Ekonomy
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Ekonomy

 

Swiid wiene de oerwinningen fan it lytse folk hokker altyd wûn en 'nea' ferlear, wylst de buorren Cauchen en Batavieren bygelyks al sa lang ûnder it jok fan de Romeinen te lijen hiene. It wie doedestiids net gewoan om moedich en tagelyk frijheidsleavjend te wêzen en dêr hiene de Romeinen wol respekt foar. It is foar gjinien folk in winsk om oerhearske te wurden troch in frjemde naasje.

Mar dêr stiet tsjinoer dat it ek heilsum wurkje kin. Fan it oerhearskjende leger en bestjoer wat safolle fierder is yn ûntwikkeling, kin it efter bliuwende folk in soad leare. Oars hiene se (sûnder de Romeinske oerhearsking) faaks jierren op it selde nivo en sûnder ûntwikkeling bleaun.

Hjir troch (omgean mei superieure folken) wiene der ferbetteringen yn'e húsfesting, de klean dy't se droegen, iten ensfh. en waard der folop guod ruile. En sa kaam der bygelyks ek muntjild beskikber foar de Friezen. De Romeinen yntrodusearren de draaiskiif foar it meitsjen fan ierdewurk en dan fral it meitsjen fan kruken en servys. Ek yn'e bou fan skippen en in hiel soad oare saken wêrfan de Friezen gjin “weet” hiene, learden se fan de Romeinen. Foaral izer, oare metalen en alderhande materialen wiene al gau ûnmisber. Foar de feefokkerij wie it in stimulaasje mar dus ek foar de lânbou, en sa makken se ark om it lân mei te berêden. No koene se weet ferbouwe, wat oars út Brittanë wei komme moast. Dit lêste wie tige wichtich foar de Friezen om't it net allinne iten wie mar it soarge foaral foar hannelskontrakten mei it leger en dus foar rykdom. Trochdat der mear om guod frege waard, foar it enoarme leger, wie der ek mear wurk foar de minsken en kaam de ekonomy pas goed op gong. De Friezen wiene tige goeie hannelslju.

De grûn waard mear wurdich, de boeren woene dat beskermje en op dy wize ûntstiene der buorkerijen. Sa hie it yn alle rjochtingen fan de ekonomy syn ynfloed.

De ferbiningen mei oare gebieten wiene better, ek foar de hannel, troch de oanlis fan, ferhurde, geanbere diken foar it ferkear. Al mei al in segen foar de foarútgong, bekwamens en de beskaving. Foar ien ding wie it net goed en dat wie foar it frijheidsgefoel fan de Friezen. Mar ja, safolle hiene se ek noch net leare kinnen fan oare fijannen.

As it no wie om it mistrouwen oft om de Friezen der ûnder te hâlden, der soe yn eltsengefal mear tasjoch komme op harren dwaan en litten en seker oangeande it kastiel Flevum. Gnaius Domitius Corbulo wie in Romeinsk befelhawwer ûnder de keizers Claudius en Nero (41 oant 68 n.K.) en hy liet, net sûnder reden, om dy tiid in sterke festing bouwe, likernôch wer as no de stêd Greens leit. Sa soarge hy der ek foar dat Fryslân in beskaafde steatynrjochting krige en hy ferbettere de wetten. Hy stelde de magistratuer oan en oare regearders, wat in grutte ferbettering wie foar it Fryske folk.

 

Ek om dizze tiid: de Romeinen bouwe de earste Timpel yn Elst (Gelderlân), de grutste yn it Noard-Westen fan Jeropa, Keizer Claudius lit yn Súd-Tirol troch 30.000 wurkers in tunnel grave ûnder de berch Salviano om it Fucin mear droech te lizzen en yn Rome wurdt in wet (senatus consultum) útfeardige om net langer ta te stean dat âlde en sike sklaven dea makke wurde.

 

 

Tebek nei Skiednis