Fan jier 350 oant 400
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 350 oant 400

 

Fryslân waard drige troch Westfalingers en Engeren dy't tsjin de Friezen opstannich wiene, mar troch Iglo Lascon syn sterke leger ta ûnderwerping brocht binne. In diel fan de Saxers fearen lâns de kust om Fryslân hinne om by de Galliers op rôftocht te gean, te plonderjen en te fernielen mei willemoed mar hja binne oerfallen troch de Romeinen en hast allegearre fermoarde.

 

Al sûnt jonge jierren skine al dy folken fan dy omlizzende gebieten, gewesten en oft lannen bûtengewoan oarlochsuchtich en rôfsyk west te hawwen, want der wiene allegear ferhuzingen en ûnderlinge oarloggen troch de tiid hinne.

De Franken, Allemannen, Saxers en Friezen, ûnder Udolph Haron, (341-373 lêste fan Hûs Askonius) hiene harren wer ferienige om de striid op'e nij op te pakken tsjin de Romeinen. Oer de Ryn yn Gallië ha se mear as fjirtich stêden plondere, fernield en in protte bút makke. Al de finzen nommen Galliërs, ek de Ealmannen, waarden dea oft ta slaaf makke. De hiele streek lâns de Ryn, fan de Noardsee oant fier yn Switserlân wie yn'e macht fan Germaanske folken.

 

Dêrnjonken streupten se ek noch dielen fan Gallië ôf, plonderen oft stelden in doarp oft buorskip ûnder brânskatting. (in brânskatting is in bedrach, meastal heech, dat in doarp oft buorskip oan swalkjende bindes betelje moast om foar te kommen dat it doarp oft streek yn'e brân stutsen waard.)

 

Ek om dizze tiid: Kryst wurdt fersetten fan 6 jannewaris nei 25 desimber. Yn 400, Athene falt yn hannen fan de Spartanen. Troch folksferhuzingen (±380) ûntstean ôfskiedingen tusken de folken: de Friezen noard en west, de Saksen yn it easten (it lettere Dutslân) en de Franken yn it suden. Sa is ek de taal grins tusken de Romaanske en dy fan de Germanen ûntstien en dy grins rint dwers troch Belgje.

 

Sokke bindes krigen meastal gjin soldij en waarden fan de skattingen betelle.

Oan de rjochter oer fan de Ryn wiene de Saxers, Friezen en de Cauchen dwaande om de lannen fan de Batavieren yn te nimmen en te plonderjen.

Yn it jier 356 kaam Keizer Julianus mei in grut leger yn Gallië om de Franken en oare Germanen te ferjeien en harren ferwoastingen en streuperijen te wraken, wat hy ek mei strangens útfierde. Gallië wie al gau rom en Keulen kaam wer yn hannen fan de Romeinen. Keizer Julianus woe no de Germaanske folken op harren eigen hiem oanfâle no't hy al in protte Allemannen by Keulen en hûnderten Franken oerwûn hie. De Saxers wiene no oan bar.

 

De Saxen woene in bulte Cauchen it Romeinske gebiet yn stjoere, mar krigen gjin trochgong oer it wetter fan de Friezen út eangst foar de Romeinen. Dêrom moasten se needsakelik om Fryslân hinne farre. Fierder wie it yn dit tiidsbestek rêstich yn Fryslân oangeande de ferhâlding mei de Romeinen. Keizer Julianus socht gjin oarloch mei de Friezen, ek net om harren mear te beknotsjen.

 

It jier 365 wie foar de lannen fan Jeropa yn it algemien, mar ek foar de kusten fan Noard-Afrika in rampjier om net te ferjitten. Op 21 july wie der in ferskriklik ûnwaar beselskippe troch fûleindige stoarmen en orkanen mar de ierdbevingen wiene it meast te duchtsjen. It wie krekt as at it de foarboade wie dat de bewenne wrâld binnenstebûten keare soe en dat it ein fan tiid kommen wie.

 

De moarns efkes nei it opkommen fan de sinne berûn de loft troch swarte wolken, sa bot dat it der súver tsjuster fan waard. Dêrnei kaam it ôfgryslike wjerljocht rûnom ôfwiksele mei lûde tonger.

Fûle stoarmen en baltsjende orkanen en dêr njonken in ierdbeving dy't alles skodzjen en kreakjen die. De seeën mei ôfgryslik lûd en ûnregelmjittige op en del gong.

De weagen stoarten harren poermâl op'e kusten en oerstreamden de lannen. Hûnderten skippen waarden oan smots slein oft kilometers ynlannich delsmiten. En sa wie it ek mei alderhande fisken. Hiele lânsgebieten waarden troch inoar skodde oft slimmer noch yn see feroare. It sprekt foar himsels dat hjir in hiele kloft minsken by omkommen binne, yn'e tûzenden wurdt wol tocht.

 

De skea oan besit en fee wie net te oersjen. Omdat Fryslân leech leit en tichte by de Noardsee, is dy yn it bysûnder rekke en der ha in soad minsken it libben litten.

Fan alle rampen, oerstreamingen en oare ellinde dy't de âlde Friezen trochstean moasten wie it jier 365 wol it allerslimste.

Koart nei de dea fan Keizer Julianus, wêrfoar de Germanen grut respekt hiene, stutsen de stammen de hollen wer byinoar om de Romeinen op’e nij te befjochtsjen. Foaral de Franken, Neder-Saxers en Friezen mei noch in pear taheakke Dútsers, stutsen de grins oer nei it bekende Gallië, wat ta it Romeinske Ryk hearde.

Krekt as foargeande kearen gong it ek dizze kear wer mei rôf en grutte fernielingen sa as op harren rôftochten gebrûklik wie. De Romeinen woene wol de plonderingen mei in leger tsjin gean. Dat is ek wat se diene, mar sy diene dat mei Bataafske hierlingen en dy rûnen tidens it fjochtsjen yn massalens oer nei harren eigen lânslju. Dêrtroch ferlearen de Romeinen nei in bluodderich fjochtsjen dizze slach.

 

Foar de folken hokker yn en om Batavië wennen, sa as de Saxers, Wilten, Sclaven en de Lytse Friezen wie it gewoan om de Gallische gebieten fan de Romeinen oer de Ryn te oerfallen.

Hja rôven, plonderen, moarden en fernielden dêr op in grouwelike wize. Farende de Ryn op, op dy wize, sa tochten se, wie it it feilichst foar harren sels, wêrnei't hja mei bút en besmodze mei bloed wer op hûs oan gongen. Oaren fan dy folken gongen streupen, lâns de see en kust, om de Galiërs fan dy kant ôf te tramtearjen.

 

Hartoch Udolph besocht om de grinzen fan syn gesach Eastlik en Súdlik te ferromjen. Hy hie in leger sammele en hat dêr mei foaral oer de Eems en de Wezer gebieten en legerplakken fan de Cauchen yn besit naam. De Cauchen bin gruttendiels fermongen mei de Franken en de Friezen. De Romeinen hiene neat tsjin dizze útwreiding fan it gebiet, om't it net in rjochtstreekse oanfal wie op it Keizerryk.

 

Dat Fryslân yn dy tiid, jier 385, tige útstrekte bosken hie is rom bekend. Yn dy bosken wiene in protte rôfbisten, wêrûnder de wolf, en dy rjocht somtiden grutte skea oan ûnder fee en minsken. Fryslân waard om dy tiid hinne al sa befolke dat om, al wie it mar in bytsje lânbou wat men hie, yn it eigen ferlet te foarsjen, in oar plak socht waard. De âlde Fryske wetten stelden dat neffens it lot útmakke waard wa nei wêr ferhúzje soe. Udolph liet in lotting dwaan ûnder jonge minsken sadat dy in oar gebiet opsykje koene. Ek de beide soannen fan de Hartoch, Hengistus en Hors wiene dêr by en hja wiene ferplichte om krektlyk as dy oaren Fryslân te ferlitten. De beide soannen wiene dan wol de lieders fan de Friezen dy't op reis gean soenen.

 

Hja gongen oan board fan de achtsjen skippen en farden rjochtstreeks nei Brittanië, mar dêr oankommen wiene se net wolkom by de ynboarlingen en waarden ferfolge. Om dy reden binne der doe in hiel bulte minsken omkommen. Wa it oerlibbe hie hat syn tsjinsten doe oanbean oan Kening Vortigern. De soannen fan Udolph soene harren yn de oarloggen tsjin de Skotten moedich gedroegen ha en dêrom hiene hja oerwinningen behelle.

 

Mar just dêrtroch mochten de ynboarlingen harren noch minder lije om't se yn'e geunst wiene by harren Kening en dêrfan de ear krigen.

Oare skiednis skriuwers ha it der oer dat Hengistus en Hors mei tige goed útrisse boaten út de wetters fan Fryslân fuortendalik Eastelik gien binne en dat se by de Eider in leech gebiet fûn ha. Dêr ha se harren del setten en rjochten alles sa yn sa as se it wend wiene yn harren âlde stee, en neamden it nije wenplak Nij Fryslân.

Fan hjirút wei binne se troch de Britten frege om harren te helpen yn'e oarloch tsjin de Skotten en de Picten. Neffens dy boarne soe Hengistus de stifter wêze fan CanCaster oft Lancaster en hat er dy stêd fan Fryske bewenners fersjoen. Hengistus is neffens dy selde boarne letter ophongen, troch Eldol de prins fan Glochester hokker in ferliezer wie fan in eardere oarloch tsjin de Friezen. De Britse Kening soe in nicht fan Hengistus, de moaie Ronixa, ta frou nommen ha. Hors lykwols soe yn in fjildslach yn Ingelân om it libben kommen wêze.

 

De Franken wiene yntusken al in hiele tiid freonen mei de Romeinen, mar lutsen no Gallië yn, oer de Ryn. De Friezen, Saxers en oare folken makken in oerienkomst mei de Franken en wegeren de gewoane jierskatting oan de Romeinen te foldwaan. Yn stee dêrfan sloegen se de Riedshear, Sisinus en syn gefolch hokker mei de skatting belêste wiene, dea. It slagge de folken net om de Romeinen út harren streken te ferjeien sa tusken de Ryn en Maas. De Franken waarden ferslein troch Quintinus, de Romeinske Steedhâlder by it “Bosch Carbonarea” yn Luikerlân.

 

De regearders fan Fryslân hiene oant no ta altyd de titel Hartoch hantearre, mar dêr kaam nei de dea fan Udolph Haron in ein oan. Doe't Richoldus I (it hûs fan Offo, Richardus, Uffo oft Folcwalda 373-416) oan'e macht kaam neamde hy himsels Kening fan Fryslân. Yn 373 waard (it hûs) Haron omsmiten. Richold besocht syn nije hearskippij te legitimisearjen troch it oannimmen fan de titel Folcwalda (folkslieder) as fuortsetting fan de “folksmemmen”.

Under syn regear is Fryslân oanmerklik beboud en dêr njonken ek legerplakken, Buorskippen en Doarpen. De Haadstêd Starum waard wer opkreaze en fersterke mei in Slot.

It tsjintwurdige (no <2000 al net mear) Fleuissen Noardeastlik fan Starum wie doe noch in bosk, en ek wie dêr it Kreiler bosk wêr't Richoldus in jacht Slot boude. It ferhaal giet dat ek ûnder de Friezen wiene der Kristenen en der waarden Kleasters stifte sa as Aedwirt (Aduard) yn Greens, yn Bloksyl, yn Winkel yn West Fryslân en noch ien yn East Fryslân oer de Eems. Yn in koarte tiid hjir nei is it ljocht fan de wierheid, it Kristendom, troch it Heidendom ferdrongen en alhiel útroege.

 

 

Tebek nei Skiednis