De Romeinen oant 0
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De Romeinen en Romeinske tiid, oant 0

 

De Frisii wiene in Germaansk folk dat be-Noarden fan de Ryn en lâns de wadden kust libbe yn'e tiid fan de Romeinen oant no ta. De Romein Publius Cornelius Tacitus ûnderskiede twa groepen Frisii, namentlik de maiores Frisii (Grutte Friezen) en de minores Frisii (Lytse Friezen).

 

Yn in omskriuwing fan Tacitus, in histoarikus fan de Romeinen, omskreaf hy de Friezen fan doetiids as folget:

 

“Wat is de natuer en it karakter fan it libben fan minsken dy't libje sûnder beammen en strûken. Wy ha yndie sein dat yn it easten oan de kusten fan de Oseaan, in oantal rassen yn sokke behelpsume omstannichheden ferkeare; mar dit jild ek foar de rassen fan folken hokker de Grutte en de Lytse Gauchen neamd wurde, dy't wy sjoen ha yn it Noarden. Dêr stoart twa kear yn in dei en nacht de Oseaan mei syn tij oer in ûnmjitlike flakte en dêrby kin de natuer syn ieuwen âlde striid net ferbergje oft dit gebiet no by de see oft it lân heart.

Dêr bewennet dit earmoedige ras ophege stikken grûn of ferhegingen wat se mei de hân dien ha om boppe it heechst bekende tij te bliuwen.

Libjend yn hutten dy't hja boud ha op dy ferhege stikken grûn, lykje hja seelju yn skippen as it wetter harren besingeld, mar op skipbreklingen as it wetter wer fuort giet. En de fisk dy't se besykje te fangen, mar dy't ek mei it wetter fuort wol mei it ôfrinnende tij wêrtroch dat tige muoisum giet. It is foar harren net mooglik om keppels fee te hâlden, en te libjen op molke sa as de oare stammen wol dogge.

Se kinne sels net iens mei wylde bisten fjochtsje om't de bosken sa fier fuort binne. Hja flechtsje tou fan sigge en bizen út de sompe om dêrmei netten te meitsjen om fisk te fangen.

En se grave modder op mei harren hannen en droegje it yn'e wyn wat se brûke as brânje (turf) om iten te meitsjen en om harren lichem te waarmjen, beferzen yn de Noarder wyn. Har ienige drinken komt fan reinwetter wat se opslaan yn fetten, bewarre yn it foarhôf fan harren wenning. En dit bin de rassen hokker, at se oerwûn wurde troch de Romeinen, sizze dat se ferfalle ta slavernij! It is och sa wier: It lot sparret de minsk by wize fan straf”.

 

(Mei oare wurden hja koene noch better slaaf by de Romeinen wêze dan hjir yn dizze oarde te libjen.)

 

De Romeinske perioade wie fan sa'n 57 jier f.K. oant om de by 476 jier n.K. oangeande it grutste diel fan west Jeropa, mar it Eastelik diel (it Byzantijnske Ryk) bleau noch oant 1453 n.K. bestean. De Romeinen hiene in superieur leger en de kennisse fan oarloggen en bestjoeren, boppedat wiene se geografysk goed ûnderlein. Mar it wie net altyd sa dat se alle fjochterijen wûnen. Faaks troch ûnderskatting oft te folle wollen ferlearen se noch wol ris. De slach by Adrianopel (augustus 378, in eintsje Westlik fan Istanboel en tsjinwurdich Edirne) sil fêst in grutste delslach west ha. It wie in striid fan de Goaten om ek al ûnder de swiere belesting wei te kommen. De Romeinen binne úteinlik, mei in leger fan sa'n 12000 mannen, swier fernedere en mar in lyts groepke bleau der fan yn libben.

Ek om de Friezen te oerhearskjen is it ta mannich oarloch kommen tusken de Romeinen de Friezen en oare folken. Sa no en dan waard der wol ris in lyts oerwinninkje helle, mar op it eintsje fan beslút wiene de Romeinen dochs de baas. Fanôf 12 jier f.K. (ûnder Keizer Gaius Julius Caesar Augustus 27 f.K oant 14 n.K) oant 68 n.K. (Nero Claudius Caesar Augustus Germanicus) ha se besocht om it Fryske folk te ûnderwerpen, mar (behâldens inkele oerienkomsten) is it nea echt slagge. De Romeinen wiene der ek net altyd op klaait, benammen yn'e winter hiene se it wol ris kâld en bleaunen se meast yn harren winterkampen (oft wintersterkten). Hja wiene op it klimaat oan'e Fryske kust yn eltsengefal net oergeunstich en wiene leaver yn Itaalje en net yn't lêste plak om it sompige terrein yn dizze omkriten doedestiids. De Romeinen dy't, yn'e tiid dat Jezus berne is, al sa'n 2 ieuwen oan útwreiding fan Itaalje diene, kamen Fryslân stadichoan neier. De Romeinen tochten de Frisii gau efkes oermasterje te kinnen, mar dat wie in grutte misrekken. Dat barde pas yn it jier 12 n.K. min oft te mear. De folken súdlik fan it doedeistiche Fryslân hiene se al ynnaam, sa as de Galliërs, de Eastlike Germanen, België en de Batavieren. (de lêste hiene in partsje Frysk bloed yn'e ieren ).

 

De Romeinen kamen net allinne mei soldaten (enoarme legers) dizze kant út, der wiene ek alderhande ambachtslju by sa as de smid, de timmerman, slachter, mitselder, bakker, boekhâlder ensfh. Der moasten brêgen boud wurde mar der moast ek bôle bakt wurde, alle dagen wer. En net allinne iten foar de minsken mar ek iten foar bygelyks de hynders.

 

 

 

Tebek nei Skiednis