De Kelten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De Kelten

 

Oant safier noch neat oer de Kelten, in folk wêrmei wy in soad oerienkomsten ha.

In folk út sintraal Jeropa wat úteinlik fersille rekke is fan Turkije oant Ierlân, mar gek genôch, wurdt oannommen, net yn Fryslân. Mar it hat der in soad fan dat dat net alhiel wier is. De earste Kelten binne wierskynlik sa'n 1000 jier foar Kristus Jeropa binnen kommen. Rûn 800 f.K. (de Hallstatt-perioade, neamd nei dy Eastenrykse stêd omdat dêr prachtige Keltyske keunst wurken fûn binne) wiene de Kelten al fia de Balkan oant Sud-Dútslân ta kommen. Dêrnei, oant 300 f.K. wiene se al fersille oer Itaalje, Portugal, Spanje en Frankryk. Yn de Jeropeeske lannen is der net folle mear fan de Keltyske perioade te merken. Dat is oars yn Ingelân en fral yn Ierlân wêr noch wol Keltyske ynfloeden oerbleaun binne.

 

Troch Griken en Romeinen waarden se Galatae, Keltoi oft Celtae neamd en dy fûnen har mar barbaren hokker graach oarlogje mochten. Hja hiene oerienkomstich mei de Friezen djip respekt foar de natoer en de ferearing fan wetter en bosk. Harren hillichdommen wiene ek yn'e iepen loft te finen.

 

Troch de ferhalen oer Druïden (prysters) en de Bardenzangen by de Friezen, hat it dêr wol grutte oerienkomsten mei. Ek de Kelten joegen har skiednis en helden-dieden troch mei de Bardenzangen dat as ferbale keunst sjoen waard. Se hiene wol skrift, mar dat brûkten se net om oerleverings ferhalen op te skriuwen, mar inkeld foar deistige berjochten. De Kelten wiene doe al in komplekse en fariearre mienskip, tsjûge de La Tène styl (ek neamd nei in fynplak yn Eastenryk) fan yngewikkelde figueren en foarwerpen. Fral de wapens fan de Kelten wiene prachtich fersierd. Nei 500 f.K. wurdt dêrom ek wol de La Tène tiid neamd.

 

Dy tiid is tekenjend fan in oare styl fan de keunstwurken en dat wie ek de tiid dat it swiertepunt fan de hannel fan de Kelten út Eastenryk ferlein is nei Sud-Frankryk (it hjoeddeistige Marseille).

It wiene feardige miners, smeiers, buorkers, bouwers, keaplju ensfh., mar de ûnderlinge sosjale gebrûken, gewoanten en taal ferskilde nochal. Mar boppe al blonken de Kelten út yn it meitsjen fan sierwurk en juwielen.

De Kelten wiene net ien homogeen folk oft libbe yn ien lân, mar in folk mei grut ûnderskaat ek yn grutte, mar it wiene beslist gjin wylden sa as de Romeinen eartiids foarkomme litte woene.

De âlde Friezen sille der fêst wat fan meikrigen ha. De Kelten binne úteinlik ferdrongen (haadsaklik nei Ierlân) troch de Germanen en letter ek troch de Romeinen.

Oant yn Noard-Ingelân en Ierlân ha de Romeinen de Kelten noch befochten. De Kelten, gâns betatoeeërd en fan top oant tean ynsmard mei oarlochs kleuren, befochten de Romeinen neaken. Fan it Kristlike geloof dat de Romeinen, ûnder Keizer Constantijn, ferkundigen woene hja neat witte. Doe't de Romeinen noch goaden hiene lykas Apollo en Mercurius, dus noch f.K., hiene de Kelten al har eigen goaden ôflaad fan de natoer.

 

 

 

Tebek nei Skiednis