Fan 200 oant 250
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan 200 oant 250

 

Ek om dizze tiid: Perpetua en Felicitas wurde foar de wylde bisten smiten yn it amfitheater om harren Kristlike geloof.

 

Adelbold is stoarn yn it jier 208 n.K. en troch syn broer Titus steatsk en mei pracht en preal begroeven. Der is letter noch twist oer west wêr as dat wie, yn Grins oft yn Starum, de Fryske haadstêd, want dêr lizze de measte fan de Fryske Foarsten, foarâlden en sibben fan Adelbold en dat leit dêrom it meast foar de hân.

 

Yn it jier 217 brânde it Rea Klif wer en sa fûleindich dat de flam wol âlve dagen oanien fjoer spuit hat ta grutte noeden fan de bewenners dêr. De metoade wie dan meastal om ôfgod Stavo te freegjen om rie en dat wie no ek troch Titus befelje.

Trije dagen lang hiene se it earst sels mei brânoffers besocht. En it antwurd wie no wer dat hja trije krûken fol mei wetter ut'e Noardsee helje moasten. Dêrnei moast in wapene Ridder it wetter yn it fjoer jitte wêrtroch as de flam fuortendalik dôve soe.

 

It grutte Romeinske Ryk rekke stadichoan mear en mear yn't fersloer. De measte Keizers wiene ûndogiske, hearsksuchtiche, wraaksuchtiche, ûntuchtiche, skrokkiche, en oerdied leavjende minsken. Eigentlik wiene hja ta neat oars yn steat, en wie it sels te folle om te regearen. Net in soad fan de Keizers kaam troch in natuerlike dea oan syn ein, want it wie meastal moard en deaslach.

 

De Romeinske Steedhâlders hokker yn ús fermidden libben wiene machtich en eigensinnich en faak oppermachtich. Hja makken misbrûk fan harren posysje en wiene meast wreed en ûnderdrukkend tsjin de bewenners wêroer sy út namme fan de Keizer hearsken. Dat wie ek de oanlieding werom as de measte folken genôch hiene fan dy Romeinen en ûnder dat jok wei woene. De measte folken, út Fryslân, Neder-Germanië, it Noardelik Gallië en oare folken dy't dêrom hinne wennen sa as bygelyks Katten, Mattiaken, Usipeten, Tructeren, Marsen, Bructeren, Chamaven, Angrivaren, Tubanten, Cheruscen, Cauchen, wiene dêroer ienriedich. Se woene allegearre de Romeinen fuort jeie en ek woene se in ein meitsje oan de ynfallen op'e kust fan de woaste Noarmannen. Dit ferbûn wie de fûndearring fan it lettere machtige Ryk fan de Franken. Ûnder Titus wie it yn Fryslân yn ferhâlding rêstich west. Titus/Bojocalus hat Fryslân 53 jier bestjoerd en is stoarn yn it jier 240, hy is mei grutte ear begroeven yn in timpel fan Stavo yn Starum.

 

Ubbo, soan fan Richoldus, de broer fan Titus waard dêrnei troch de wichtichste Friezen ta harren Hartoch neamd yn stee fan syn omke Titus. Ubbo stie bekend om syn deugdsumens, syn wizens en in fredich man. Mei dy beneaming kamen der ek ferbetteringen op it mêd fan organisaasje.

Hoe ôfkearich ek fan oarloch moast hy dochs mei in leger nei Westfalen tôgje om't de Wenden harren dêr fêstige hiene en Fryslân mei rôverijen drigen.

Ubbo slagge der yn om harren in pear kear te ferslaan, en liet dêrnei in Kastiel bouwe om dy regio feilich te stellen. Hy neamde it kastiel Tito-Burgum, wêrnei de stêd Teklenburg is ûntstien.

Dit kastiel bemande hy mei soldaten om de oanfallen op Fryslân fanôf dy kant foar te kommen en de Wenden yn de stringen te hâlden. Dêr njonken, ek net ûnwichtich de bemasteringen feilich te stellen.

 

Om likernôch it jier 248 is, ûnder it regear fan Hartoch Ubbo, Dokkum stichte. Foarhinne skynt dêr in Slot stien te hawwen foar it ôfwarjen fan de Noarmannen, mar Ubbo hat dit plak ta in stêd makke. De earste namme fan Dokkum wie Dokkenburg. Dit wie in hânzestêd om de skipfeart en de keunsthannel te fergrutsjen. Ubbo hat Dokkum letter útwreide en fersterke, nei alle gedachten as buffersône foar de Noarmannen.

 

 

 

Tebek nei Skiednis