De Fryske adel en Fryske wetten
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

De Fryske adel en de Fryske wetten

 

It oanlizzende Greefskip Yslegouwe (East en West Stellingwerf) hearde by de lannen fan de Neder-Saxers. It is seker dat de haadmannen fan dizze gewesten, Greven oft steedhâlders, oansteld binne troch Karel. De lettere hearskers, meastal keazen út de Fryske Adel, foarmen it regear fan Fryslân. Neist de Greve oft Hartoch waard in twadde rjochter oansteld, in Aesga, troch it folk keazen en troch de Kening yn it amt beneamd.

De Hartoch oardiele oer de swiere misdieden, de boargerlike en jildkwestys heare ta de Aesga. In tredde rjochterlik persoan is de Schelta, hokker belêste wie mei it ynfoarderjen fan toljilden en belestingen. De Vrona oft Frana wiene ferantwurdlik foar de útfiering fan de fonnissen fan de Greef en Aesga; it yn finzenis nimmen fan misdiedigers en de ynname fan boetes.

 

Karel liet de Friezen wol regeare neffens Fryske wetten, opsteld en útwreide troch tolve wize mannen. Iepenbiere rjochtsittingen hiene meast plak yn'e iepen loft, op in ferheging, dêr spesjaal foar makke, Weer oft Weerstal (Upstalbeam?) neamd. Karel ûntnaam de Fryske Adel it frij besit fan erfguod en joech it yn lien. Dy beslissing soe de oarsaak wêze fan de ûnfrede ûnder de Fryske Ealen en harren stipe oan de Saxers tsjin Karel.

 

Karel soarge dus foar in gruttere ôfhinklikheid en ûnderdienskip fan de machtichste Friezen. Dat kaam fansels troch harren moedigens en militêre kunde, dat wist Karel ek en hie dêr hege achting foar.

Op de Ryksdei yn Paderborn soe it beslút nommen wurde om de Saxers en harren helpers, de Friezen mei wapens ta rede en ûnderwerping te bringen. Karel, ek wol Saxenslachter neamd, stjoerde út minselikheid dochs mar in gesant nei de Saxische kriigshearen Widukind en Albion.

 

Dit om te hearen oft hja de Kristlike Godstsjinst ek oannimme woene. It gefolch wie in folsleine ûnderwerping oan de Franken, oanname fan it Kristendom en ferjouwing as ûnderskikte fan Karel.

 

De Friezen sluten ek frede mei Karel en tsjinnen noch jierren yn syn leger. Sa waarden de Hunnen (Hongaren) mei help fan de Friezen yn trije fjildslagen oerwûn.

Sa ûnderstipen de Friezen Karel mei folk en skippen yn'e fjildslach tsjin de Wilten (oft Wilzen). No't de rêst yn Saxen en Fryslân ûntstien wie koene de foar Noarmannen en Saxers flechte prekers ek wer werom nei Fryslân. Krekt as Tako Forteman, mar Botte Forteman waard ûnderweis syk yn Keulen en stoar, wylst Feiko Forteman yn Skotlân is fermoarde. De Kening naam wraak op de gearspanners troch se te rêdbraken en harren dernei te ûntholjen.

 

 

 

Tebek nei Skiednis