Fan jier 250 oant 300
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 250 oant 300

 

Ek om dizze tiid: Pestepydemy yn it Romeinske Ryk hat 15 jier duorre en hat in soad deaden koste.

 

Ek Starum is troch Ubbo fergrutte en opkreaze. Al hoe freedsum Ubbo ek west hat, it folk hie sin om op streuptocht en oarlochspaad te gean te gean by de buorfolken.

Alteast doe't yn it jier 254 Valerianus inkeld ien jier Keizer west wie foelen de Franken en Allemannen (in Dúts folk), it Romeinske Ryk oan. De Cauchen en de Friezen diene ek mei en gongen op harren streuptochten sels oant de Middellânske see ta oant yn Afrika. In pear jier letter ha de Romeinen, ûnder Junius Posthumus, de seerôverijen keare kinnen en moasten de rôvers ynbine.

 

Hoe grutter de betizing waard yn it Romeinske Ryk hoe minder de bemastere folken te duchtsjen hiene. Dêrtroch besochten dy, hokker earst ûnderwurpen wiene, no harren frijheid yn it jier 270 n.K. werom te nimmen. Keizer Aurelianus koe de Seuven, Sarmaten en oare folken noch wol ûnder de tomme hâlde. Amper fiif jier hat hy regeard mar hy krige in hiel soad problemen tagelyk op syn boardsje. Dêrom slagge it net om ek noch de Friezen en de Cauchen te betwingen en sadwaande gongen de rôverijen yn Gallië troch en dat soarge foar in protte ûnrêst.

Boppedat foelen se de Romeinske kampen lâns de Ryn oan en fernielden dy. Hja berôven de gruttere stêden yn Gallië ek, sûnder dat de Romeinen harren tsjin hâlde koe.

 

Keizer Probus wie altyd wend om te winnen en begûn yn it begjin fan syn regear in oarloch tsjin de Dútse en oer de Ryn libjende folken. Hy tocht dat dy syn macht lyts achten. Earst jage hy de Dútse folken út Gallië wei, wêr't hy wol sechtich stêden op harren werom wûn, en twong harren om de bút, dy't de Dútsers makke hiene, werom te jaan. Besiden dat wiene de Allemannen, Franken, Friezen, Cauchen, Sicambren en oare folken tige fersille rekke en manmachtich útnaait.

 

Probus stifte stêden en festingen lâns de Ryn om de macht oer de folken te hâlden en te fersekerjen. Hy brocht dy stêden ta grutte bloei. Fanút de festingen streupten de Romeinen deistich it platte lân ôf en sloegen in soad Germanen dea.

Harren hollen waarden ôfhakke en nei de Keizer ta brocht krekt as wie it sa dat se dêr in grutte beleaning foar krigen wat net it gefal wie.

It doedestiids útstrekte Fryslân wie ûnder de macht fan Probus en hy fandele wol sechstjintûzen jonge mannen op dy't hy ferdielde ûnder de Romeinske delsettingen lâns de Ryn.

 

Proculus, in ferneamd kriigsoerste (in saneamde tsjin Keizer) fan de Romeinen besocht om him ek as Keizer foar te dwaan. Hy socht hulp by de Friezen, dochs dy tsjinnen leaver Probus dan Proculus.

De Friezen woene ek net dat hy him yn Fryslân ophold en leveren him út oan de Keizer doe't Proculus him skandlik misdroech troch oproer en moarderijen.

Letter wie Bonosus (in saneamde tsjin Keizer) ta Keizer fan de Ryn-lannen útroppen, dochs de Germanen hiene leaver Probus dan him.

 

Alhoewol de ûnderdrukking earnstich en de skattingen swier wiene, joech dit in bytsje ferromming. Nettsjinsteande de hurde tuchtiging, dy swiere skattingen en de oanwêzigens fan it sterke Romeinske leger, hie Fryslân in ûnderregear. Dêrom waard it net oerhearske as in wingewest en ek net sa behannele.

Wilens hiene de Friezen noch harren oarloggen mei folken út de omjouwing te fieren.

Nei't Probus de Friezen ûnder twang hie, foelen de Batavieren mei in grutte macht Fryslân binnen. Mei rêde stappen rôven se en hiene al hiel wat yn'e brân stutsen eart de Friezen tsjinstân biede koene.

 

 

 

Tebek nei Skiednis