Fan 500 oant 600
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan jier 500 oant 600

 

Ek om dizze tiid: Skopje ferneatige troch ierdskodding.

 

De skiednis jout oan dat de Hygelac (wierskynlik út Göteburg), mei in ûntsachlik leger, it Eastelik diel fan Fryslân binnen foel. En dat die mei woaste en rôfsuchtige Noarmannen Westfalen en Teklenburg, wat ûnder Frysk regear wie, mei rôf en brânstifting ûntheistere ha yn 525.

 

Se waarden dêrop troch de Kening fan de Friezen wol ferjage, mar no gongen se mei harren float Westlik ûnder lieding fan harren haadman Hygelac op streuptocht. Dat wie yn it gebiet fan de Friezen en de Franken. Se wiene de Ryn op fart oant Nimwegen ta en wiene doe oant plonderjen gongen. Doet de Friezen hearden fan de plondering, soene hja mei skippen der op ta. Ek yn Gelderlân en Batavië setten se harren streuptochten en moarderijen fuort. Krekt salang as dat se dêr har nocht fan hiene en se tochten oan de weromtocht. Doe soene se de Ryn streek (Rijndelta) plonderje en brochten oeral rôf, brân en ellinde. Dêrnei soe Hygelac op hûs oan, mar wie noch net mei syn float op see en de bindes wiene noch net oan board doe't se alhiel ûnferwachte oerfallen binne. Sa kamen se de Friezen tsjin by de mûning fan de Ryn. De Kening fan de Friezen Richoldus II (477-540) dêrby omkommen. Ek Prins Theudebert I mei syn leger wie dêr en se ha hast eltsenien dea makke. De bút dy't se opdien hiene gong nei de eigner werom.

 

Yn it jier 516 hie Fryslân noch gjin diken oft oare wetterkearingen. It seewetter, oandreaun troch de hurde wyn, oerstreamde faak it hiele lân. Mar sa no en dan wie it wat mear as gewoan en dan wie der in soad skea. Utsein in soad dea fee wie it foar de minske meastal ek jammerdearlik en yn 516 koste dat oan mear dan seistuzen minsken it libben.

It Eastlik diel fan it tsjintwurdige Belgje de Zeeuwse eilannen, in grut part fan Súdwest Hollân, Noard Brabân en Gelderlân waard bestjoerd troch Kening Theuderik I (511-534) (Visigotische gebiet Noardlik fan de Loire). De Friezen en Saxers wiene bûnsgenoaten fan Theuderik I en holpen him yn de Türingers oarloch, werby ek Hermenfroij, de Kening fan it oerwûne Ryk syn libben liet, en trije jier letter wie ek Theuderik I ferstoarn.

 

De Friezen en Saxers bleaunen bûnsgenoaten fan Theuderik I (511-534) en syn soan, Theudebert I (534-548). Dizze Kening beoarlogge de folken fan Itaalje rom tweintich jier. Hy brûkte dêrfoar jonge mannen yn de bloei fan harren libben mar wiene sa yn mindertal dat dy't it libben wol ferlieze moasten yn Itaalje.

 

De lêste kriigstocht dêr hinne waard yn it jier 553 ûndernommen mei sa'n fiifensantichtuzen mannen wêrûnder in soad Friezen en Saxers. Fan al dy mannen kamen der mar fiif werom, dy oaren binne stoarn troch de oarloch oft oan de pestepidemy.

 

Yn 530 hat it Eastlik diel fan it Romeinkse Ryk, it Byzantynkse, wat noch altiid bestie en bloeide as nea te foarren, noch besocht om West Jeropa wer ûnder it gesach fan Rome te krijen. Mar troch de bûdepest yn ±542, is dat net slagge. Dis kear hat dy sykte yn Jeropa wol 100 miljoen minske libbens koste. Hjir nei wie der wer in ekonomyske delgong en wie der totale ûntrêding yn it lân.

 

Ek om dizze tiid: Ostrogoten feroverje Milaan alle mannen wurde fermoarde en de froulju wurde as sklaaf wei jûn.

 

It jier 553 wie ek net sa'n gelokkich jier foar de Friezen. By in stoarm dy't trije dagen oanhold mei sa'n krêft dat it hiele Noarden fan Fryslân ûnder wetter stie. Ek de haadstêd Starum en omkriten wie swier troffen.

De Friezen en de Saxers wiene bûnsgenoaten fan de Franken. Mar doe't se nei de dea fan Theudowald (548-555), Kening fan East Frankryk, harren frijheid wer tochten te hawwen hiene hja in mis rekken makke. De Franken beskôgen harren as ûnderwurpene folken. Chlotharius I (511-561) (soan fan Clovis I (481-511)) sammele in machtich leger en luts de Ryn oer, fersloech de Saxers en oare folken, plondere it lân en twong harren ta ûnderwerping.

 

Troch dizze plonderingen en fernielingen wie der in djippe haat ûntstien oangeande Chlotharius I en de Franken. It gefolch wie dat der in jier letter in hiel grut leger optrommele waard om nei it lân fan de Franken te gean. Dêr ha se sa ôfgryslik húshâlden mei ferwoastingen, brân en rôf en deaslach en moard, it hiele ferhaal wer fan foar ôf oan.

Hjirnei brocht hy in noch ûntsachliker en grut leger byinoarren.

De Friezen en Saxers seagen mei ûntsach nei dat leger en stjoerden har gesanten en bidden om genede. Chlotharius wie diz kear gemoedlik, mar syn leger net, dy woene de oarloch troch sette oandreaun troch de hoop op plondering en bút. De Saxers bieden, om't se as earsten oan de beurt wiene, om de helte fan al wat se besieten en úteinlik al it lân, it fee, klean, ja alles om mar ta frede te kommen. De Kening woe wol ta jaan mar de Franken bleaunen folhâlden en woene de striid oangean. De dêrop folgjende striid wie tige bluodderich en der wiene in soad deaden oan beide kanten, mar de útkomst wie dat de Franken ferslein binne troch de Saxers en de Friezen. moast no op knibbels om ôf te bidden by syn fijannen op in foar harren geunstige betingsten.

 

Childebert I (511-558) dy't yn Parys oer de Franken regearde hie hyltiid rûzje mei syn broer Chlotharius I oer it besit fan East Frankryk. Hy fitere Chramnus, de soan fan Chlotharius I, oan om op'e nei mei de Saxers en de Friezen tsjin syn heit te fjochtsjen. Mar ferskate kearen binne dizze folken al troch de Franken Kening ferslein. Chlotharius I liet syn soan Chramus en dy syn frou mei twa bern libjend ferbaarne.

 

Oan de Friezen en Saxen lei hy in skatting op fan fiifhûndert oksen. Sûnt de ferdriuwing fan de Romeinen like it wol as de Franken de oermasteringstwang oer nommen hiene. Hja koene it net ferneare dat de Friezen en Saxen noch oer harren lânsgrinzen kamen. De oerhearskings drang wie noch slimmer wurden no't harren Kening Clovis (yn 496) it Kristendom oan nommen hat. De sucht om de lear te fersprieden ûnder de heidenske folken kinde gjin grinzen en wie in útfynsel om op harren kriichstochten útwreiding fan har gebiet te bewurkjen.

 

Foaral it fanatike fan de geastliken op de hoop fan in Westlik Keizerryk om de tsjerke mear glâns te jaan. Yn de striid, dy't ieuwen duorre hat, tusken de Franken en de Friezen waard fochten oer lân, mar it wie ek in striid tusken Kristendom en Heidendom. Fuorre troch it swurd fan de foarsten en it wurd fan geastliken, en eindige yn zegepraal fan it Kristendom. Mar it wie net ta ûneare fan in Eal en moedich folk.

Chlotharius I stjert, en syn Ryk, wat as in persoanlik besit sjoen wurd, wurdt ferdield ûnder de bern, nei tradysje fan de Franken. De bruorren krije spul en dat soarget der foar dat de Friezen harren gebiet wer werom feroverje kinne.

 

Nei de dea fan Chlotharius I kamen de Friezen en Saxers wer yn opstân, no tsjin de nije hearsker Sigebert I (561-575). Mar dizze dreaf harren oant fier yn Fryslân werom en wie it ferlies oant de Middelsee ta folslein. Der wiene alderhande folken yn ûnstjoer yn dizze tiid en dan foaral yn East Jeropa. Hja lutsen út Pannonië lâns Longobarden (Itaalje) nei Itaalje mei in tritichtûzen ballingen wêrûnder Saxers en in grut tal Friezen. Mei-inoar oerweldigen se it Noarden fan Itaalje, en dêr stiften hja it Lombardische Ryk wêrfan Alboïnus de earste Kening wie.

 

De Franken hiene in soad te trochstean troch oanhâldende oarloggen, ferwoastingen en streuptochten fan de Longobarden, Saxers en Friezen. Uteinlik skieden de Saxers en de Friezen harren ôf fan de Longobarden. It slagge de Friezen en Saxers om fan Kening Sigebert tastimming te krijen om troch Austrasië te reizgjen nei harren Heitelân.

Mar oankommen yn it lân fan de Saxers wie harren plak ynnommen troch de Sueven. Dizze Sueven beanen oan om in tredde, letter de helte en dêrnei úteinlik twatrêde fan harren besit ôf te stean yn ruil foar frede. Mar de Saxers woene mear en makken harren op foar de striid om alles yn te nimmen. Yn de fjildslach dy't doe folge sneuvelen tweintichtûzen Saxers en letter noch mear. De Sueven hiene mar seistûzen minsken, en dêrfan wiene mar fiifhûndert deaden. De oerbleaune Saxers binne úteinlik yntegrearre in de Steven.

 

Sigebert, Kening fan East-Frankryk ferwachte stipe fan de minsken fan oer de Ryn by syn striid tsjin syn healbroer Chilperic. Sigebert lokke in leger fan Friezen, Saxers en oare folken om him by te stean en sadwaande twong hy Chilperic ta frede. Oars soene de hierlingen wol wat bút meitsje, sa wie de driging. Earder hie ek Chilperic oan de Friezen en Saxen tasein om by plonderingen fan syn broer Sigebert syn lannen de bút te dielen. De hulpbindes besochten no om harren lean te krijen troch rôftochten yn it gebiet fan Chilperic wêrnei it hiele gebiet ferfoel oan Sigebert.

 

Letter doe is Sigebert fermoarde en syn frou en bern yn finzenis nommen yn Parys, dit troch de wraak fan Fredegonda de frou fan Chilperic. Sa krige Chilperic ek East Frankryk yn'e macht, wêrtroch de Friezen, hokker har brûke litten hiene troch Sigebert harren in hoartsje rêstich holden.

 

Ien fan de machtichste mannen fan Austrasië seach kâns om it âlvejierriche soantsje fan Sigebert, Childebert II, te befrijen en oer te bringen nei Metz. Dêr makken se de lytse prins fuort Kening. Chilperic, fan Austrasie berôve, waard no wol ferplichte om in ferbûn te slúten mei de jonge Kening en him te erkennen. Koart dernei waard Chilperic fermoarde. Childebert II, holpen troch de Friezen, ûndernaam in protte fjildtochten nei Itaalje om de lestige Longobarden yn'e stringen te hâlden.

Foar de safolleste kear waard Fryslân troch de see oerstreamd. Der ferdronken wer in protte minsken en fee en der wie dus wer in soad ellinde. Wylst it yn Frankryk al tweintich dagen oanien reinde begongen de rivieren en oare binnen wetters oer te streamen wie de moanne Septimber bûtengewoan sacht yn Fryslân. Beammen en blommen bloeiden wer as wie it maitiid. Pas letter dat jier waard it kâlder werby in protte minsken stoaren troch de sykte "rode loop". (Dysenterie, tige besmetlik, waard sa neamd om it bloed wat by de ûntlesting siet)

 

Twa jier letter yn 584 kaam der alwer in stoarmfloed oer Fryslân werby dus ek wer de bygeande ferliezen. It selde barde yn 586 wylst 588 in bûtengewoane wiete simmer kende mei stoarmen en hege floed oant let yn'e hjerst. Yn it lêste diel fan de sechste ieu wie Fryslân in "heidenske tsjusternis fan ôfgoaderij". Dat wie hiel oars yn Ingelân, wêr't de Angelen en Saxers mar ek oare folken Kristene waarden, foaral troch tadwaan fan de Frankische geastlikheid. Letter ha de Ingelsen in protte muoite dien om de Friezen te bekearen.

De Rynmûning waard rûn 600 bewenne troch de Warners, in Saxische folksstam. Om't dizzen tsjin de Franken yn opstân kamen, luts Childebert mei hjir mei in grut leger nei ta en roeide harren hast út. De pear dy't noch libben waarden troch de Friezen ynliive. Der binne guon dy sizze dat in diel fan de Warners flechte binne en oer de Vliestream nei flakby Starum bedarre binne en it doarp Warns stifte ha.

 

 

 

Tebek nei Skiednis