme en wurden is ta wat it no is en oer de libbenswize fan'e foarâlden bygelyks, oft de opkomst en ûntjouwing fan it folk wer ta jo heare op grûn fan skiednis en kennisse. Ik hoopje dat ik dêrby oan jo ferwachtings temjitte kom en it in ferriking is fan jo besef. Net folle folken yn Jeropa kinne stuolje op safolle swiid ferneamde skiednis as it âlde Fryske folk. It is seldsum dat in folk troch de ieuwen hinne har eigen lân behâlde en dat mei deselde namme. Dat syn frijheid, it bestean as folk, taal, karakter en seedlikens sa lang holden hat as fan de Friezen, en dat sa'n tweintich ieuwen lang. In folk dat gauris oanfâlen waard troch oare folken en/oft dêrby harren frijheid ferspilen wêrnei har ûndergong oansteande like.

 

Hja ha har altyd ferdigene tsjin dy oanfallen en oarloggen, en net te ferjitten de oanfallen fan it seewetter. Hja ha it lân omdike en fruchtber makke. Stêden, doarpen en buorskippen bin dêr letter út fuortkommen dy't fersille lizze yn it leech lizzende lân. Fryslân bestie út ferskate gebieten, en wol West Fryslân, Westerlauwersk Fryslân, East Fryslân en Noard Fryslân. Yn dit skriuwen gean ik út fan Westerlauwersk Fryslân, mei Ljouwert as sintrum (rûchwei sa as it no is). It falt boppedat, by safier tebek yn'e tiid, net ta om ynformaasje te finen wer as men op oan kin, as der bygelyks trije ferskate ferzjes binne fan in foarfal en dy jiertallen en oft nammen ferskille. Dochs mei der fan út gongen wurde dat ik, foar safier mooglik, de meast oannimmelike lêzing oanhâld.

 

Dit skriuwen is in eigen ynterpretaasje fan de skiednis fan Fryslân en sil wol ienige saneamde “standplaatsgebondenheid” fertoane hjir en dêr sûnder bewuste opsetsin.

Ik ha net de pretinsje, oft hâwn, om in wittenskiplik oft semy wittenskiplik stik te meitsjen, ik pretindearje ek net dat alles wier is, mar ha dit op syn minst bedoeld om te besykjen de wierheid te benaderjen.

 

Fierder makket it in grut ferskaat as je de Fryske, Nederlânske oft Ingelske oersetting fan de Romeinske skriuwer Tacitus lêze. Bûten de Ingelske en de Fryske is de Nederlânske oersetting it meast negatyf, nei myn betinken oer de Friezen yn it foardiel fan de Bataven oft de mear algemiene “Germanen”. Fansels is it sa dat it in mjuks is fan feiten, legindes, oannames, ferûnderstellingen , literatuer en fral leauwen. En de wierheid sil hjir en der wol in bytsje fertekene wêze, mar dan is it noch de muoite wurdich om te lêzen. Ik bin my der fan bewust dat ik gebrûk makke ha fan ynformaasje wer as in oar, yn guon gefallen in hiele protte muoite foar dien ha. Sjoch ek de “Ek om dizze tiid:” ynfoechsels om de tiid yn perspektyf te sjen.

 

 

 

Tebek nei Skiednis