Fan jier 150 oant 200
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 150 oant 200

 

Yn it jier 155 brânde it Rea Klif by Starum wer, wat in brân oft in lava-útbarsting wie en dat hat acht dagen duorre, wêrby grutte freze wie ûnder de Friezen. De Druïden rieplachten dêrom de ôfgod Stavo, die harren rêstich stelde troch te foarsizzen dat der nei it fjoer in kâlde stof folgje soe, mar dat se foar wat der no barde net bang hoegden te wêzen.

Neffens de âlde skriuwers hat it Klif al ris trije dagen lang fjoer spuit wêrnei in ferskriklik grutte draak him iepenbierre en yn in heal oere oft sa de bewenners fan Starum de skrik oanjage wêrnei de draak ferdwûn sa as hy kommen wie.

 

Rom fjirtich jier letter soe dit fjoer út in put by it klif wer acht dagen brânt ha en foar oanfang fan de tredde ieu brânde it foar de fierde kear, no alve dagen lang. Wêrop de heidenske Friezen de ôfgod Stavo troch harren prysters om rie fregen. It antwurd fan de prysters wie dat se trije krûken mei Noardseewetter helje moasten. Dy krûken moasten troch Ridders yn it fjoer smiten wurde wêrnei as it fjoer dôve soe.

Sa hiene se ek lytse bern oan it fjoer offere seit men.

Dit bin fansels fabelen, dochs bin der wol guon dy't fan miening binne dat der wol ris in koarte skodding west hat en dat it Klif in fjoerspuiende berch wie. Dit soe befêstige wêze troch blokken lava dy't hja sjoen hiene mar oaren sprekke dat wer tsjin.

 

Ek om dizze tiid: Yn it dal fan de Copá rivier wurdt de earste Maya stêd boud, de pokkenepydemy wurdt troch soldaten meinaam nei Rome en ûntfolkt hiele dielen yn it Keizer Ryk.

 

Dernei gongen, mei de Katten en oare Germaanske folken, de Friezen op streuptocht

en diene in ynfal by de Franken. Hja rôven fan alles, stichten brân en ha dêr ferskriklik húshâlden wêrnei se troch de Romeinen, Didius Julianus, werom jage binne nei Fryslân.

Yn it jier 164 waard sawat in heale mil. (sk. 750 mtr.) fan Starum ôf, oan'e Súdwest kant, in put groeven. Dy put joech net allinne sâlt wetter op, mar tagelyk sa'n soad wetter dat de minsken der bang fan waarden en benaud wiene dat it wetter de legere lannen oerstreame soe. En dus waard de god Stavo wer om rie frege. No wie it antwurd dat it bloed fan in trije jierrich bern de floed stopje koe, wêrnei soks dan mei goed gefolch útfiert waard. As it leechlizzende lân oerstreamd west wie, dan hie it yn eltsengefal foar trije jier net mear te brûkben west as lânbougrûn.

 

Dit ferhaal, al hoe't je der ek oan twivelje kinne, ferteld ús dat it heger wurden fan it seewetter stadichoan in swierrichheid begûn te wurden.

Yn it jier 167 wurde de Fryske rúters fan Cuneus Frisionum ynset by de oarloch yn Ingelân.

Hartoch Ascon stoar yn it jier 173. Nei in fredige regear perioade fan rom twaenfjirtich jier hat hy in weardich Hartoch fan de Friezen west.

 

Hy liet fjouwer soannen nei Adelboldus, Tite oft Titus, Richoldus en Radboud neamd en dêrfan soe Adelbold syn heit as Hartoch opfolgje.

Neffens âlde ferhalen soe Radboud, neffens syn soan Diederik, de stamheit fan alle Hartochen en Keningen fan West Fryslân west ha.

Adelbold dy't syn heit yn jier 173 n.K. opfolge wie net sa reedlik as syn heit.

Hy wie net te beroerd om syn buorfolken mei in oarloch te oerrompeljen. Mar de wapens, wapenhannel en de fjochtkeunst wie yn de fredestiid fan syn heit net goed ûnderholden. Dêrom hat Adelbold fuortendalik de âlde ynstelling fan oefenskoallen wer yn it libben roppen, sadat de jonge en striidbere mannen harren wer ta lizze koene op it fjochtsjen mei in wapen. Yn de oprjochte kriich of skermskoallen koene jongelingen fan 15 jier trije kear yn'e wike komme om betûft te wurden yn it fjochtsjen. Sadwaande waard de fjochtkeunst wer ûntwikkele. No koe de oarloch wer de haad wurksumheid fan de Friezen wurde ta neidiel fan de beskaving en de ekonomy fan Fryslân.

Oer Titus (bynamme Bojocalus) waard sein dat hy moedich mar dochs in frede oanhinger wie, in wittenskipper en dat hy koart nei de dea fan syn heit nei Rome ta gien is.

Dat die hy om him yn de wittenskip oft ridderlike meneuvels betûfter te meitsjen. Keizer Aurelius seach dat en krige in swak foar Titus.

 

Mar Titus hie it ûngelok dat in Romeinske ealman der efter kaam dat hy it neiteam wie fan dyjinge hokker syn soan dea makke hat. En sa moast de Keizer (om reboelje foar te kommen) him wol nei hûs ta stjoere.

Doe't Titus út Rome wei gie is hy oangongen by de Hartoch fan Brabân. Dêr waard hy, om syn moedigens, ta Ridder ferheven. De Hartoch stjoerde Titus doe nei syn broer Adelbold ta. Dêr krige hy in weardige ûntfangst.

Net sa lang nei syn komst nei Fryslân waard Titus troch syn broer nei Rome stjoerd mei in leger, of hierlingen fan oefene Friezen. Om sadwaande de Keizer harren hulp oan te bieden by it bestriden fan de Vandalen hokker it Romeinske Ryk oanfallen hiene. Men seit dat Titus dêrby safolle yndruk makke hie dat hy troch de Keizer fereard en betanke waard, wêrop hy ryk beleane nei hûs ta gean koe.

 

In pear jier letter yn it jier 183 besochten de Friezen, ûnder lieding fan de oarlochssuchtige en oanfiterjende Adelbold, in ynfal oer de Ryn yn it Belgyske Gallië te dwaan. Dêr wie yndertiid net in soad tsjinstân te ferwachtsjen omdat der doe hast gjin Romeinen wiene. No koene se dêr grutte ferwoestingen oanrjochtsje. Dievje, brânstifting en oare ellinde drige. Oant se troch in Romeinske Fjildhear Clodius Albinus ôfstraft waarden en de grins op nei Fryslân oerjage binne.

It wie mar goed dat Adelbold en Titus der efter kamen dat de Vandalen, de Gotthen en Noarmannen Eastelik Fryslân oanfalle soene mei wol fiiftsjenhundert man om te rôven. No koene se noch gau in leger byinoar harkje en tôgen dernei op nei de Eems.

 

Op de Eastelike oere fan de Eems stie de fijân klear om oer te stekken, mar no weagen hja dat mar net. De beide legers stiene elk oan in kant fan de rivier sûnder dat hja inoar befjochtsje koene. Titus gong mei 800 útsochte en moedige Friezen nei it Súden ta en stuts dêr de Eems oer. Dêrom koene sy de fijân ûnferwachts fan efteren oanfalle wêrtroch der in slachting plakfûn. De fijân is oft fermoarde oft ferdronken. Sa'n fjouwerhûndert man fan de fijân wisten swimmende de oare kant te berikken. Mar dêr oankommen waarden se troch de mannen fan Adelbold dea makke sadat dit in folsleine oerwinning wie foar de Friezen.

 

Troch in swiere sykte dy't Adelbold yn 186 n.K. oerfoel liet hy alle wichtige Friezen by him komme. Op dy gearkomst waard fjildhear Titus (syn broer) ta Hartoch neamd en hy soe fanôf dy tiid it plak fan Adelbold yn nimme. Alhoewol Adelbold dêrnei noch sa'n twaentweintich jier libbe hat.

De binde fan Wilten, hearrend by de Wendische stam foel de Lytse Friezen en in Batavysk eilân oan. Se bemasteren de Romeinske Boarch oft Slot Antonia en stiften dêr harren pleisterplak, wat se Wiltenburg neamden. (it plak wat no Utert hjit) De Romeinen seagen net om nei dizze Wilten en it wie de Friezen ek wol goed. Sadwaande koene se harren dêr om en lâns de âlde Ryn festigje.

 

 

 

Tebek nei Skiednis