Fan jier 600 oant 700
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 600 oant 700

 

Beroald, in Fryske Kening oer de Friezen en de Saxers fan 540 oant 597 socht in reden om it gebiet frij te meitsjen fan ûnderwerping oan de Franken. Hy stjoerde gesanten nei Kening Chlotharius II (584-629) om de Fryske ûnôfhinkelik oan te kundigjen.

 

Troch de tuskenkomst fan Biskop fan Meaux bin de beide gesanten net fermoarde sa as Chlotharius II woe. Hja waarden ta Kristenen doopt en dêrnei nei it Heitelân ta stjoerd mei geskinken en ear foar Beroald.

Mar Beroald ferwachte in oarloch en wie stânfêst, hy garre al it kriichsfolk fan Friezen en Saxers. Hy wist ek Ridzert, Kening fan West Fryslân oer te heljen om him te helpen. Hja sammelen harren oan de Wezer wêr Dagobert I (Kening fan de Franken 629–634), soan fan Clotaris, mei syn fjildhear Pepijn harren temjitte kamen mei in sterke legermacht. Clotaris sels wie efter bleaun mei in leger, tusken de Maas en de Ryn om, sa nedich, Dagobert I te helpen. Dagobert I en syn leger ferlearen de striid skandlik en boppedat wie hy ferwûne troch in klap op syn kop fan Beroald oft Pepijn ien fan twaen, dwers troch syn helm hinne. Hy luts syn leger werom en socht help by syn heit. Hoewol syn spionnen berjochten oer it grutte leger en dat Clotaris noch libbe, leaude Beroald der neat fan.

 

Oant Clotaris him sjen liet oan de oare kant fan de Wezer. Beroald grouwde him ta: "Ah! Du aede schiere bulle ! Bistu der salm an fen dead wer libben wirden?" (Ha! Alde griiskop ! Bist dêr sels, en fan de dea wer libben wurden?). Clotaris sprong út syn fel, en wie tige lilk. Hy stjoerde syn hynder de rivier yn, folge troch Dagobert en in grut oantal Franken. Doe't Beroald dat seach flechte hy mar waard achterhelle troch de Franken Kening en doe is hy trochstutsen en ûntholle.

It leger fan de Friezen en Saxers naaiden ek út, yn grutte disoarder, wêrnei it kriichsfolk fan de Franken moardzjend en ferwoastend it gebiet ynnaam.

 

Se seine dat Clotaris sels befel jûn hat dat alle Friezen, grutter dan in slachswurd del te houwen. Froulju en bern namen se mei nei Frankryk en waarden dêr yn it iepenbier ferkoft as slaven.

Sa by de hiele kust en rivieren lâns wurde sa no en dan oerbliuwsels fûn fan eartiids en faaks is dat fan Fryske ôfkomst, men neamd dat dan Keltysk. Der binne ek gouden munten fûn fan Audulf oft Audwulf, (Latynsk Audulfus) en dat wie in Fryske Kening út de tiid fan it grutte folkeferfarren sa rûn 550-600 hinne. De munten binne yn Nederlân fûn yn Escharen en yn 'e omkriten fan Arnhim en sels yn Ingelân. Se moatte slein wêze tusken 600 en 630.

 

Yn 2006 waard yn Wynaam in muntstimpel fûn fan Audwulf Frisia (AUDWULF FRISIA). Kening Audulf (ôflaat fan adel en wolf) moat hearske hawwe let 6e ieu, wierskynlik, oer in gebiet healwei it hjoed deistige Nederlân. Op dy munten stiet syn, wurd teminsten algemien oannommen, namme (AUDWULF FRISIA).

Sa is ek in munt fûn yn Wiuwert, mei de namme AUDUFO en derby VICTORIA wat ferwize kin nei in jubileum munt fan in oerwinning op it slachfjild. (Dit wurd troch fersin ta skreaun oan Byzantijnske munten en oft Merovingers as at dêr FRISIA lei) De Friezen hiene yn dy tiid de hearskippij oer de mûning fan de grutte rivieren en it Fryske gebiet bestie doetiids út ferskate lytse ienheden, elts mei in eigen gebiet en Kening. Hy soe Kening west ha kinne yn Eastergo en útwreiding nei it Súden socht ha.

Foar in sukses folle striid tsjin de Franken en in behelle oerwinning fan in slach (bygelyks yn Keulen) waard wol faker in munt slein ta eare fan de winner. Nei alle gedachten hat hy it Fryske Ryk in bytsje grutter makke.

 

Rûn 600 komt Dorestêd yn folle bloei, dit komt ûndermear troch de hannel mei de Skandinavyske folken, de Ingelske, de Franken ensfh.

It jier 626 ûnderskiede him as it safolste rampjier. Earst waard Fryslân oerstreamd troch in stoarmfloed. Dêrnei waarden de bêste en moedichste mannen fan Fryslân ôfslachte. Froulju en bern bedarren yn Frankryk en waarden dêr ferkoft.

De goudsmid en Keninklike muntmaster fan Parys, Eligius oft St. Eloij, luts him it lot oan fan de grutte kloft Saxische en Fryske slaven. Troch syn grutte rykdom wie hy yn steat om ploechjes slaven te keapjen. Hy brocht har it evangeelje by en joech se dan de frijheid om werom te gean nei harren bertegrûn om it Kristen geloof út te dragen. Underoare is op dizze wize it Kristendom ferspraat yn Fryslân.

Mar ek al wie Fryslân einlik los fan de heidenske ôfgoaderij dochs holden se noch stiif, en dwers, fêst oan de godstsjinst fan harren foarâlders en earbiedigen se dy ôfgoaden. Dêr waard no troch de Saksyske Kening Dagobert I de earste Kristlike tsjerke boud yn de lege lannen, nammentlik yn Wiltenburg (Utert).

 

De mienskip kaam ûnder tasjoch fan de Ierdbiskop fan Keulen en no dus ek fan Fryslân. Mar de Friezen, meastal balstjurrich, woene neat witte fan it Kristelike geloof en dus ek neat fan it Biskoplik gesach. Foarskriften, oplein troch frjemde hearskers, ha foar de Friezen altyd al in stroffelstien west. Utert, dat as it eardere stânplak foar it Romeinske leger en strategysk oan de Ryn en Vecht lizzend, wie no dus it sintrum fan sawol striid as it iepenbieren fan it Kristendom. De geastlikheid hie it doel om yn it westen fan Jeropa, troch de Franken te stiften, in Kristlike steat.

 

De Fryske Kening Aldgillis I, 7e ieu (623? -680) wie in machtige Kening en bestjoerde it Frysk, Germaansk Keninkryk. De namme Aldgillis (of Aldgisl) betsjut 'ald', gisl = "gijzelaar", "staaf" of "spear". Hy is de earste kening wer oer't skriftlike boarnen binne.

Dat komt mei fan de twariedigens fan it gebiet dat no West/West Lauwersk/East en Noard Fryslân hjit. Krekt as yn de Angelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as Kening. De earste keningen moatte dêrom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân

biede te kinnen oan driging fan oare folken, mar sa dus net Kening Aldgillis neffens (Historia ecclesiastica gentis Anglorum).

 

Yn dizze gewesten ûntwikkele him yn de 7e ieu yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadichoan in Keningskip by de Friezen. Tidens Kening Aldgillis syn regear naam it Fryske Ryk tige yn omfang ta. Hy hie syn machtssintrum yn it sintraal riviergebiet yn de tsjintwurdige provinsjes Hollân en Utert. Hy hie syn regear wierskynlik yn Dorestad oft Utert. Yn dy tiid wiene de Friezen betûfte hannelers wurden nei dat de Romeinen fuort gien wiene. Se diene hannel mei Súdlike lannen, Ingelân, Eastlike ja oant de Skandinavyske lannen oan ta. It gie om alderhande guod sa as ierdewurk, izerwurk, wol, stoffen, metaal, wyn, sâlt, bontfeltsjes ensfh.

Under syn regear krigen de Friezen it oan'e stok mei de Franken, dat wol sizze mei de Frankyske hofmeier (Biskop) Ebroin. Dy stiet bekend as in gewelddiedich en despoatisk hearsker dy't nei macht stribbe. Dêrby wie it bestjoer oer de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de oarloggen. Aldgillis koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde. Yn de winter fan 678 ûntfong Aldgillis de Ingelske Biskop fan York. Wilfried hokker op'e kust troch skipbrek net fierder koe, wie yn Utert en Aldgillis joech dizze Biskop in ûnderkommen om beskerming te jaan tsjin de Frankische Biskop Ebroin. Aldgillis joech Wilfried tastimming om hjir it geloof te ûnderwizen en te doopjen yn tsjinstelling ta Biskop Ebroin. No, oars as mei Ebroin, wiene de Friezen minder ôfkearich fan it geloof.

 

Nei de bjusterbaarlike delslach fan de Saxers en de Friezen troch de Franken waard Sigardus Kening fan de Saxers. Troch tadwaan fan de Franken waard Adgillus I oansteld as Kening oer de Friezen.

Adgillus I waard ophemele as guodlik, romhertich en freedsum. Clotaris II (584-629) en syn soan Dagobert I (629-638) fergeaten om wraak te nimmen en behannelen de Friezen fuortoan mei goedgeunstichheid. Mar Fryslân wie noch wol skatplichtich oan de Franken en moasten 600 oksen it jier leverje.

 

Dagobert I stoar yn 638 en hie krekt foar syn dea de Friezen frijsteld fan de jierlikse skatting mei de betinkst dat de Friezen de grinzen fan it Frankische ryk beskermje soe tsjin de rôfsuchtiche Wenden.

Dat wie moai en aardich, mar it siet net yn it karakter fan Adgillus I om de Friezen ta dizze striid oan te setten. Want tidens Adgillus syn opfieding is hy, fan wege syn jonge leeftyd, stipe troch fjouwer Fryske Ealen. No't hy âlder wurden wie, seach hy yn hoe needsakelik it wie om it leech lizzende en net omdike lân fan Fryslân tsjin de see te beskermjen. Hy liet de ynwenners op in hiel bulte plakken terpen meitsje, om dêr by stoarmfloed mei guod en fee op flechtsje te kinnen. It is net te beskriuwen hoefolle muoite en wurk it koste om harren ek mar in bytsje tsjin it heeche wetter hoedzje te kinnen. Mar as in terp ienkear ôf wie, dan ûntstiene der in soad buorskippen, en sels foar in inkeld hûs, oft state fan de Fryske Ealen, waarden der (Wieren) lytse heuvels makke. Adgillus soe ek dykjes oanlein ha, mar dy waarden troch de floed eltse kear wer fernield. It oantal doarpen is troch dy wize fan beskerming tsjin it wetter tige tanommen. Wylst Fryslân in bytsje bekaam fan al dy oarloggen en rampen, fûnen yn Frankryk reboeljes plak.

 

Dat hie besiden ynfloed op Fryslân, mei namme oangeande de ynfiering fan it Kristendom.

De East- Franken hellen Dagobert II, soan fan Sigebert, út Ierlân. Doe't Biskop Wilfridus yn it foarjier fan 678 Fryslân ferlitten hie en Kening Dagobert besocht, hie hy it belang fan Fryslân al oppenearre. Tiid fan Redbad brekt oan fan 647 oant 719.

 

Kening Adgillus I fan Fryslân stoar yn 679, en liet in soan, neamd Radbodus 1, Radboud oft Redbad nei. Dizze man wie troch it Deenske hof foarme, wêr't syn haat tsjin it Kristendom grûn fûn hie. Doe't hy 27 jier âld wie waard hy de sechste Kening fan Fryslân, mei residinsje yn Medemblik, West Fryslân. It earste jier fan syn regear hie Kening Radbad fuort te meitsjen mei in ramp, werby hiel Fryslân ûnder wetter stie. Hy krige ek te meitsjen mei rôvjende en plonderjende Denen en Noarmannen. Se namen Redbad yn finzenis en namen him mei nei Denemarken en lieten dêrfoar yn't plak Steedhâlder Omûnd efter. Dizze hjitte de Friezen, as blyk fan slavernij, in houten halsbân te tôgjen en harren doarren oan'e noardkant te pleatsen, en wol sa leech dat se út wurdearring foar de Noarske Kening wol bukke moasten.

 

Pas nei in finzenistiid fan sân jier kaam Redbad frij. Hy slúte mei de Kening fan Denemarken in ferbûn fan frede en freonskip, ûnder eedôflizzing by de ôfgod Fosta. Redbad gong hjirnei nei Fryslân werom en Omûnd is wer op nei Denemarken gien.

 

No dat Kening Redbad werom wie, sloech it roer om oangeande it fergelyk mei syn foargonger Adgillus I en dy syn hâlding tsjinoer it geloof en de Franken.

Redbad hie in hekel oan Franken en makke gebrûk fan, mei troch it ferstjerren fan Ebroin wie in Frankische hofmeier yn Neustrje (oant 681), de swakte fan Dagobert syn bestjoer. Dit om de ferlerne gebieten, tidens syn ôfwêzigens werom yn te nimmen en Utert wer te bemachtigjen.

 

Redbad die no alle muoite om de Franken te bestriden en it Kristendom mei woartel en takke út te roeien. Hy brocht in leger byinoar en oerweldige Wiltenburg (Utert). De dêr boude St. Thomaskapel waard ferwoest en de Fryske frijheid, grûnbesit en Godstsjinst yn 680 al yn âlde gloarje werom brocht. Redbad luts troch it Frankyske gebiet fan Pepijn fan Herstal dy wie ienichst hearsker oer East Frankryk wurden en troch fererving hie hy ek û.o. Brabân ûnder syn regear krigen. Redbad naam de stêd Nimwegen (Nijmegen) en ferskate omlizzende plakken mei geweld yn. Op de poarte fan de stêd skreau hy de wurden: "Huc usque Regnum Stauriae" (oant safier is it ryk fan Starum).

 

Dorestêd, (Wijk bij Duurstede) lei op'e splitsing fan de Lek en de Kromme Ryn en wie de meast wichtige hannelsstêd fan Fryslân.

De delsetting hat him ûntwikkele út in fort oan de eardere Romeinske grins, neamd Levefana.

 

 

 

Tebek nei Skiednis