Fan it jier 800 oant 900
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 800 oant 900

 

Yn it foarjier fan 800 waard, om de rôftochten fan de Noarmannen foar te kommen, troch Karel de havens en mûningen oan de kusten fersjoen fan festingen en kastielen.

Hy joech ek it befel om in grutte float te bouwen sadat hy de Noarmannen op see oan koe.

Beselskippe troch de Friezen gong Karel nei Itaalje op fersyk fan Paus Leo III, om him te stypjen. Dêrtroch koene de reboeljemakkers oppakt, beskuldige en dea makke wurde. De paus wie Karel sa tankber dat hy Karel ta Romeinske Keizer kroane. Fanôf dy dei wie hy dus Keizer Karel de Grutte.

De Friezen hiene Karel by it feroverjen fan Rome sa goed holpen en dêrom wie hy tige tankber foar harren trou en moedigens, fan û.o. Magnus Forteman, dat hy it Fryske folk skattingfrij ferklearre en harren in protte foarrjochten ferliende en dêrby Fryske naasje foar ieuwich frij tjilde woe. Neffens inkelde ferhalen wie soks optekene op in perkaminten rôle opsiere mei goud en neamd “De Gouden Bulle”. Dizze “Bulle” is troch Magnus Fortman mei nommen nei Fryslân en is noch in skoftke bewarre west yn de tsjerke fan Almenum.

Op al dy tochten ha de Friezen û.o. ek mei fochten tsjin de Saracenen yn Spanje en mannich oare fjildtocht.

 

Rûn 800 stoar de Fryske Biskop fan Utert, Theotardus. Syn Fryske opfolger wie Harmacarus, hokker ek jacht makke op'e oerbliuwsels fan it heidenske geloof. Op Amelân waard it ôfgod byld fan Fosta weihelle en op dat plak in tsjerke delsetten. Nettsjinsteande dat de bylden fernield waarden troch de Franken oft de geastliken, waarden de bylden hyltyd wer oplape. Ek om dizze tiid waard it earste Fryske kleaster stifte en ta oantinken oan Bonifatius wie dat yn Dokkum. Fan dy tiid binne noch mytyske ferhalen, sa as oer in boarne dy't dêr ûntstien wêze soe troch in traap fan in hynder yn'e grûn. Dy boarne is dêr noch altyd mar it wetter is no net sa skjin mear as yn dy tiid.

 

Fjouwer jier letter besochten de Saxers, oantreaun troch de Deenske Kening Godfrid, mar wer ris om los te kommen fan de oerhearsking troch Karel en it Kristendom. Se sochten dêrby stipe fan de Friezen, mar dy hiene de hannen fol oan de hyltyd werom kommende Noarmannen. De Saxers stiene der no allinne foar en joegen harren folslein oer oan Keizer Karel. Omdat de Saxers al sa faak harren beloften ferbrutsen hiene liet Karel no wer in soad Saxers ferhúzje, no û.o. nei Switserlân ta. Hjirnei liet hy it rom kommende lân befolkje troch de betroubere Sclavoniërs en de Abolriten.

 

Op St. Thomasdei (21 desimber) waard it Fryslân wer oerstreamd troch in grutte floed wêrby wol sa'n 600 minsken ferdronken en der njonken fansels wer in protte fee. De te lege diken wiene net opwoeksen tsjin de hege weagen. It wie suver al skimerich sa tsjin de jûn en kaam de minsken alhiel oer't mad.

 

Dêrom wie der gjin tiid west om it fee op in feilich plakje te krijen. En boppedat wie it allinne de hegere terpen hokker hjir tsjin bestân wiene. In terp by Winsum weroan wol trije jier wurke wie, wie heech genôch. In protte huzen en buorkerijen giene ferlern. Ezonstêd by Lauwersmar hie nochalwat te lijen hâwn, der wiene wol in lytse fjirtich wenningen yn troch it wetter ferwoaste. Ek Minnertsgea hie in soad skea.

De minsken tochten doe yn tsjerke oft op de Hermana stins oerlibje te kinnen, mar op 2 febrewaris 807 wie der wer in oerstreaming, en no stoarte, troch de hege weagen, de tsjerke mar ek de stins yn en alle minsken dy't dêr skûle socht hiene kamen dêrby om.

 

Dit wie tige neidielich foar de lânbou want it sâlte wetter hie de hiele winter op it lân stien. De frucht opbringst wie dy simmer dêrom tige leech. Lokkich koene de Friezen troch harren betûfte hannels wize wer oan genôch iten komme foar dat jier. Yn dat selde rampjier hie de wjerljocht ynslein yn Medemblik en derby wiene wol fiiftich huzen troch it fjoer ferneatige.

 

By dat ûnwaar wiene hagelstienen del kommen sa grut as in hinne aai en hat oant yn Starum grutte skea oanbrocht oan bouwsels en gewaaksen. En as it net op koe kamen de Noarmannen wer om te rôvjen en namen trije skippen mei dy't fol laden wiene mei rogge. In pear wike letter wiene se der wer en stutsen se plakken as Dykshoarne en Seisbjirrum yn'e brân. Mar de Denen hiene gjin iten en moasten dus wol op steuptocht yn oare lannen.

Godfrid, Kening fan de Denen die mei syn Noarmannen meardere ynfallen yn it gebiet fan de Franken faaks mei stipe fan oare folken lykas de Wilzen. Mar hy krige sa faak it lid op syn noas dat hy him werom lusten hat efter de Elve.

 

Om't Godfrid lâns dy wei gjin kâns mear hie om by de Friezen te kommen, gong hy mei wol 200 skippen fia de Noardsee nei de kusten fan de Friezen. De Friezen skrokken harren in ûngelok en ek de mannen fan Karel seagen it efkes net sitten. Mar de Friezen hiene gjin kar en fochten in tige moedige striid werby oan beide kanten mear as sânhûndert mannen lieten it libben hjirby. De oanfierders fan wjerskanten woene wat tiid ha om harren mannen te bedobjen. Sa wiene der oan Fryske kant stoarn Tako en Feijo Forteman, Janeke Ludignan, Vincint Hermans, Juw en Sytse Rodman. De Deenske kriichshear Olaus woe dat hy frij út Fryslân fuort gean mocht, mei in hapke foar ûnderweis. Mar de oerbleaune Forteman besleat om net ta te jaan oan dy eask en sa gongen de fjochterijen wer fierder. It wie in bluodderiche striid en de Denen flechten oer de Lauwers nei Grins wêr't se de boel yn'e brân stutsen.

Doe't de West-Friezen dit hearden gong de Fryske Ealman Gaele Hardeman fanút de haadstêd Starum mei in legermacht nei de East-Friezen om harren te helpen.

 

De Noarmannen besochten om te flechtsjen, mar dat koe wjerhâlden wurde troch Gaele en dy namen Olaus yn finzenis mei noch 170 fan syn manskippen. Hja binne allegearre ûntholle en dernei yn'e Eems smiten.

 

Fanôf dy tiid giet in ûnwierskynlik ferhaal rûn fan in Ealman út Starum, Iglo Tadema hokker in protte lân hie by Kreilerwoud en de Vliestream. Hy liet, sa giet it ferhaal fierder, in put op syn hiem dolle foar swiet wetter. Mar de put bleau de earste dagen droech.

Op'e jûn fan de fjirde dei seach Iglo nochris yn'e put yn'e hoop dat der no wol wetter stie, mar hy hearde in stim in hiel hurde stim sizzende “Flechtsje fan dit lân, ja flechtsje fan dit lân” en dat bylde hy him net yn. Hy seach no ek wetter yn'e put, mar nei letter ûndersyk wie dit wetter sa ôfgryslike sâlt dat it net te brûken wie.

Der kaam Iglo in soarte fan gelikens ferhaal yn't sin, meimakke troch syn pake en dy hie dat troch ferteld oan syn soan Jouke Tadema. Iglo liet de put fol smite, tinkend dat de saak dêrmei klear wie, mar hy stoar trije wike letter. Net lang dernei ferkoft syn soan Jouke de landerijen en alles wat der by hearde yn'e beurt fan Kreil, en koft dêrfoar yn it plak lân yn Gaasterlân. It foarfal fan de put hie hy foar de wissichheid mar geheim holden foar de keaper.

 

Yn tuskentiid hie de neef fan Jouke, Sible Tadema, in hekel oan him krigen om't it famylje besit no yn frjemde hannen oergongen wie. Letter troude Jouke Tadema mei in dochter fan Jouke Rodman. Op dy geweldige brulloft kaam ek Sible mei syn trawanten en meirinners, fermomme en mei dolken ûnder harren klean. Op syn eigen brulloft binne hy en syn frou en noch in mannich fan syn mannen trochstutsen en dea makke.

 

Nei dizze moardnerij gong Jouke Rodman, heit fan de breid, mei syn mannen nei Sible en syn freonen ta, namen se yn finzenis, en stutsen it hûs fan Sible mei frou en bern der yn, yn'e brân.

Hjirnei is Sible sels yn stikken hakke en alle famylje fan Sible fermoarde. Dêrmei kaam in ein oan it adelike geslacht fan Tadema want der bleau net ien fan yn libben.

Yn'e stoarmtiid wiene de weagen wer heech en oerstreamden it Kleiler lân dêrtroch fersonken de landerijen en de buorkerijen, allinne it Rea Klif as wûnderberch kaam noch boppe it wetter út.

It wie it jier 808 dat der twa walfisken de Lauwers yn swommen wiene en dêr fêst wiene kommen te sitten. By Ezonstêd bin se slachte en ferdield ûnder de befolking, ja, sa gie dat yn dy tiid. Oan de oare kant fan it lân, yn Starum, is it moaie Keninklike slot alhiel ôfbaarnd, wat noch yn 463 troch Odilbaldus II boud is.

 

 

 

Tebek nei Skiednis