Claudius Civilis 2
Tsjummearum

Sjoerdco.nl

 

Jo binne hjir by

 

Skiednis fan ús moaie Fryslân

 

 

Claudius Civilis (2)

 

 

Yn de Romeinske legers tsjinnen ek in protte Batavieren wert Claudius Labeo ûnderbefelhawwer oer wie. En dizze soldaten rûnen oer nei Claudius Civilis, de haadman fan de Batavieren, en dêrtroch hellen de Batavieren en de Friezen wer in wichtige oerwinning. De measte Romeinen flechten en wiene allang bliid dat hja ûntkomme koene nei it legerkamp Vetera. Dit kamp lei oan'e Ryn flakby Xanten (Dútslân).

 

Claudius Civilis wist acht bindes fan Batavieren yn Romeinske tsjinst oer te heljen om harren oan te sluten by him. Al hoewol fjildhear Flaccus miende keare te kinnen dat se it Romeinske leger ferlieten en nei harren lân werom gongen, slagge dat net.

Want de mannen kearden har tsjin de Romeinen, de hierlingen fochten no harren frijheid temjitte en hellen by Bon de oerwinning. No koene se harren oanslute by Civilis en dat wie gâns in fersterking foar de Batavieren.

 

No belegere Civilis it Romeinske kamp by Vetera, (Xanten, Dútslân) mar krige dat net earder yn hannen dan it jier dêrop, en dat hat in protte muoite koste. Vocula in Romeinske befelhawwer, waard wol noch stjoerd mei syn leger om Vetera te befrijen, mar út eangst foar de Batavieren en oansluten folken, bleaunen se yn Gelduba. Dat wie in plak dat heecherop oan de Ryn lei om har ta te lizzen op'e wapenhannel. Koart dernei stjoerde Civilis de moedichste en noazele Batavieren en in diel Dútsers ûnder Julius Maximus en Claudius Viktor om Vocula te Gelduba te oerweldigjen.

 

Lykwols ûnderweis kamen se it winterleger fan de Romeinen oer 't mad. Dat barde by Assiburgium, wat ek in legerkamp wie oan de Ryn dat lei tusken Vetera en Gelduba yn.

Hjir hat in iislike en moardiedige slachting plak fûn ûnder de Romeinen en dêr hie net folle fan harren oerbleaun as net de ferwachte Gallische bindes kommen wiene, dan hie it ferlies foar harren net te oersjen west. Dochs nei de komst fan de Gallische hulpbindes fan de Romeinen wie de moed fan de Batavieren gâns slonken. Earst wiene hja oan de winnende hân mar no wiene de measten fan it Bataafske fuotfolk fermoarde, wylst de ruters gelokkich oan it gefaar ûntkomme koenen.

 

No wie ek it belis troch Civilis fan Vetera net mear te hâlden en moast needsaklikerwiis opbrutsen wurde, mar is koart dernei ferfette. Gelduba waard ynnommen troch de Batavieren en dêrtroch koe oan de Romeinen no mear ferliezen tabrocht wurde. Derby wie de rigel en tucht, ûnder de Romeinen, praktysk net mear oanwêzich want de rôvjende soldaten fermoarden harren eigen opperbefelhawwer Flaccus, wylst Vocula amper oan de dea ûntkaam. Civilis makke no haadkertier op yn Keulen.

 

Civilis hie him mei in leger, gearstald út Dútsers, Chauken en Friezen, by Vetera deljûn. Cerialis hastige him mei in leger nei Civilis, om dêr mei syn bêste soldaten de striid oan te gean. Mar Civilis hie, troch in daam yn'e Ryn te meitsjen, it rivier wetter oer de fjilden rinne litten en dus koene de legers inoar net berikke. Lykwols de drystmoedige Chauken en Friezen koene swimme en koene sadwaande de Romeinen stikem oerfalle en bespringe. Troch dizze set waarden hja yn úterste ferlegenens brocht en wie alles sadwaande yn disoarder rekke.

 

De oare deis gong it fjochtsjen wer fierder en wie it foardiel oan Civilis syn kant. In oerrinner út it leger fan de Batavieren wiisde Cerialis de wei wer as hy it bêste troch it ûndjippe wetter gean koe mei syn ruterij. It wie in plak wer't de bewekking net folle foarstelde om sadwaande it leger fan Civilis fan efteren ûnferwachts oan te fallen.

Sa barde it ek en troch de ruterij fan efteren en it legioen fan foarren oan te fallen waard der troch dy oerfal in ferskriklik ferlies tabrocht oan it leger fan Civilis, weroan in swiere reinbui en de nacht in ein makke. Civilis luts him út de belegering werom en gong nei in eilân fan de Batavieren.

Hy besocht dêrnei om mei hulp fan Tutor, Classicus en syn omke sizzer Verax, fjouwer leger festigingen fan de Romeinen te oerfallen. Dat wiene nammentlik Arenacum (Arnhem?), Batavodurcum (Wijk bij Duurstede), Grinnis (Renen) en Vada (Wageningen?). Dochs dan hie de iene de oerhân en dan wêr de oare en hoewol dêr in soad folk sneuvele kaam der gjin beslissing út fuort.

 

Koart hjirnei foel in grut part fan de Romeinske float yn hannen fan Civilis en in protte yn finzenis.

Cerialis mei fan gelok sprekke dat hy net oan board wie fan syn galei oars hie hy ek yn finzen nommen west fan syn fijannen. Al dit fjochtsjen wie ek noch om'e neat as hy net sa ûnfersichtich west wie. En dan wie der noch in striid op it wetter west, wêr as de Maas en de Ryn byinoar komme.

Derby luts Civilis him it earst werom, en gong op nei Fryslân, wêrop Ceriales in eilân fan de Batavieren noch efkes plondere, mar kaam net oan it eigenene fan Civilis. En wylst hja sa dwaande wiene hiene se njonkelytsen skjin harren nocht fan de oarloch.

 

Civilis krige yn'e smizen dat it wol muoilik bliuwe soe om, dy dochs noch wol, machtige Romeinen fan harren ôf te hâlden. Dêr kaam noch by dat syn eigen, en al dy oare folken, der moedeleas fan waarden, en de hoop dat se de Romeinen ris ferslaan soene mar farre lieten. Oan de kant fan de Romeinen, hoe machtich ek, seagen se wol yn dat de bewenners út dizze oarden tige moedich wiene en alles foar de frijheid oer hiene. Boppedat wie it Romeinske leger, dat benammentlik Romeinen bemande, in waarmer klimaat en in hurdere grûn ûnder de fuotten wend.

 

Dêr njonken wie der yn'e hjerst troch de wietens faaks neat te dwaan. Fral troch it hege wetter en it ûnbekende sompige gebiet sûnder diken die har de das om.

En troch it kâlde waar yn'e winter hiene hja te krijen mei alderhande syktes.

 

Dit alles hie as gefolch dat Cerialis yn it jier 70 de frede, op fernederjende foarwaarden, oanbiede oan Civilis. Dit wie foar Civilis de kâns om de oarloch te eindigjen. En omdat hy net rekkenskip ôfdrage woe oan eigen folk wêrom hy dat net dien hie, hat hy dit oanbod fan Cerialis oannommen. Op in brêge oer de Ysel kamen de beide foarmannen mei-inoar yn petear.

Cerialis misjegene Civilis tige oer syn striid tsjin de Romeinen, wer tsjin Civilis syn beskôging ynbrocht, mar úteinlik ha se it ta in ferbûn brocht, wêrby beide de wapens dellein ha. Nei dit alles wiene de Friezen, Batavieren ensfh. ta eintsje fan beslút wer bûnsgenoaten mei de Romeinen en driuwden se der ek wer hannel mei de earst kommende twahûndert jier.

 

 

 

Tebek nei Skiednis