Fan jier 900 oant 1000
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 900 oant 1000

 

De Fryske gewesten waarden de lêste tiid folle minder oerfallen troch de Noarmannen dan foargeande jierren. Sa mooglik ha se harren les wol leard nei de gigantyske ferliezen fan eardere tochten. De lannen lâns de kusten wiene no ek better taret op mooglike oanfallen. As de oanstelde wachten in driging seach dan waarden der boaden it lân yn stjoerd en stutsen se de tarrepotten oan om it folk gear te roppen. De rikere moasten dan hynders en wapens leverje en guon hokker net oan de fjochterijen mei diene, moasten in skatting oft boete betelje oan dejinge dy't wol fochten.

It wapentúch bestie sa al út spearen, slachswurden, skylden en pylk en bôge.

Hylpen hat lang in púnbulte west, mar sil no wer opboud wurde. Mar ek yn'e haadstêd Starum moast der nedich boud wurde, want troch brân binne der yn 910, trettjin wenningen troch brân ferlern gien. Derby is de tsjerke “De Lieve Vrouwen Kerk” ek yn'e brân flein en allinne de toer is stean bleaun dat wol sizze oant trije dagen nei de brân. Dêrnei is dy der ek mar by lizzen gien, holpen troch in tige hurde wyn.

 

De Kening fan Dútslân, Hendrik I (by namme Hendrik de Vogelaar), hie tige warber west en de stammen sa as de Wenden, de Hunnen, Slaven esfh. bemastere. Ta ferdigening fan fijannen en beskerming fan folk en keaplju hie der mark oft grins Greven oansteld. Hy liet ek in protte stêden ommuorje. De Friezen mochten wol oer Hendrik, want hy wist wat goed foar harren wie. Hy wurd sjoen as de stifter fan it Keningshûs fan it midsieuske Dútslân. Francië hie noch altyd te lijen ûnder de oanfallen fan de Noarmannen, mar doe't dy ek nei Fryslân optôgen en de boel fernielden kaam Hendrik mei in machtich grut leger. Se waarden hast allegearre dea makke en sa net dan binne se wol oerhastich flechten.

 

Dirk II, Greef fan West-Frisia en Kennemerlân (916-939) ûnder tasjoch fan de Frânske Kening Karel hie hy ek de Friezen ûnder syn macht brocht. Mar de Friezen beskôgen har sels as ynwenners fan it Dútske Ryk. Se kamen yn ferset tsjin de Greef, namen Alkmaar yn en jagen syn amtners fuort. De stêd waard plondere en diels yn'e brân stutsen.

 

Dêrnei waard Kennemerlân leech rôve, ek it kleaster fan Egmond wie net feilich.

Underweis nei Leiden kamen se it leger fan de Boarchgreef fan Leiden tsjin en de bindes fan de Greef fan Egmond. Dêrtroch wiene de Friezen twongen om de ôftocht te blazen.

Kening Hendrik fan Dútslân stoar yn Itaalje op 2 july 936 en liet syn Ryk nei oan syn soan Otto I (936-973). Dizze Otto wie in leafhawwer fan jeijen en die dat fûleindich yn'e bosken fan Fulnaho (Vollenhove) mei omlizzende bosken “Zeven wouden” , en bosken yn Drinte en Oerrisel.

 

Hy jage op alles sa as elanden, herten, reeën, wylde bargen en beren bygelyks.

Hendrik hie al syn bêst dien om de Denen ta it Kristendom te bekearen mar dat wie net slagge en no soe Otto it besykje. Yn stee dêrfan verwoasten de Denen Sleeswijk. Otto wie der fuort klear mei en gong mei in grut leger nei Denemarken en twong se dêr allegearre om it Kristendom oan te nimmen en sa waarden se allegear dope. Teminsten Harald, syn frou en syn soan. Syn ûnderdienen tochten der net alhiel it selde oer en hja rebellearren en de kening wie syn libben net mear seker. Hy is in pear kear flechten mar koe net foarkomme dat hy fermoarde waard. No hiene de Noarmannen wer de frije hân en krigen de kust lannen it wer swier te ferduorjen. De Friezen hiene in hiel ein kust en se koene net alles yn'e gaten hâlde en de wachten bemanne. Kening Otto koe net foldwaande by springe yn 943 om't hy mei oare oarloggen dwaande wie yn Itaalje en Francië. Sa koene de Noarmannen Noard Francië en Ingelân tiden tramtearje.

 

Ek om dizze tiid: honger yn hiel West Jeropa, Edgar wurdt Kening yn Ingelân, Siegfried stiftet Lúksumburch, it Gooi waard oerdroegen oan de abdij fan Elten, Vesuvius komt ta útbarsting en ek de fulkaan Mashu Japan, festigingen rûn Amsterdam en Helmond, Fryslân wurdt claimt troch Greef Dirk III en de knobbelswaan waard domestiseard.

 

De streuptochten fan de Noarmannen hie safolle effekt dat de Friezen nei in pear kear fjochtsjen útnaaiden, ynlânsk de bosken yn. Doe koene de rôvers alhielendal alles mar meinimme, it fee en alles wat harren leaf wie.

Dêrnei stutsen se de boel yn'e brân. Sa gongen se fan doarp nei doarp oft stêd. De Kening fan de Denen liet de Kristenen ferfolgje, en sels doe't ek hy ta it Kristendom bekeard wie, binne syn bindes dêr noch mei troch gien. En oant syn dea ta, yn 973 hat Otto besocht om de Noarmannen te bestiiden, mar is dêryn net slagge. Hy waard opfolge troch syn soan Otto II.

Yn 989 bin der in soad Friezen en oare kust bewenners ferdronken, om't der wer yn springfloed wie. In hiel protte fee is ferlern gien en de gewaaksen op it lân wiene net mear te brûken. As gefolch dêrfan wie der grutte honger yn it lân.

 

Arnoud hie himsels ta Greef fan West-Fryslân en fan Easter en Westergo útroppen sûnder him mei it bewâld te bemuoien. Arnoud syn soan Sigfried hie in Ealman dea stutsen en wie dêrnei nei Fryslân ta flechten.

Hy bedarre by Gosse Ludigman, Potestaat fan Fryslân wenjend yn'e haadstêd Starum, en is dêr trout mei de dochter fan Gosse, Tetta neamd. Letter binne se nei “Hollân “ werom gien en krigen der in Kastiel tusken, Haarlem en Beverwyk, mei lannerijen fan Arnoud. De lettere aadlike geslachten Brederode en Teilingen skyne hjir út fuort kommen te wêzen.

 

De njoggenticher jierren fan dizze ieu binne wreed ferrûn. In aparte stam fan de Noarmannen, de Askomannen (omsetting: see soldaten), wiene trochgeand oan it roovjen yn de Fryske gebieten, mar ek fierder yn it noarden.

Dat wie ek de reden wêrom de minsken fan Bremen harren stêd ommuorje woene. Yn 92, Otto III wie krekt oansteld, hiene de Friezen bot te lijen fan dy ynfallen. Lâns de Middelsee kamen de Askomannen Fryslân yn en plonderen as earste Utgong (Berltsum). De Friezen fersetten harren ûnder lieding fan de fjouwer broers Britsanus, Ilsta, Hotza en Jeltze Joulsma bij de boarch Britsenburg en oan de Middelsee. Om de broers te wraakjen binne se letter noch ris kommen om Utgong folslein te ferwoasten.

 

De Friezen oan'e West kant fan it Vlie, hiene no ek te lijen fan de Greven fan “Hollân” omdat se dy oermasterje woene. De Friezen kamen dêr tsjinyn gauris yn opstân. Yn 993 op 18 septimber wie der in bluodderiche striid by Winkel (Noard Hollân) tsjin Greef Arnoud (Arnoud safolle oft Arnulf), en dêrby binne in hiele protte mannen dea makke, wêrûnder ek in mannich Ealmannen en Arnoud sels. Syn frou Lutgardis nimt it fâldij op har foar har minderjierriche soan Dirk. De scriba's fan dy tiid skreven dat tidens de slachting tagelyk in fjoerbal oft komeet út de himel razen kaam. Dat der as gefolch dêrfan ierdskokken te fielen wiene. It hat lang dêrnei oan in bulte minsken it lbben koste yn, mar ek fier bûten Fryslân.

 

De sompes hokker praktysk net te bewenjen wiene waarden oanmakke ta fruchtbere bougrûn. No luts it wol minsken en kamen op dy feanikkers nije delsettingen. It wie in tiid fan rêst yn Fryslân mar der wie in rûzje ûntstien ûnder de Ealmannen Hessel Jongama, Haitze en Solke Enckema. Hessel waard der fan fertocht Fryslân ferkeapje te wollen oan de Greef fan “Hollân”.

Dat hy ûnskuldich wie stie wol fêst en ta foldwaning soe der in fjochterij plak fine tusken de mannen. Derby spjalte hy de holle fan Haitze hast en Solke wie sadwaande ferwûne dat se beide koart dêrnei stoaren.

Yn de lêste jierren op nei de 1000 ta wiene der noch in protte rampen en ellinde en sykte wêrtroch de in soad minsken dea gien binne.

 

 

 

Tebek nei Skiednis