Dorestêd, in betinksel oft histoarje
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

Dorestêd, in betinksel oft histoarje

 

Dorestêd, (Wijk bij Duurstede) lei op'e splitsing fan de Lek en de Kromme Ryn en wie de meast wichtige hannelsstêd fan Fryslân, doedestiids. De delsetting hat him ûntwikkele út in fort oan de eardere Romeinske grins, neamd Levefana.

 

“Wat jouwe de histoaryske boarnen oan? Dat der tusken rûchwei 600 en 1000 yndie in wichtige lokaasje west hat. De fraach is oft dat neffens de argeologyske fynsten ek it plak is wêr as Wijk bij Duurstede no leit. It is noch altyd de fraach oft Dorestêd dêr lein hat en wêr as dat dan krekt wie. En bin de boarnen te fertrouwen. De earste tekens fan Dorestêd komme út it jier 623 en as lêste wurdt der oer sprutsen yn 974.

Wêr lei Dorestêd krekt wêr't ek munten slein waarden. Der binne in fiiftich tal Dorestêd-teksten bekend wêrút ynformaasje helle wurde kin.

Bron : Encyclopedie van Friesland, t.a.p., p. 332

 

Dorestêd wie in haven en hannels plak by de Ryn mûning en it frege tol by foarby gean. It wie in “stêd” mei in soad tsjerken en lei net fier fan Traiectum (Utert) ôf. It skynt ek ûnder de Noarman Rorik syn ynfloed west te hawwen en foar it Frankyske Ryk wie it in prominint plak. It wie in grut en wichtich hannels plak foar fiere omkriten, in keapmans plak, mei oerslachhaven foar hannel op lange ôfstân. De skippen kamen út Ingelân, Skandinavië, Frankryk, Dútslân en fansels Fryslân.

 

Yn Dorestêd wurke de spesjalisearre berops hannel foar lange ôfstannen en foar lúks guod.

Hja diene hannel foar har sels, mar ek foar de Kening en krigen dêrfoar dan bysûndere privileezjes oangeande tol en sa.

Dorestêd liet oare hannelsstêden fier efter har yn it Noarden fan it Frankyske Ryk. Mogelik is de bloei te tankjen oan it opgean fan Frisia yn it Frankyske Ryk wêrtroch Fryske hannelers mear tagong krige ta Frankryk.

By Dorestêd wie der sprake fan in (emporium) oerslach oft steapel plak, dus gjin ienfâldige delsetting, mar in “stêd” mei in mearsellige struktuer. Har wichtigens blykt der ek út dat it in Keninklik domein wie mei douane mei grinsheffing en in Munt. Doedestiids waarden der meardere munten útbrocht op namme fan Dorestêd as wichtichst plak yn it Noarden fan It Frankyske Ryk en it Noardsee gebiet. Keninklike amtners soargen foar it barren fan ynkomsten út tol en hannel. De oanwêzigens fan Keninklike amtners en tsjerklike pretinsje, is Dorestêd mear útsprutsen dan de measte oare stêden lâns de Noardsee kust út dy tiid.

 

Yn Dorestêd stiene in soad tsjerken, want sa sei Acta Frederici “De Noarmannen stutsen yn 834 de see oer en kamen by Dorestêd, wat foarhinne grut wie en no Wijk bij Duurstede neamd wurdt en wêryn, sa as men seit, wol 55 tsjerken ta eare fan God boud wiene”. It liket in soad, 55 tsjerken, mar yn fergelykbere stêden, hiene Parys 26, Metz 40, Reims 22, Trier 20 en Lyon 18 tsjerken. Nei in perioade fan goede tiden waard de stêd hyltyd oerfallen troch de Noarmannen en hielendal plondere. It is opmerklik dat Dorestêd dat hyltyd wer oerlibbe nei ferwoastingen en brânen en wer op'e nij begûn, dat is tsjûge fan in grutte fleksibiliteit.

Mar yn 863 is it sa bot ferwoaste dat dêrnei neat mear fan Dorestêd is fernommen. Dat it net alhiel ferdwûn wie blykt út in oarkonde fan 896 wêryn Kening Zwentibold de rjochten fan Traiectum befêstige. Rjochten fan it Bisdom dy't jilden foar de oeren (oevers) fan Dorestadum en foar dyjinge hokker op'e landerijen fan St. Martinus wennen.

 

It byld dat fan Dorestêd nei foarren komt is fan in libbendige, brûzjende en fearkrêftiche hannelsstêd mei in grut efterlân, in Keninklik bestjoerssintrum, mei in haven, tol garders, in eigen munstslach, in soad tsjerken en lizzend op'e skieding fan de Franken en de Friezen. De stêd wie sa wichtich dat de striid om Dorestêd hyltyd befochten waard. Tusken 623 en 716 wiksele it wol gauris fan eigner, tusken de Friezen en de Franken. De vita Dagoberti beskriuwt hoe't Karel Martel en Dagobert per skip fanút Francië trochdrongen oant yn Fryslân. Je kinne dus oannimme dat Dorestêd op'e rûte lei nei Fryslân. De hjoeddeistige Utertse “Heuvelrug” wie in strategysk plak, dat as it Skiereilân yn see stuts foar it Fryske efterlân. In ferskriklike oerstreaming fûn plak yn 870.

 

Der is alris in (romme) skatting dien oer it jiergemiddelde fan sa'n 1500 oant 7500 potten (de ferpakking fan eartiids foar alles en noch wat) wat der ferfierd waard. Dat is trije skip ladingen yn it jier foar eigen brûken en wat der oer wie, wie foar trochfier”. Dat jilde lykwols ek foar Deventer.

Dat der minsken twivelje oft Dorestêd wol bestien hat is harren goed rjocht, mar dat nimt net wei dat nimmen bewize kin dat it net bestien hat.

 

 

 

 

Tebek nei Skiednis