Fan 0 oant 150 jier
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Fan 0 oant 150

Yn it jier 4 soe it Read Klif healwei de simmer trije dagen oanien in grutte flam út spuit ha. Op de fjirde dei soe der in fjoerslang oft draak út it klif opklommen wêze om in healoere lang fjoer te spuien ta ôfgrizen fan de minsken om dêrnei mei de flam te ferdwinen yn it klif. Krekt as at it Klif in fulkaan wie hokker sa no en dan efkes fjoer spuide, wat foar de ûnwittende minsken sawol nuver as ferbazend west ha moat.

 

De Druïden ha it dêrmei tige oerdreaun, oer wat der bard is en de lettere lichtleauwige skriuwers ha it beskreaun as in boppenatuerlik wûnder om harren ferhalen wat “op te leuken”.

Asinga Ascon (71 f.Kr. - 11 n.Kr.), prins fan Fryslân stoar yn it alfde jier en is twaentachtich jier wurden. Hy is yn'e haadstêd Starum begroeven. As syn opfolger wurdt neamd Diocarus Segon (33 f.Kr. - 46 n.Kr.), hokker by ferkiezing troch it folk ta dizze hege funksje beneamd is. Diocarus Segon wie in neef fan Asinga Ascon en hie him al ferskate kearen as fjildhear yn oarloggen bystien. Hy stie bekend as tige moedich mar minder oarlochsuchtich as syn omke Ascon. Fan Segon wurdt sein dat hy net mei die oan de oarloch, mei de Germaanske folken, tsjin de Romeinen en dêrmei dus neat te frezen hie fan de wraak dy't de Romeinen dernei oer de Germaanske folken útstoarte.

 

Publius Quinctilius Varus (46 f.Kr. - 9 n.Kr.), Steedhâlder en generaal yn dizze gewesten, makke himsels troch syn heechmoedigens mar mear noch troch syn ûntuchtiche gedrach net bemind. Hy waard troch de folken hate te mear om't der in protte wrok ûnderhûds siet, want it wiene de Romeinen dy't harren frijheid rôft ha.

En dêrom ek waard, as it mar efkes koe, de striid wer oanbûn mei de Romeinen om de frijheid werom te krijen. Yn de praktyk holden de folken har koest, mar der wie Publius Quinctilius altyd gearspanning om in oerwinning op'e oerhearskers te heljen.

 

Varus wie stjoerd troch Augustus om de grins fan de Ryn op te skowen nei de Elbe-Donau grins (wer as ek Fryslân ta rekkene wurde moast). It sa oerweldige gebiet woe hy ta provinsje meitsje, sa wie it ek gien mei de Galliërs (Frankryk), Belgje, de Batavieren en oare Germaanske stammen. At se dat goed bemande en befeilige hiene, woene de Romeinen ek de rêstiger Noardliker Germaanske folken ûnderwerpe. Dat opskowen en “bepalen” (peallen dy't de Romeinen yn'e grûn sloegen, om de safolle Romeinske mil, sa as no de kilometer pealtsjes) fan de grins hie faaks ek wol slagge, mar prins Arminius (18 f.Kr.- 19 n.Kr. Germaan Hermann), fan de stam Cherusken (Hamburch), kaam nei jierren tsjinst yn it Romeinske leger thús en seach dat syn stam ûnder ferskriklike omstannichheden libbe en dat se troch Varus swier ûnderdrukt waard.

 

Arminius, (syn broer Flavus ek) is grutbrocht yn Rome, hy is dêr offisier wurden troch syn moed, en sels in Romeinske ridder, (fjildhear en fertrouwensman fan Publius Quinctilius Varus), mar hy kearde him no tsjin Varus om wat hy sjoen hie by syn folk.

 

Ek om dizze tiid: De Maya's bouwe timpels yn sintraal Meksiko, kalinder basearre op astronomyske observaasje.

 

Segestus wie lieder fan de Cherusken en in grutte tsjinstander (oergeunstich?) fan Arminius en hy hie in Romeinsk steatsboargerskip.

Ek Flavus wie offisier yn it Romeinske leger en dêrmei krige Arminius it letter oan'e stôk by de Wezer en dat rûn folslein út de hân. Segestus soe yn it jier 9 Publius Quinctilius Varus al warskôge ha foar in driigjende opstân en hie him sels oanret om Arminius en oare foaroansteande Cherusken te arrestearjen, mar Varus woe der neat fan witte. It hat alle wierskyn dat Arminius lilk wurden is omdat syn oansteande frou Thusnelda troch syn skoanheit Segestus (ek in Cherusk) ûntfiert wie. Segestus hie Thusnelda al oan in oar tasein, mar hy wist net dat se yn ferwachting wie fan Arminius. Earst waard Arminius dêr sels ek fan fertocht, mar dat bliek mear in frijwillige oerjefte west te hawwen (dy hie har “skaakt”), en dat Thusnelda frijwillich mei gien is. Arminius is belegere troch syn eigen folk en moast ûntset wurde troch Germanicus.

 

Segestus klaaide by Varus dêroer mar dy ûndernaam neat. Dit wie in skoan momint foar Arminius om in oarloch te begjinnen. Mar Segestus wie út rankune oerrûn nei de Romeinen. Dêrtroch wie it leger fan Arminius tige ferswakke en dêrom ek mijde hy de legers fan Germanicus.

In lyts part fan beide legers hat fochten, mar de ferliezen wiene oan beide kanten gelyk, ta in totale oarloch is it dit kear net kommen.

 

Ek om dizze tiid: útfining fan de kroade yn Sina, berte fan apostel Paulus, Romeinen stiften Castellum Fectio it hjoeddeistige Vechten.

 

 

Tebek nei Skiednis