De earste Friezen om útens
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

De earste Friezen om útens

 

 

Friezen wiene sa lang as se der binne al minsken hokker graach reizgje mochten. De earste bewizen dêrfan binne (as neifleagen fan de grutte folksferhúzing) yn Greefskip Kent (East Anglia en Lincolnshire, Ingelân) te finen. De Friezen wiene neist de Britten (“Brittones”) en Angelen (“Angiloi”) ien fan de trije stammen dy't yn Brittanië wennen.

Hengist en Horsa, twa Friezen, soannen fan Hartog Udolph, geane opsyk nei nije grûn. Yn ± 300 á 450 wiene der in soad minsken ûnderweis en dêrfan gong in part nei Ingelân ta, sa ek dizze mannen, en stiften dêr in meinskip. Hors oft hynder yn it Ingelsk komt yn harren wapen foar. De nammen Friston en Freeston dogge der ek noch oan tinken. Mar ek dat de ôfkomst fan dy namme yn dy plakken wol bekend is. It wurd oanjûn op harren eigen side yn Ingelân:

 

The Place Name Evidence: Flagge fan Friston en wapen fan Kent (Ingelân)

"Friston is widely accepted to mean ‘enclosure or settlement of Frisians’ and at least one of the urns from the Snape cemetery, found during pipe-laying in 1972, is of Anglo-Frisian type. However the name itself may well have only come into usage at a later date, in at least the 8th century AD, to describe a small settlement or several scattered homesteads of peoples originally from Frisia."

 

Yn kroniken lykas dy fan Procopius (nei 562 yn Byzantijnsk) wurde Friezen faaks oars neamd, sa as yn dit gefal "Phrissones", (Transcriptie fan Frisiavones), en dat kin wol ris betiizjend wurkje foar de lêzer. Hjoed te dei bin der in hiel protte organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei de Fries om útens.

De namme seit it eigentlik al, it binne Friezen dy't bûten Fryslân wenje. En gong it eartiids om Ingelân, no geane se nei û.o. Feriene Steaten, Austraalje oft Kanada.

 

Foar de ûnwennigens binne der nei ferrin fan tiid ferienings kommen sa as Rie fan Fryske beweging, Fryske krite, Frysk Bûn om útens, ensfh. Ferhalen dêroer, lyk as “It wrede Paradys” fan Hylke Speerstra, bin populêr en foar guon in pree.

Foaral ein njoggentjinde, en begjin jierren fan de tweintichste ieu ha in soad Friezen harren gelok earne oars socht.

 

 

 

Tebek nei Skiednis