Fan jier 400 oant 500
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Fan jier 400 oant 500

 

It belis fan Rome fûn plak yn 408 troch Alarik in Visgoot (Goten). In âlde kriger út it Romeinske leger hie sa de smoor yn op'e Romeinen dat hy koste wat it kost Rome yn nimme woe. Der koe gjin mûs yn oft út Rome en dêrom soe it wol net sa lang duorje dat se harren wol oer jaan soene. Op 24 augustus 410 wie it sa fier dat de senatoren gjin kar mear hiene dan har oer te jaan. Grutte honger wie it gefolch fan de omsingeling en brek oan alles en noch wat. Net lang nei syn oerwinning stoar Alarik oan hege koarts. It wie de earste kear dat Rome yn "frjemde" hannen foel.

 

Ek om dizze tiid: in mûnts springt yn 'e arena om twa gladiatoren fan it fjochtsjen te wjerhâlden mar is sels troch taskôgers oan stikken skuord hjirnei is it Coloseum foargoed sletten.

 

Yn it jier 435 wiene der yn Fryslân buien west mei sokke ferskuorrende grouwe hagelstienen delkommen, fan wol ien foet lang en in heale foet breed, mei in protte dea fee as gefolch. Troch bygeande stoarmen en it oerstreamde lân ferdronken der wol in man as seishûndert.

Richoldus I, is de heit fan de legindaryske Fryske kening Finn (416-442), dy't yn de Widsith, in âld Ingelsk gedicht, soan fan Folcwalda neamd wurdt. Syn soan wurdt yn ferskate boarnen neamd as kening fan de Friezen sadwaande komt er sels ek foar dizze titel yn de beneaming. Syn mooglik bewâld moat west hawwe yn de 5e ieu, foar it grutte folkeferfarren. De histoaryske Folcwalda moat yn alle gefallen in wichtich Frysk persoan west hawwe. Oer syn libben is fierders neat bekend.

Finn oft Finn Folcwalda wurdt troch guon wittenskippers beskôge as de earste kening fan de Friezen en is nei alle gedachten mear in legindaryske dan in histoarysk persoan. Hy wie de soan fan Folcwalda. Der gean ferhalen as soe Finn Folcwalda fermoarde wêze troch Hengist, en dat die mei syn broer, dêrom nei Ingelân ta flechten is.

 

De Noarmannen ha yn de regear perioade fan Richoldus I Fryslân wer oanfallen. In hiel leger seerôvers setten harren oan lân yn it Greenserlân wêr't sy mei rôf en kjellens de minsken bang makken. Richoldus I sammele yn alle haast in legermacht, om de woaste Noormannen ôf te stopjen en te ferdriuwen. Dochs de Friezen koene it net hâlde en ferlearen de striid by Kastiel Gruneburg, (no de stêd Greens) it koste wol trijehûndert Friezen har libben. Lykwols Richoldus I wjerstie it ferlies en spruts syn mannen moed yn wêrtroch se de oare deis op de rôvers ta gongen.

Dit wie sa ûnferwachts en sa drystmoedich dat der wol njoggenhûndert Noarmannen dea makke binne wylst oaren útnaaiden en dêrtroch sa fersille wiene dat der mar in per nei harren lân werom kearden.

 

In part fan West Fryslân wie befolke troch Friezen. Odilbaldus II, Hartoch oer West Fryslân naam de titel fan Kening oan mei goedfinen fan de Fryske Kening Richoldus. Troch in soan fan Odilbaldus waard it Slot Haarlem boud, it begjin fan dy stêd. De folken dy't no Batavië bewennen, Franken, Saxers en Saliërs diene ynfallen yn West Fryslân. Odilbaldus wie net yn steat om de rôfsuchtige folken te wjerstean en frege Richoldus foar help. Mei de grutte macht fan Richoldus wie West Fryslân gou wer frij en fan de rôversbinden suvere. Ek fan de Noarmannen wiene gjin swierrichheden mear te ferwachtsjen no't de soan fan Richoldus, Odilbaldus dus, trout is mei de dochter fan Kening Haddinga fan Denemarken. Tusken de Fryske en de Deenske folken wie it frede foar de kommende tsien jier.

 

Odilbaldus waard steedhâlder fan Westfalen nei de dea fan Iglo Lascon op it Kastiel yn Dokkum.

De Friezen lieten kear op kear sjen hoe moedich at hja wiene by it fjochtsjen en sa holpen se ek mei yn in ferneamde en bekende fjildslach mei de Romeinske fjildhear Aetius. Mei him behellen hja in oerwinning op Attila Kening fan de Hunnen (Hongaren) dy't al plonderjend en rôvjend yn de Eastelike lannen mei in leger fan sâwnhûnderttûzen man Gallië ynfoel. Attila hie al in soad moaie stêden oanfâlen en fernield doe't Aelius op'e flakte fan Chalons de slach mei him oan gong. Hjirby ferlear Attile wol sa'n twahûnderttûzen man, wêrnei hy belies joech.

 

It wie troch de muoilike en rêstleaze tastân yn it Romeinske Ryk dat it fierhinne ûnmooglik wie om al dy wingewesten ûnder kontrôle te hâlden. Brittanje wie al ûnder it jok fan de Romeinen wei, mar waarden no pleage troch de Noardelike stammen, de Skotten en de Picten, sa bot dat de Britten help sochten by de Saxers, hokker wennen tusken Nijmegen en de Noardsee.

As gefolch dêrfan gongen hja mei in grutte skipsmacht gearstald út Saxers, Friezen, Denen, Jutten en Angelen op nei Brittanje. Dêr oankommen hiene se de Picten en de Skotten hânsum ferjage.

 

De Kening fan Brittanje wie tige optein en joech út tankberens in grut stik lân fan it eilân oan de Germaanske folken. Om't dit lân tige fruchtber wie luts dit noch mear lânslju nei Brittanje. En al gau bliek dat dizze folken neat oars woene as de ûnderwerping fan de Britten.

 

Wylst de frjemde folken yn tal ta nommen slúte Hengistus, befelhawwer fan de hierlingen, in ferbûn mei de Picten om de Britten te bemasterjen.

De Britten hiene help krigen út Gallisch Bretagne, de Neder- Saxers, Flamingen en fersloegen de Angelen, Saxers en de Friezen yn ferskate fjildslagen (450).

Hengistus waard yn finzenis nommen en ûnthalze, mar de oerbleaune wêrûnder Okko de soan fan Hengistus en syn neef Cossa gongen nei de grinzen fan Skotlân. Dêr wiene hja yn de bergen sa ynsletten dat se dêr alhiel feilich en ûnoerwinlik wiene. Letter bemasteren se hiel Brittanje en fermongen har mei it Britse folk ta ien folk. Fan dêr ek dat de tsjintwurdige Ingelske taal sa ôfwykt fan oare Jeropeeske talen. Mar dêr tsjin oer is der in grute mate fan oerienkomst mei de Fryske lânstaal, temear in bewiis dat in grut oantal Friezen harren festige ha yn Ingelân.

 

Om't de Romeinen harren werom lutsen út West Jeropa kamen der hiele gewesten frij en dêrtroch wiene der safolle folken yn beweging. Troch oarder, tucht en in hegere kultuer wie it ûnder de Romeinen goed buorkjen. No dat dy fuort wiene bruts der in swarte tiid oan. In weromfal yn kennis en rykdom betsjut earmoed. De tsjustere midsieuwen brutsen oan. Sykte wie, troch brek oan hygiëne, wer rom oanwêzich.

Hjirfan makken de Franken gebrûk om harren ynfloed nei it noarden ta út te wreidzjen.

 

Dat wie ek it momint dat it geloof mear en mear fuotten begûn te krijen. De Frankyske Kening Clovis, wat in grutte barbaar wie, hat him ta it Krislike geloof bekeard wermei de kerstening begûn is.

 

Troch de oanhâldende migraasje fan de folken lâns de kusten fan de Noardsee wiene faak hiele gebieten ûntfolke, wêrtroch de Friezen yn de gelegenheid steld waarden om harren fierder en fierder út te wreidzjen. Te mear omdat de neiste Saxers krekt as de Wilten de Noardsee oerstutsen nei Brittanje en harren omjouwing leech efter lieten. De Friezen regearden no al dy lannen fan de Elve oant de Skelde en lâns de Maas en de Ryn. (Dit wie net de earste grutte migraasje fan folken yn'e skiednis west.

Begjin tolfde ieu f.K. wie der ek ien, mar dy wie yn it Easten en midden Easten en gong mei grutte ferwoestingen gear.)

 

Nei de regearing fan Richoldus I (392-435) waard syn soan Odilbaldus II (435-470) de twadde Kening fan de Friezen. De Friezen, Angelen en de Saxers hokker har in tiidzje stil holden ha yn de bergen fan Ingelân en Skotlân kamen ek wer foar it ljocht.

Okko is út in Britse finzenis ûntkaam en brocht syn binden wer ûnder wapens om de Britten wer te beoarlogjen.

Se gongen Súdlik op nei Londen. Mar de Britten kamen harren moedich temjitte en hellen tsjin Okko in folsleine oerwinning.

 

De moedige Arthur, Kening fan de Britten, ferneatige meardere kearen de frjemde machten en folken op it eilân. Syn opfolgers hiene minder gelok om't de Friezen en Saxers sa talryk waarden, troch oanfier fan mear lânslju, dat se wer tige machtich wiene. En no mei de help fan de Heidenske Ieren en oare rûge folken wiene se wer baas oer Brittanje. De âlde Britten waarden it meast fermoarde oft yn in hoeke dreaun wylst der in hiele bulte flechte binne nei Gallië yn Bretagne.

De Friezen, Saxers en Angelen parten de oerwûne gebieten yn 492, wylst it lân de namme holden hat fan de Angelen, Ingelân.

 

 

Tebek nei Skiednis