De rivieren
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

De rivieren hiene in grutte betsjutting

 

De Ryn hat syn boarne yn it gebiet fan de Lepontiërs, in Alpenfolk, streamt dan troch it lân fan de Nantuaten, de Helvetiërs, de Sequaners, Mediomatrikus,Tribokers, Treverers, dielt op yn ferskate earmen as it tichter by de Oseaan komt. It foarmet dêrby grutte eilannen hokker bewenne wiene mei barbaren en wylde folken dy't libje fan fiskjen en aaien fan de fûgels. Uteinlik eindiget it yn in mûning oan'e Oseaan.

 

De Ryn is yn ús ferhaal, it ferhaal fan de Friezen, in wichtige skiedsline west tusken de Romeinen en de Friezen. En dêr komt noch by fansels dat Dorestad oan'e Ryn lei.

De Ryn komt rûchwei by Arnhim (Spijk, Millingen) Nederlân yn en is folslein sa'n

1233 km. lang wylst de boarne op in hichte leit fan 1600 meter. De namme komt mooglik fanôf it wurd “rei”, dat “streamen” betsjut en giet fan begjin oant ein troch Switserlân (as boarne), Lichtenstein, Eastenryk, Dútslân, Frankryk en as lêste Nederlân. Dy beneaming “rijn” wurd trouwens ek brûkt by de mealstien fan de mûner.

 

Oan û.o. de Ryn leit Wijk bij Duurstede, en dat plak hat ús boppegewoane ynteresse fansels want yn foargeande tiid, yn'e Fryske tiid, hjitte dy stêd Dorestêd. Alhoewol der hiele diskusjes binne oer it gelyk hawwen as Wijk bij Duurstede wol Dorestêd is, wol ik my dêr net oer útlitte, ik ha de pretinsje en kunde net om my dêr yn te mingen. Mar ik gean der wol fan út dat it sa is, om de ienfâldige reden dat it foar my hiel oannimlik is. Der binne ek minsken hokker it der muoilik mei ha dat Fryslân bestien hat dus sis it mar. Tsjûge is in diskusje op ynternet:

 

"Delahaye beweert dat Friesland toen niet bestond, maar het bestond wel zeker, het was juist een van de rijkste en dichtbevolkste delen van West Europa, zoals ook uit de vele goud- en zilvervondsten mag blijken.". ( Bron: Diskursygroep op Nifterlaca)

 

Rûnom Wijk bij Duurstede binne yn eltsengefal kastielen boud, yn'e Romeinske tiid, in Castellum en dat soe Levefanum wêze kinne. Dat kaam fansels om't Wijk bij Duurstede op in strategysk plak lei, it wie krekt as kaam alles dêr byinoarren. Yn de Romeinske tiid wie de Ryn de ryksgrins en is der yn foargeande tiden, yn ferskate tiidrekken hiel wat ôffochten yn en om Wijk bij Duurstede. Yn de santiger jierren wiene der al fjochterijen fan Civilis tsjin de Romeinen, en yn 692 û.o. hat Redbad it noch ris oerdien. En dat wie noch lang net de lêste kear. Lâns de fertakkingen fan de Ryn wiene in hiele protte plakken fia it wetter berikber en as “ferkearsier” hat de Ryn yn'e skiednis mear as wichtich west.

 

Der kin oannommen wurde dat de Bataven, de Belgen en Franken oan de Súd kant fan de Ryn libbe ha, yn'e buert fan de rivieren oft fierder Súdlik (Germania Inferior). Boppe de Ryn (Noard en Noardwestlik) de Friezen en (Noard en Noard Eastlik) de Chauci, de Saksen, de Longobarden (Germania Superior). Súd Eastlik de Chatti en Chamaven.

 

De stam Cananafaten (in ôfsplitsing fan de Chatten) wenne sa ûngefear tusken Noordwijk aan zee en Naaldwijk yn, oan'e kust.

Cherusken en Chauken oft Chauci (Noard Dútslân tusken Eems en Elbe, Hamburch).

 

Men moast net ferjitte dat de gefolgen fan de iistiid (ein fan'e iistiid sa'n 11.000 jier lyn) grut wiene. It opwaarmjen fan’e ierde, wat doe al yn gong setten is en de seespegel stiigjen die, hat der mei foar soarge dat de iistiid einige is. (sjoch mar by terpen)

It fersonken (en fergetten) “Doggerlân” lei tusken Denemarken, Ingelân, Noarwegen en Nederlân yn, en besloech sis mar de hiele Noardsee. It wie droech lân en it wie dêrom mooglik om fan Noarwegen sa nei Skotlân te rinnen om dan fia Fryslân yn Denemarken te einigjen, en dat sûnder wiete fuotten te krijen!

 

Dat lân waard doe al bewenne, troch lytse swalkjende kloften minsken, betûft yn jeien en fiskjen. Letter is, sa as wy no witte, dat bekken fol rûn mei wetter troch teiwetter en it wetter út û.o. rivieren as de Ryn, Elbe, Wezer, Oder, Maas, Schelde, Theems esfh. Troch it opwaarmjen fan'e ierde kaam it seewetter ek stiloan heger. En sa hiene de Friezen in Noardsee, Eastsee, Sudersee en Middelsee.

Yn'e Romeinske tiid waard de Noardsee ek wol Mare Frisicum oft Mare Germanicum neamd.

 

 

Tebek nei Skiednis