Eala Fryslân
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

Eala Fryslân

 

Opheape út dridze, besiele troch swit en bloed,

Frysk bloed.

Fryske grûn, terpelân sûnder wjergea,

gisele troch floed.

Behurde Friezen troch striid op striid,

efternei sûnder treast.

It Fryske folk, dôfhûdich en mânsk,

mar mei in eigen geast.

 

Sljochteide terpen, it Fryske wêzen fergriemd,

fertraapje litten.

It Reaklif, troch tiid, is Fryslân

syn eigens ferjitten.

In eigen Fryslân, mei syn memmetaal,

hat gjin krêft mear oer.

Fryslân steatleas, delslein en gjin striid mear,

foar ivich yn't fersloer.

 

Ik langje nei dy Fryske geast fan dôfhûdigens,

oprjocht en hurd.

Wat kin ik oars, as myn ferealens op Fryske eigenens

beskamme wurdt.

Ik wol my net oerjaan oan it oerwâldzjen fan myn

Fryske bloedferbûn.

Oars bliuw ik toarstigjen, aanst as myn lea rêst,

yn fertutearze Fryske grûn.

 

 

Sjoerd F Talsma

 

Tebek nei Skiednis