De wraak fan Germanicus
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De wraak fan Germanicus (16 f.Kr. -19 n.Kr.)

 

Keizer Augustus hat besocht om krekt dy folken te wraken hokker it legioen fan Varus ferslein ha. Dat is him net slagge en dêrom woene se ûnder it regear fan Tiberius, alwer plannen meitsje om de folken lâns de Ryn te oerweldigjen. Pas fiif jier letter, jier 14, nei it grutste ferlies ea, stuts Germanicus de Ryn wer oer. De Marsen, in folk dat tusken de Eems en de Lippe wenne, (sawat by Steinfort) binne ûnfertocht troch de Romeinen oerfallen en dy ha alles wat hja tsjin kamen dea makke, man oft frou, âld en jong. Se ferneatigen alles, wol fiiftich milen yn't rûn.

De Romeinen mijden dêrby neat, ek gjin hillichdommen, wat ûnder de Germaanske folken foar in soad haat besoarge. Dit wie noch mar it foarspul en begjin fan harren wraak op it ferlies fan Varus.

 

Germanicus, de soan fan Drusus en in neef fan de Keizer hie it oerbefel oer de legers

dy't de folken lâns de Ryn wol mores leare soe, út wraak foar de eardere mislediging.

Under Germanicus hie Silius it oerbefel oer it haadleger, wylst Caecina mei in binde hierlingen it paad troch de bosken tariede soe.

Germanicus liede syn legers mei haast. Dat wie om, noch foardat Arminius mei lyksoartigen in leger byinoar hiene, nei it slachfjild fan Publius Quinctilius Varus ta te gean. Dit, om troch de oanblik fan'e slachting fan earder, de soldaten noch wraaksuchticher te meitsjen.

 

Ek om dizze tiid: Nero boud Castellum Flevum Velsen, de Gele rivier streamt oer, tûzenen ferdrinke en miljoenen binne dakleas, Herodes stifte de stêd Tiberias, Boedha earste kear toand yn Noard-Pakistan.

 

En yndie it slachfjild lei der noch krekt sa hinne mei ûnbedobbe deade Romeinen de ôfhakke hollen op in staach stutsen en oare grouwelje fan de Germanen. It makke de Romeinen poerlilk en sy woene graach wraak nimme ek al moast dat it eigen libben kostje.

De deade Romeinen oft wat der noch fan oer wie ha se earst bedobbe om dêrnei de jacht op it leger fan Arminius te ferfetsjen. De Romeinen waarden lykwols yn'e falle lokke net sa fier fan wêr't Publius Quinctilius Varus ferslein wie en dêr wist Germanicus mar krekt te ûntkommen. Wilens wie de simmer fan 15 n.K. hast oan ein en sochten de Romeinen de winter ferbliuwen op.

 

Op dy weromreis is Caecina, dy't op wei wie nei Castra Vetera (Xanten), oerfallen troch Arminius by Ponti Longi (lange brêgen). Hja ha dêr tige fochten om de brêge oer te kommen. Yn it jier 16 is de rûzje tusken Arminius en Segestus op syn hichtepunt. Segestus, dy't de frou fan Arminius (de dochter fan Segestus) meinommen hie, hie har no útlevere oan de Romeinen, nettsjinsteande dat se yn ferwachting wie. Dit wie oalje op it fjoer foar alle Germanen en dy keazen dêrom de kant fan Arminius.

It leger fan Arminius en oaren wêrûnder de Friezen ha de Romeinen dêr noch tige dwers sitten.

 

Germanicus woe it folgjende foarjier mei in noch grutter leger tsjin Arminius fjochtsje. Hy sammele in float fan wol tûzen skippen en dêrby noch in soad transport skippen. Mei dizze float fearen hja troch Fryslân op nei de Eems. Dêrnei gongen hja nei de Wezer en dêr oankommen sloegen se in grut kamp op.

Hjir moeten de legers inoar, wêrop in ferskriklike moarddiediche slachting folge en wêrby it leger fan Arminius folslein ferslein waard. Hysels en syn omke Inguiomerus ûntkamen troch te flechtsjen en troch harren sels ûnder it bloed te smarren sadat se net te kennen wiene. Tûzenen mannen fan Arminius syn leger binne omkommen om't se de Wezer yn flechten. Mar hja hiene sok swier kriichsark by harren dat se net boppe wetter bleauwe koenen en sadwaande ferdronken binne.

 

Tsien Italiaanske milen (ûngefear 14½ km.) yn'e rûnte ferspraat lei it fol mei liken, ferwûne soldaten en kriichsark. Germanicus hat dêrmei syn moed en ear befêstige,

hy hat wraak nommen op de Germanen foar it ferslaan fan it leger fan Varus en dat joech him grutte foldwaning.

 

Dêrnei wie de weromtocht lâns de Eems en de Noardsee foar de float ellindich en alderûngelokkichst.

In stoarm út it Noardwesten mei springfloed soarge dêrfoar dat alles ûnderstreamde en de soldaten troch it wetter harren reis fuortsette moasten. Om't hja de boaiem de omjouwing en de djipten dêr net koenen, rekken hja al gau yn grutte need. In soad soldaten binne doe yn'e nacht ferdronken bij heech wetter en wat dêr libjend noch oer wie, kaam oan fêste wâl yn Fryslân mar hja wiene deawurch.

Vitellius, ien fan de Romeinske legeroanfierders, wie út need mei twa legioenen fuotfolk, lâns de kust fan Fryslân gongen. Wêrnei se by de Romeinske platboaiem skippen yn de Middelsee oan board nommen wurde soene. Mar de reis fan de Eems nei dat plak ta, gong net sa flot.

 

Uteinlik koe Germanicus mei syn leger dochs oan board gean en lâns de Fryske wetters farre, troch it Flevomar en sa nei de Ryn.

Neidat alles wer sa'n bytsje byinoar fandele wie, binne se nei de winterlegers oan de Ryn ta gien yn it jier 17 n.K.

 

Ek Fryslân hat te lijen hâwn fan dy Noardwesterstoarm want der wie in protte skea west troch dy oerstreaming.

De Romeinen ha it wol faker besocht yn it Noarden, mar se hiene by lange nei net op harren wraaktochten it tochte doel berikt en dus wie, sjoen nei it resultaat, de teloarstelling grut.

Mar de Germaanske folken hiene ek hyltyd grutte ferliezen te ferwurkjen, troch oermoedichens oft troch mindertal.

Sa as die kear dat frjemde hierlingen Caecina troch Drinte en Oerisel nei in Romeinske fersterking liede soene, waarden dy troch de Germanen oerfallen. Mar doe't hja ek de Romeinske fersterking noch efkes oerfalle woene, wie de oermacht yntiids sa grut dat de Germanen swier ferlearen en op de flecht sloegen.

 

Mar de Friezen waarden gauris holpen troch it wetter en it waar. Want as de Romeinen op oarloch út wiene, dan kamen se mei it leger oer it wetter en dat gong nochal ris mis. Yn'e hjerst fan it jier 18 soene de Romeinen it wer besykje, mar

krekt as yn'e maitiid fan dat jier wie der no wer in swiere stoarm út it Noardwesten wêrtroch in protte skippen sonken, ûntheistere de see opdreauwn, of as ferlern beskôge wurde moasten.

De keningen fan de Britse eilannen stjoerden de dêr oan ta ôfdreaune skippen de see wer op. Germanicus kaam yn it lân fan de Chauken (East-Fryslân) oan wêr as hy mismoedich dei en nacht de kust op en del rûn, want hy fûn dat hy de skuldige fan dizze ramp wie.

 

Op harren tochten tsjin opstannige folken moasten de Romeinen hyltiten Noardliker en dat klimaat wie foar de Italianen net goed, ek net foar harren sûnens. Se wiene der net op klear, want de klean dy't se droegen wie fierstente licht en te tin. Hja wiene de kâlde, hurde en fochtige wyn (seedampen) net went. It waar yn Itaalje wie gâns nofliker foar harren. Dêr njonken hiene de soldaten te lijen fan skuorbûk wêrnei de Friezen oan Germanicus learden dat in krûd, it sa neamde Britten-krûd (Herba Britannica) tige helpe soe tsjin dy krupsje.

Dit krûd waard troch de Friezen ek brûkt foar û.o. slangebiten, fergif en foar kiel ûnt- stekking. Troch dizze hulp, mar foaral ek om't de Friezen Germanicus wol gauris holpen ha op syn tochten troch ûnbekende wetters, sa as it waad koene de Friezen wol in potsje brekke by de Romeinen.

 

Hja ha sels in kear it libben rêden fan in Romeinske fjildhear hokker drige te ferdrinken. Troch dat alles waarden de Friezen tige begeunstige en hiene se net folle te lijen fan de ûnderdrukking en de bluodderige oarloggerij.

 

Germanicus hie it plan om de oarloch yn Germanië fuort te setten, om sadwaande alle noch net oerhearske folken te ûnderwerpen oan Rome. Dat soe foar de maityd syn beslach ha moatte en hy makke mei it leger der al tarieding foar. Mar Keizer Tiberius twong Germanicus om nei Rome te gean, om, sa sei dy, de oerwinning te fieren. Yn werklikheid wie Keizer Tiberius in bytsje bang dat Germanicus te folle ear krije soe en der troch te machtich waard en dat hy him dan letter tsjin de Keizer keare soe.

Germanicus hokker tsjin it sin werom roppen is, hold op 26 maaie fan it jier 17 in “staticeuse zegepraal” yn Rome. En elts earde de man dy't de Germanen oerwûn hie en mei Romeinske wapens de úterste grinzen fan it Ryk festige hat.

Tiberius bearde diel hâwn te hawwen yn de ear fan Germanicus, mar stjoerde him net lang dêrnei nei it Easten ta en liet him dêr letter fergiftigje.

 

Yn it jier 19 hat Adgendestuis (de lieder fan de Chatten) ek oan de senaat oanbean om Arminius te fergiftigjen, mar de Romeinen wegeren om him it fergif te leverjen en woene Arminius mei it swurd ombringe. Arminius is letter troch ferrie, en troch eigen folk om it libben brocht omdat hy allinne hearskje woe, en besocht hie om Keninklike macht te krijen, hy is sânentritich jier wurden.

 

Ek om dizze tiid: Jezus wurdt dope troch Jehannes.

 

Nei al dat geweld wie it in skoftke rêstich yn Fryslân. Foaral omdat de Friezen harren skikten yn har lot om te foldwaan oan de jierlikse skatting. En dat is, sa as al earder oanjûn, in fêststeld oantal kowe oft ossehûden (oksehûden) en mannen. Fierder wiene se tefreden.

 

 

 

Tebek nei Skiednis