Ezon stêd en Magnus Forteman
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Ezonstêd en Magnus Forteman

 

De Noarmannen wiene ek noch net genôch ôfskrokken want dy kamen wer yn'e Lauwers en stutsen alle, op 24 nei dy't dakpannen hiene, huzen yn'e brân. Mei help fan de Starumers koe Ezonstêd wer alhiel opboud wurde.

Wylst wiene der Friezen hokker harren berieden om it plonderjen fan de Noarmannen foargoed ôf te straffen. Yn gearwurking mei Dokkum en Boalsert hiene hja in oarlochs float yn tarieding wêrmei't se de kust fan Denemarken en Jutlân tramtearje soenen. Hja seilen mei 14 skippen op nei it Noarden en seis dêrfan gongen nei it Deenske kustgebiet. De oaren binne troch fean nei Noarwegen en ha der de doarpen yn'e brân stutsen.

 

Nei dat alles binne se wer op hûs oan gien en yn swiere stoarmen binne der in stikmannich skippen ferûngelokke.

Koart dernei, se koene der op rekkenje, kamen de Noarmannen wer ferhaal heljen fansels en gongen as in gek tekear.

De measte Friezen hiene skjin harren nocht fan dy plonderingen en beskuldigen de Starumers fan de oarsaak. De haadstêd betelle de minsken harren skea mei de bút dy't se al earder út Denemarken mei nommen hiene.

 

De Fryske Greef Dirk (806-808) stoar dat jier nei in koarte regeartiid. Karel joech de Friezen privileezjes, werûnder it sels te kiezen gesach, en sa waard Magnus Forteman de earste keazen bestjoerder fan Fryslân.

Neffens oerlevering is Magnus Forteman de man west hokker de “Friezen tsjerke” yn Rome grûn joen hat, de bekende “Church of Santi Michele e Magno”. Syn heit Gustavus Forteman hat sa mooglik de earste Kristlike tsjerke yn Almenum yn 777 boud, de saneamde “Kathedraal fan Almenum”.

Magnus is yn'e striid tsjin de Saracenen omkommen yn Fundi Navarra, Spanje. Syn lichem is mei nei Rome ta nommen en is dêr bedobbe, dernei is hy hillich ferklearre.

De “Friezen tsjerke” stiet deun by it St. Pietersplein en is it plak wêr't foarhinne de Friezen wennen yn Rome hokker der hingjen bleaun binne nei it ferdigening fan Rome troch de Friezen. Yn tal fan offisjele stikken wurdt dit feit oanhelle. De earst boude tsjerke troch de Friezen is ferneatige, mar yn 1141 is der in nije tsjerke delset, hy hat krekt wer in opkreas beurt hân en hy wurdt no mear as Nederlânske tsjerke sjoen.

 

 

 

Tebek nei Skiednis