Fan jier 300 oant 350
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 300 oant 350

 

Om en te bij 286 wiene de gewesten tige ûnrêstich troch in grutte kloft Saxers mei Warners, Angelen en Cauchen. In protte folken wiene oan it “folksferhúzjen” wat kaam troch “oerbefolking” de stammen kamen tichter opinoar te sitten en sochten de romte op.

 

De Saxers wennen gewoanlik by de Elve, wylst de Angelen en de Warners út de buert komme fan de Eastsee. Hja hiene alles wat se besieten by har, de froulju, bern en libbene have. Alles hiene se op in float laden en sa fearen se diels troch it Vlie nei de kust fan de Grutte en de Lytse Fryslannen. En diels fia de Maas nei Toxandrie (Seelân) en nei it eilân fan de Batavieren.

Folksferhúzingen binne fan alle tiden, mar sa massaal as yn dizze tiden sil it net wer west ha. De ynwenners fan de nije regio's hiene net folle nocht om harren lân ôf te stean en wiene net happich om soksoarte dievjende minsken as buorren te hawwen.

 

Dochs, hja hiene gjin oare kar dan de minsken op de floaten oan lân komme te litten yn it lân fan de Lytse Friezen, (Noard-Hollân) yn Toxandrie (Seelân) en it eilân fan de Batavieren (Betuwe en Seelân).

As gefolch dêrfan moasten de ynwenners dy't dêr al jierren wennen lân ynleverje en waarden se bleat steld oan dizze rôfsuchtige folken. It ien en it oare hie as resultaat dat de Lytse Friezen needsake wiene om Eastelik te gean, it ferlitten lân fan de Gauchen (it tsjintwurdige East Fryslân, oant, oft oer de Wezer) yn te lûken en te bewenjen. Al rille gau lykwols ferienigen de Friezen, Franken, Saxers en Batavieren harren, yn eltsengefal sa fier as de Romeinen harren dielfijân wie, om dy yn harren oerhearsking te ûndermynen.

 

De Romeinen holden yn dizze regio in grutte float efter de hân om foaral de Franken fan rôftochten nei Gallië te wjerhâlden. Alhoewol de Romeinen no oer de Franken hearsken wiene se noch net te fertrouwen.

Dat komt fansels ek omdat de Saxen no harren meistriders wiene en dy hiene in romroftiche namme op it mêd fan rôftochten oer see.

No wie in Menapiër, in sekere Carausius, it haad fan de Romeinske float dy dat foarkomme moast. Mar hy naam harren skippen yn beslach en de bút dy't hja op dien hiene by de rôverijen hold hy allegearre foar him sels. Hy gong freonskiplike ferhâldingen oan mei de Friezen, de Franken en de Saxers. Troch harren macht en help, ûnder syn lieding, stuts hy oer nei Brittanië en die himsels dêr ta Keizer útroppen.

Keizer Diocletianus wie dêrfan gau op'e hichte en hy hie fuort in plan klear as tsjinaksje om de ôffalliche folken te straffen en Constantius te bestriden.

Om der seker fan te wêzen dat it ek útfiert wurde soe, makke hy Constantius ta diel Keizer oer Gallië, Brittanië en de folken lâns de Ryn. Constantius gong fuort op paad nei de skuldigen en it sintrum fan de opstân, it lân fan de Batavieren. Genebald, Kening fan de Franken, hokker ek in protte Friezen en Cauchen ûnder syn hoede hie, mar ek de Batavieren wiene al aardich yntegreard.

 

Hja stiene allegear oan de kant fan Constantius. Unferwachts foel Constantius de Batavieren en Franken oan en fersloech harren, wêrnei se yn finzenis nommen binne en ôffiert waarden nei Gallië wêr't se as slaven it swierste wurk dwaan moasten. Oaren waarden ta soldaat twongen en ferdield ûnder it legioen.

 

Wylst Constantius dêr de saken noch oan it ôfhanneljen wie, lutsen de Friezen, de Franken, Saxers, Cauchen en oare omlizzende Germaanske stammen de beferzen rivier oer. Om sa de Romeinen yn it lân fan de Batavieren te oerfallen. Yn it begjin, teminsten sa lang as it frear, hiene se de Romeinen goed te pakken. Se ferwoasten alles en sloegen de Romeinen dea. Mar doe't it teiwaer begûn te wurden wiene se de pineut. Se hiene gjin flot oft skip om yn te flechtsjen en wiene sadwaande oerlevere oan de Romeinen.

No moasten sy harren ûnderwerpe oan de Romeinen en Constantius fernedere de mannen en ûntnaam harren alle macht.

Al dizze folken en ek de Friezen wiene no folslein deltwinge en moasten by frede it lân bewurkje en oars wiene hja de soldaten foar de Romeinske striid.

 

Yn it jier 310 wie Haran Hartoch fan Fryslân en waarden der in protte doarpen en buorskippen boud. Al wie Noard-Hollân, it lân fan'e lytse Friezen noch altiid leech en praktysk ûnbewenne. Fiif Ealmannen út Fryslân gongen yn dizze ûnbewenne oarden wenjen en elts hearske oer syn eigen grûngebiet.

Dêrfoar wurde neamd Diederik in ôfstammeling fan Ascon, ien fan de Fryske Keningen, as de stifter fan Medemblik, doedestiids Medemeloca neamd. Dit wie tagelyk de earste haadstêd fan Noard-Hollân.

 

Geerard stifte Opdyk, Roeland wie de stifter fan it doarp Widenes flakby Hoorn wêr as hy in sterk Kastiel boude. Der waard sein dat Keno, Bennebroek stifte hat en de fiifde, Adilbold, stifte it doarp Winkel, en is dêr ek wenjen gien.

De meast foaroansteande fan dizze mannen wie wol Diederik, dy't al gau de oare gebieten ûnder syn hoede brocht. Wilens waard dit diel fan West Fryslân yn koarte tiid befolke en beboud mei buorskippen en doarpen. Diederik liet him omtrint Kening fan West Fryslân neame, en dêroer wie de Fryske Hartoch Haron tige lulk west. Hy liet, om Diederik te plak te setten en te fernederjen, in leger oer it Vlie farre nei Noard Hollân om mei syn oermacht de kening fan Noard-Hollân ta ûnderwerping te twingen.

Diederik koe it sadwaande mar dwaan mei de titel fan Hartoch fan West Fryslân. Ek moast hy him ôfhinklik fan Haron gedrage sûnder it plan op te fetsjen om yn opstân te kommen. Troch dizze folksútwreidingen hawwe de Friezen de namme “Frisiabonen” krigen, wat soks as “oan it wetter wenjen” betsjut.

 

It jier 333 wie in rampjier foar Fryslân, want oer oft Westlik fan it Vlie kaam in ferskuorrende stoarm hokker it wetter tige heech op dreaf sadat it in protte ferneatige.

De skiednis skriuwt dêroer dat de Zijpe en sawat 20 doarpen ferswolgen binne en dat der njonken de stêd Grebbe troch de see opnommen is. At Vlielân en Tessel doe al eilannen wiene en hoefolle as dy te leien hân ha is net bekend, dochs it is wis dat de Zijpe en in grut part fan it lân Eastelik fan de Helder yn see ferdwûn is.

 

De doarpen hokker yn it wetter ferlern gongen wiene, binne û.o. Grootkeitss, Lammer, Linnen, Burchorn, Schilhorn en Terdorp. Dit lêste doarp lei Súdwestlik fan de stêd Grebbe en dy lei in oere geans oft dêr omtrint fan de Helder ôf.

Dit wie in ramp foar de Lytse Friezen yn haadsaak. (Yn it jier 1678 doe't de see op 6 en 7 novimber bûtengewoan leech en droech wie bin dêr noch bonken fan minsken en oerbliuwsels fan bouwsels sjoen.) Yn it jier 335 is Hartoch Haron op 97 jierrige leeftyd stoarn neidat hy yn weardichheid as Hartoch 36 jier regeard hat. Hy is mei ear en pracht yn Starum begroeven. Haron liet twa soannen nei. De jongste, Odilbaldus, wie doe 38 jier âld en folge syn heit op yn it Hartochdom.

Oer him wurdt skreaun dat hy in beskaafd, moedich en iverige Hartoch west hat en dat hy yn syn tiid in protte doarpen boud en fergrutte hat.

 

De Romeinske Keizer Constantijn de Grutte stoar yn 337 nei in balstjurriche regear perioade fan 30 jier. Hy wie in oertsjûge Kristen wurden en hie dat as it Steats geloof makke. Dêrtroch die hy in protte muoite om de Kristlike lear ek ûnder de Germaanske folken te bringen.

De ôfgodstimpels ferneatige hy en yn stee dêrfan boude hy tsjerken. It is lykwols net oan te jaan oft it troch syn bemuoienis ek yn Fryslân ynfloed hie. Je fine yn Fryslân likernôch gjin spoaren, fan rûn dy tiid oft dêr flak nei, fan it Kristendom.

 

Keizer Constantijn de Grutte hat twa jier foar syn dea it Romeinske Ryk ûnder syn trije soannen ferdield. Mar nei syn dea hold dat gjin stân, omdat Constantijn, hokker de Noardelike oarden tabedield krige, der net tefreden mei wie.

Mei de hulp fan de Galliërs en de Dútsers gong hy de striid oan mei syn jongste broer Constans.

Alhoewol hy hast om it libben kaam, waard Constans Keizer yn it Westen fan it Ryk en Constantinus fan it Easten, it Byzantium (Konstantinopel). Duorjende al dizze feroaringen en de dêrby hearrende reboelje wiene de Romeinen net yn steat om de grinzen te ûnderhâlden. Foaral net tsjin de rôfsuchtige Germaanske folken. De Franken foelen yn by de Galliërs, hja rôven en plonderen mei fleurigens en ferwoasten alles yn'e wide omkriten.

 

Constans wist harren lykwols te bedaarjen. De Friezen hiene op dit stuit amper bemuoienis mei de Romeinen. Yntusken naam de groei fan Fryslân gâns ta. Odilbaldus dy't lykas de eardere Hartoggen syn residinsje yn Starum hie, fergrutte, ferbettere en kreaze de stêd oanmerklik op. De brede grêften en wâlen om de stêd waren ferbettere. It oantal doarpen en buorskippen naam bot ta en sa ek de beskaving. Hoewol dy no ek wer net sa heech wie, it wie in stik ferbettere troch de jierrenlange omgong mei de Romeinen.

Odilbaldus boude om dizze tiid hinne ek de stêd Ezonstêd oan de Lauwers op it plak wêr as no it buorskip Ezumasyl leit. Dizze stêd is foaral boud om harren te warjen tsjin de ynfallen fan de Noarmannen en oare seerôvers.

 

Ezonstêd lei gaadlik foar de handel en de skipfeart. It oantal stêden yn Fryslân naam almar ta, want bûten Starum en Ezonstêd wiene ek Dokkum en seker ek Uitgong (Berltsum) oan de Middelsee al wichtige plakken. Wylst it yn Fryslân foar de wyn gong yn alle rêst foelen de Sicambren, hokker Westfalen bewennen, ûnferwachts de Eastlike en Súdeastlike grinzen oan. Hja rôven en plonderen op in ferneatigjende wize en tochten dat se mei it opdiene guod sa ôfstekke koene. Mar doe't Odilbaldus mei syn legerbinde harren oerfoel rjochte hy in slachting ûnder de Sicambren oan en naam alles wat se oan stellen guod by harren hiene wer yn.

 

Dêrmei ferjage Odilbaldus de Sicambren net allinne mar bemastere ek in diel fan har lân. Dit oerwûne lân liet hy út namme fan him bestjoere troch de Fryske Ealman Iglo Lascon. Hartoch Odilbaldus stoar yn 341. Fierders waarden der, sa't men seit trije Kastielen oft legerplakken boud wat mei Friezen bemanne waard. Dit om de moedige en striidbere Sicambren ûnder de tomme te hâlden. Nei oannommen wurd hjitten de trije Kastielen Angria oft Engeren, Soest en Driburg. De beide lêsten bin yn'e rin fan'e tiid stêden wurden, Driburg yn it Bisdom Paterborn. Lasco hat dy gebieten (nei 378?) wierskynlik sa'n 65 jier as steedhâlder bestjoerd.. Gelyk mei de ûnrêst fan de Sicambren yn Fryslân wiene ek de Franken op rôftocht yn it Súden fan Fryslân. Mar nei in fûleindige striid, mei oan beide kanten wol fjouwerhûndert deaden sloegen hja op'e flecht en der waarden derby ek noch ris twahûndertfiiftich minsken ôfslachte.

 

 

Tebek nei Skiednis